From Wikipedia, the free encyclopedia
De echte hûneftigen (wittenskiplike namme: Caninae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), it ûnderskift fan 'e hûndieren (Caniformia), it tuskenskift fan 'e echte hûndieren (Cynoidea) en de famylje fan 'e hûneftigen (Canidae). Dizze taksonomyske groep omfettet de hûnen, wolven, foksen, jakhalzen, prêrjewolven en in grut tal oare, minder bekende bistesoarten.
Echte hûneftigen | ||
De reade wolf (Canis rufus). | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | sûchdieren (Mammalia) | |
skift: | rôfdieren (Carnivora) | |
ûnderskift: | hûndieren (Caniformia) | |
tuskenskift: | echte hûndieren (Cynoidea) | |
famylje: | hûneftigen (Canidae) | |
ûnderfamylje: | echte hûneftigen (Caninae) | |
Fischer von Waldheim, 1817 | ||
De echte hûneftigen wurde ûnderferdield yn 'e tûken fan 'e echte hûnen (Canini), de echte foksen (Vulpini) en de grize foksen (Urocyonini). Echte hûneftigen binne lânseigen op alle wrâlddielen mei útsûndering fan Antarktika. Ien echte hûneftige, de hûn, eins in ûndersoarte fan 'e grize wolf, is lang lyn al troch de minske domestisearre, en is hjoed de dei ien fan 'e meast holden húsdieren.
|
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.