From Wikipedia, the free encyclopedia
De lânkring Diepholz is in distrikt dat sintraal yn it Dútske bûnslân Nedersaksen leit. De lânkring rint sa'n 70 kilometer súdlik fan Bremen oant de grins fan it bûnslân Noardryn-Westsfalen noardeastlik fan Osnabrück.
Landkreis Verden | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | Lânkring |
lân | Dútslân |
bûnslân | Nedersaksen |
haadplak | Diepholz |
tal gemeenten | 45 |
kenteken | DH, SY |
Kreisschlüssel | 03 2 51 |
sifers | |
ynwennertal | 217.089 (2019) |
oerflak | 1.988,14 km² |
befolkingstichtens | 109 / km² |
oar | |
stifting | 1977 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
koördinaten | 52°43′ N 8°44′ E |
webside | side lânkring Diepholz |
De lânkring Diepholz ferbynt Dútslân's lytste en Dútslâns meast befolke lân meiïnoar, nammentlik Bremen en Noardryn-Westfalen. Dêrmei is Diepholz in typyske saneamde Sektoralkreis, in kring dy't fan in grutte stêd oant djip yn it efterlân rint. De lânkring Diepholz grinzget mei de klok mei en begjinnend oan de stêd Bremen oan de lânkringen Verden, Nienburg/Weser (beide yn Nedersaksen), oan de kring Minden-Lübbecke (yn Noardryn-Westfalen), oan de lânkringen Osnabrück, Vechta en Aldenburch en de kringfrije stêd Delmenhorst (allegear yn Nedersaksen).
Njonken de fjouwer fûgelreservaten "Diepholzer Moorniederung", "Dümmer", "Kuppendorfer Böhrde" en "Oppenweher Moor" lizze der yn de lânkring noch 49 oare beskerme natoergebieten. It grutste dêrfan is it "Nördliche Wietingsmoor" mei 1.599 hektare, it lytste is de "Lachmöwenkolonie Stelle" fan 2 hektare.
By de weryndielings fan de jierren 1970 fusearren de lânkring Grafschaft Diepholz mei dielen fan de lânkring Grafschaft Hoya mei yngong fan 1 augustus 1977 ta de lânkring Diepholz.
Stêden | Samtgemeinden | ||
---|---|---|---|
|
|
|
|
1 sit fan de Samtgemeinde |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lânkring Diepholz fan Wikimedia Commons. |
Nedersaksen | ||
---|---|---|
Landkreise Aldenburch - Ammerland - Auwerk - Celle - Cuxhaven - Diepholz - Fryslân - Gifhorn - Goslar - Göttingen - Greefskip Bentheim - Hameln-Pyrmont - Regio Hannover - Harburg - Heidekreis - Helmstedt - Hildesheim - Holzminden - Iemslân - Kloppenburch - Lier - Lüchow-Dannenberg - Luneburch - Nienburg - Northeim - Osnabrück - Osterholz - Peine - Rotenburg - Schaumburg - Stade - Uelzen - Vechta - Verden - Wesermarsch - Wittmund - Wolfenbüttel | ||
Kreisfreie Städte Aldenburch - Breunswyk - Delmenhorst - Emden - Osnabrück - Salzgitter - Wilhelmshaven - Wolfsburg | ||
· · |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.