From Wikipedia, the free encyclopedia
Harburg is in Landkreis (lânkring) yn de Dútske dielsteat Nedersaksen. De namme is ûntliend oan de doetiidske stêd Hardburg oan de Elbe, dy't eartiids it haadplak fan de lânkring wie, mar tsjintwurdich ûnderdiel foarmet fan Hamburch.
Landkreis Harburg | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | Lânkring |
lân | Dútslân |
bûnslân | Nedersaksen |
tal gemeenten | 42 |
kenteken | WL |
Kreisschlüssel | 03 3 53 |
sifers | |
ynwennertal | 254.431 (2019) |
oerflak | 1.245,03 km² |
befolkingstichtens | 204 / km² |
oar | |
stifting | 1932 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
koördinaten | 53°19′ N 9°58′ E |
webside | side lânkring Harburg |
Yn 1885 stifte it Prusyske regear trije distrikten yn it gebiet: it distrikt Harburg, it distrikt Winsen en de distriktfrije stêd Harburg oan de Elbe. Yn 1932 waarden dy distrikten gearfoege en waard de stêd Harburg-Wilhelmsburg, sûnt 1927 gearfoege ta ien stêd, de haadstêd fan it distrikt. De stêd bleau fierder in selstannich bestjoerlik lichem en foarme gjin ûnderdiel fan it distrikt.
Yn 1937 waard de stêd Harburg-Wilhelmsburg by Hamburch yndield, wylst it distrikt Harburg selstannich waard. Winsen oan de Luhe waard yn 1944 de nije haadstêd fan de kring.
De lânkring grinzget oan, begjinnend fan it easten mei de klok mei, de lânkreisen Lüneburg, Heidekreis, Rotenburg en Stade, de stêd Hamburch en de dielsteat Sleeswyk-Holstein (Lauenburg).
Stêden | Samtgemeinden | ||
---|---|---|---|
|
|
|
|
1 sit fan de Samtgemeinde |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lânkring Harburg fan Wikimedia Commons. |
Nedersaksen | ||
---|---|---|
Landkreise Aldenburch - Ammerland - Auwerk - Celle - Cuxhaven - Diepholz - Fryslân - Gifhorn - Goslar - Göttingen - Greefskip Bentheim - Hameln-Pyrmont - Regio Hannover - Harburg - Heidekreis - Helmstedt - Hildesheim - Holzminden - Iemslân - Kloppenburch - Lier - Lüchow-Dannenberg - Luneburch - Nienburg - Northeim - Osnabrück - Osterholz - Peine - Rotenburg - Schaumburg - Stade - Uelzen - Vechta - Verden - Wesermarsch - Wittmund - Wolfenbüttel | ||
Kreisfreie Städte Aldenburch - Breunswyk - Delmenhorst - Emden - Osnabrück - Salzgitter - Wilhelmshaven - Wolfsburg | ||
· · |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.