Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Donald P. Bellisario (folút: Donald Paul Bellisario; Cokeburg (Pennsylvania), 8 augustus 1935), is in Amerikaansk tillefyzjeprodusint, regisseur en senarioskriuwer fan mingd Italjaansk-Servysk etnysk komôf. Hy is benammen bekend wurden troch populêre tillefyzjesearjes as Magnum, P.I., Airwolf, JAG en NCIS, dy't ek op 'e Nederlânske tillefyzje útstjoerd binne of wurde.
Donald P. Bellisario | ||
regisseur en/of produsint | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Donald Paul Bellisario | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 8 augustus 1935 | |
berteplak | Cokeburg (Pennsylvania) | |
etnisiteit | Italjaansk Servysk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | tillefyzjeprodusint, regisseur, senarioskriuwer | |
bekenste produksje(s) | Magnum, P.I. Airwolf JAG NCIS | |
jierren aktyf | 1976 – 2007 | |
offisjele webside | ||
gjint |
Bellisario waard yn 1935 berne yn it stienkoalstedsje Cokeburg, yn 'e steat Pennsylvania, as de soan fan Albert Jethro Bellisario, in Amerikaan út in Italjaanske famylje, en Dana Lapčević, dy't fan Servysk komôf wie. As jongeman tsjinne er fan 1955 oant 1959 yn it Amerikaanske Korps Mariniers, dêr't er de rang fan serzjant berikte. In nuveraardich detail is dat Bellisario as marinier tsjinne mei Lee Harvey Oswald, de lettere moardner fan 'e Amerikaanske presidint John F. Kennedy. Nei't er ôfswaaid wie, studearre Bellisario oan 'e Steatsuniversiteit fan Pennsylvania sjoernalistyk, dêr't yn 1961 in bachelorstitel yn behelle.
Nei ferskate tydlike banen hân te hawwen, waard Bellisario yn 1965 tekstskriuwer by in reklameburo yn Lancaster, en yn 1968 ferfear er nei Teksas, dêr't er oan it wurk koe as kreätyf direkteur by it Bloom Agency, in oar reklameburo. Uteinlik brocht er it dêr ta senior-fise-presidint, mar yn 1976 joech er syn baan yn 'e reklamebrâns deroan om nei Los Angeles te ferhúzjen, dêr't er yn 'e filmyndustry fan Hollywood in nije karriêre as senarioskriuwer en produsint neistribbe.
Nei't er ûnder foaroansteande tillefyzjeprodusinten as Glen A. Larson en Stephen J. Cannell wurke hie, slagge it Bellisario om op eigen manneboet searjes te produsearjen. Guon dêrfan wiene tige populêr, lykas Magnum, P.I. (1980-1988), mei akteur Tom Selleck, Airwolf (1984-1987), mei Jan-Michael Vincent en Ernest Borgnine, en JAG (1995-2005), oer rjochtsaken yn 'e Amerikaanske Striidkrêften, wêrfoar't Bellisario foar in part út syn eigen ûnderfining yn it Korps Mariniers putte. Oare searjes dy't troch him produsearre waarden, wiene bgl. Tales of the Gold Monkey (1982-1983), Quantum Leap (1989-1993), Tequila and Bonnetti (1992) en First Monday (2002). Ek wurke er as senarioskriuwer en produsint mei oan 'e orizjinele Battlestar Galactica-rige, en yn 1988 skreau en regisearre er de spylfilm Last Rites.
Yn 2004 krige Bellisario syn eigen stjer op 'e Hollywood Walk of Fame. Yn 2003 belibbe er syn lêste grutte súkses, doe't NCIS, in spin-off-rige fan JAG, in kaskreaker bliek te wêzen. Dizze searje rint no (2015) noch altyd. Bellisario sels gie lykwols yn 2007 mei pinsjoen, nei't der op 'e set spannings ûntstien wiene mei NCIS-stjer Mark Harmon, dy't yn de media wiid útmetten waarden. Hoewol't Bellisario yn namme noch altyd de útfierend produsint (executive producer) fan NCIS is, hat er yn 'e praktyk tsjintwurdich gjin bemuoienis mear mei de searje. Yn 2009 klage er de Amerikaanske stjoerder CBS oan om't dy mei NCIS: Los Angeles in spin-off fan NCIS makke hie, wylst Bellisario úthold dat allinnich hý neffens syn kontrakt it rjocht hie om in NCIS-spin-off te meitsjen, en dêropta makke er oanspraak op royaltys fan 'e searje. Dizze rjochtsaak waard yn 2011 troch CBS skikt foar in geheim holden bedrach.
Bellisario hat fjouwer kear troud west. Yn 1956, doe't er 21 jier wie, stapte er foar de earste kear yn it houliksboatsje, mei Margaret Schaffran, fan wa't er yn 1974 wer skiede. Hja krigen fjouwer bern: Joy Bellisario-Jenkins (±1956); Leslie Bellisario-Ingham (±1961), David Bellisario (ko-produsint fan NCIS: Los Angeles) en Julie Bellisario Watson (ko-produsinte fan NCIS). Yn 1979 troude Bellisario mei syn twadde frou, Lynn Halpern, fan wa't er yn 1984 wer skiede. Mei har krige er ien soan, de akteur Michael Bellisario (1980), dy't û.m. rollen hie yn JAG en NCIS.
Bellisario troude daliks nei syn skieding, yn 1984, foar de trêde kear, mei aktrise en produsinte Deborah Pratt, mar ek dat houlik einige, yn 1991, yn in skieding. Mei Pratt hied er in dochter, de aktrise Troian Bellisario (1985), dy't ek yn ferskate fan har heite searjes figurearre, en in soan, Nicholas Bellisario (1991). Op 27 novimber 1998 troude Bellisario, doe ûnderwilens 63 jier, foar de lêste kear, mei Vivienne Murray, yn in houlik dat noch altyd stân hâldt. Hoewol't hy en syn fjirde frou gjin bern mear krigen, wûn er der wol twa styfsoannen mei, Chad en Sean Murray, wêrfan't de lêste de akteur is dy't Timothy McGee spilet yn NCIS.
Yn 2001 waard Bellisario troch syn alma mater, de Steatsuniversiteit fan Pennsylvania, beneamd ta in distinguished alumnus ("treflike âld-studint"), wat de heechste eare is dy't Penn State syn âld-studinten takenne kin. Yn 2006 stiek Bellisario $1 miljoen yn in fûns om in stúdzjebeurs foar studinten út earme gesinnen te skeppen foar in stúdzje kommunikaasjekunde oan Penn State.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.