From Wikipedia, the free encyclopedia
De hûndieren of hûnfoarmigen (Latynske namme: Caniformia) foarmje in ûnderskift fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia) en it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora). Dit is mei de katdieren (Feliformia) ien fan 'e beide subgroepen fan 'e rôfdieren. Ta de hûndieren wurde net inkeld de hûneftigen rekkene, mar ek de bearen, martereftigen, seehûnen, walrussen en ferskate minder bekende groepen bisten. De ferdieling fan 'e rôfdieren yn 'e hûndieren en de katdieren is yn 'e mammalogy in rûnom akseptearre praktyk, al wurde de beide groepen soms gjin ûnderskiften, mar boppefamyljes neamd.
Hûndieren | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | sûchdieren (Mammalia) | |
skift: | rôfdieren (Carnivora) | |
ûnderskift: | hûndieren (Caniformia) | |
Kretzoi, 1943 | ||
De hûndieren ûnderskiede har fan 'e katdieren troch de foarm fan 'e bulla tympanica, in bolfoarmige romte dy't it middenear omfettet. By hûndieren bestiet de bulla tympanica mar út ien romte, wylst er by katdieren út twa keamers bestiet. Op basis fan dit evolúsjonêre gegeven is fêststeld dat de hyena's, dy't uterlik mear fan hûneftigen wei hawwe, eins nauwer besibbe binne oan 'e kateftigen.
De soarten dy't ta de hûndieren hearre, rinne yn grutte útinoar fan 'e wezeling (Mustela nivalis), mei in kop-romplingte fan 18½ sm en in gewicht fan 95 g, oant de súdlike seeoaljefant (Mirounga leonina), mei in lingte fan 4,5 m en in gewicht fan 3 ton. Ek de beide grutste lânrôfdieren fan 'e wrâld, de Kodiakbear (Ursus arctos middendorfii) en de iisbear (Ursus maritimus) hearre ta de hûndieren. De hûndieren komme foar op alle wrâlddielen, Antarktika ynbegrepen.
|
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.