De bosksjongerfûgels (Phylloscopidae) binne in famylje yn it skift fan de moskeftigen (Passeriformes). Foarhinne waarden de bosksjongerfûgels mei û.o. de imerkesjongerfûgels, reidsjongerfûgels, hagekrûperfûgels en goudtoefkes ta de famylje fan de sjongers (Sylviidae) rekkene. De famylje omfiemet mar ien skaai, dat fan 'e bosksjongers (Phylloscopus).

Fluch de feiten
Bosksjongerfûgels
Thumb
Tsjiftsjaf (Phyllosccopus collybita)
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
klasse:fûgels (Aves)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
skift:moskeftigen (Passeriformes)
ûnderskift:sjongfûgels (Passeri)
lytsskift:sjongers fan de Alde Wrâld (Sylviida)
boppefamylje:echte sjongers fan de Alde Wrâld (Sylvioidea)
famylje:bosksjongerfûgels (Phylloscopidae)
Alström et al., 2006
Slute

Foarkommen

De bosksjongerfûgels binne lytse, beweeglike, ynsekte-itende fûgeltsjes. Se binne y it miene ûnopfallend griis-brún of griis-grien mei soms in gieleftig ûnderliif, en wurde meastal earder mei it ear as mei it each waarnommen.

Fersprieding

In hiel Jeropa, Afrika en Aazje libbje bosksjongerfûgels fan ferskate soarten. Se binne ôfwêzich yn de Amerikas (mei útsûndering fan de Noardske bosksjonger dy 't ek in Alaska foarkomt) en Austraalje. De bekendste soarten yn Fryslân binne de lytse hôfsjonger {Phylloscopus trochilus) en de tsjiftsjaf {Phylloscopus collybita). De measte in dizze streken briedende fûgels oerwinterje in Súd-Jeropa of Noard-Afrika.

Klassifikaasje

Nei resinte ynsjoggen behearre alle 80 bosksjongerfûgels ta it skaai fan 'e bosksjongers (Phylloscopus), wylst in diel fan de bosksjongers earder (en neffens sommige saakkundigen noch hieltyd) yn de skaaien Seicercus, Acanthopneuste, Abroscopus en oaren foelen.

  • Famylje: bosksjongerfûgels (Phylloscopidae)
    • Skaai: bosksjongers (Phylloscopus), 80 soarten, dêrûnder:
      • bosksjonger (Phylloscopus sibilatrix)
      • berchsjonger (Phylloscopus bonelli)
      • Balkanberchsjonger (Phylloscopus orientalis)
      • Tjensjanbosksjonger (Phylloscopus humei)
      • lytse bosksjonger (Phylloscopus inornatus)
      • Afgaanske bosksjonger (Phylloscopus subviridis)
      • bleekstútbosksjonger (Phylloscopus chloronotus)
      • Pallasbosksjonger (Phylloscopus proregulus)
      • tinsnaffelbosksjonger (Phylloscopus tytleri)
      • wylgebosksjonger (Phylloscopus schwarzi)
      • stienbosksjonger (Phylloscopus griseolus)
      • brune bosksjonger (Phylloscopus fuscatus)
      • dwerchbosksjonger (Phylloscopus neglectus)
      • lytse hôfsjonger (Phylloscopus trochilus)
      • berchtsjiftsjaf (Phylloscopus sindianus)
      • Kanaryske tsjiftsjaf (Phylloscopus canariensis)
      • tsjiftsjaf (Phylloscopus collybita)
      • Sibearyske tsjiftsjaf (Phylloscopus (collybita) tristis)
      • Ibearyske tsjiftsjaf (Phylloscopus ibericus)
      • kroanbosksjonger (Phylloscopus coronatus)
      • griene bosksjonger (Phylloscopus nitidus)
      • twastrekenbosksjonger (Phylloscopus plumbeitarsus)
      • griengrize bosksjonger (Phylloscopus (trochiloides) viridanus)
      • skiere bosksjonger (Phylloscopus trochiloides)
      • grousnaffelbosksjonger (Phylloscopus magnirostris)
      • Sachalinbosksjonger (Phylloscopus borealoides)
      • bleekpoatbosksjonger (Phylloscopus tenellipes)
      • kamtsjatkabosksjonger (Phylloscopus examinandus)
      • Noardske bosksjonger (Phylloscopus borealis)
      • streekkopbosksjonger (Phylloscopus occipitalis)
      • griiskopbosksjonger (Phylloscopus xanthoschistos)

Keppelings om utens

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.