From Wikipedia, the free encyclopedia
De Bay Mills Yndianemienskip fan de Sault Ste. Marie Troep fan Tsjippewa (Ingelsk: Bay Mills Indian Community of the Sault Ste. Marie Band of Chippewa; Odjibwa: Gnoozhekaaning) is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten, mei in eigen reservaat yn 'e steat Michigan. De namme fan 'e stamme wurdt yn 'e regel ôfkoarte ta Bay Mills Yndianemienskip (Bay Mills Indian Community) of BMIC. De lânseigen namme foar de stamme is yn it Odjibwe Gnoozhekaaning, dat "it Plak fan 'e Snoek" betsjut. De leden fan 'e BMIC binne etnyske Odjibwe. De stamme moat net betize wurde mei de Sault Ste. Marie Stamme fan Tsjippewa Yndianen fan Michigan, dat in hiel oare organisaasje is. It haadkertier fan 'e BMIC is fêstige yn it doarp Brimley, yn Opper-Michigan.
Bay Mills Yndianemienskip fan de Sault Ste. Marie Troep fan Tsjippewa | ||
Ingelsk | Bay Mills Indian Community of the Sault Ste. Marie Band of Chippewa | |
lânseigen | Gnoozhekaaning | |
flagge | ||
algemiene ynformaasje | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | Michigan | |
haadkertier | Brimley (Michigan) | |
etnisiteit | Odjibwe | |
ledetal | 2.100 (2015) | |
oprjochting | 1936 | |
status | federale erkenning | |
erkenning | Feriene Steaten | |
reservaat | ||
reservaat | Bay Mills Yndianereservaat | |
lokaasje | Opper-Michigan | |
oerflak | 12,4 km² | |
ynwennertal | 812 (2000) | |
offisjele webside | ||
www.baymills.org | ||
kaart | ||
Lokaasje fan it haadkertier fan 'e stamme yn Michigan.
|
De Bay Mills Yndianemienskip rekke yn 'e njoggentjinde iuw syn lân kwyt doe't Opper-Michigan troch de blanken kolonisearre waard. Nei't yn 1934 ûnder it regear fan presidint Franklin D. Roosevelt de Wet op de Yndiaanske Reorganisaasje oannommen wie, kearden de kânsen lykwols. It Bay Mills Yndianereservaat wie ien fan 'e fjouwer oarspronklike reservaten dy't neffens de regels fan dy wet yn Michigan stifte waarden.
Yn 1936 waard de Bay Mills Yndianemienskip as moderne stamme-organisaasje oprjochte en naam de stamme syn grûnwet oan. Yn 1937 waard it grutste part fan it lân foar it nije reservaat oankocht en by de Bay Mills Missypost en in lyts gebiet op Sugar Island foege, dat al earder yn it besit fan 'e stamme wie. Op 27 novimber 1937 krige de BMIC federale erkenning.
Sûnt de midden fan 'e 1990-er jierren stribbet de BMIC der yn gearwurking mei kasino-eigner Michael J. Malik sr. en sakefrou Marian Ilitch nei om kasino's yn Port Huron en yn it sintrum fan Detroit te iepenjen.
De leden fan 'e BMIC binne etnyske Odjibwe (Ojibwe), ek wol Tsjippewa (Chippewa) neamd, in grut Algonkwynsk folk dat yn it gebiet fan 'e Grutte Marren yn sawol de Feriene Steaten as Kanada libbet. De BMIC is ien fan 22 stamme-organisaasjes mei federale erkenning dy't de Odjibwe yn 'e Feriene Steaten fertsjintwurdigje. Neffens gegevens út 2015 hie de BMIC doe 2.057 leden, mei dêrûnder 1.076 stimberjochtige leden fan 18 jier en âlder en 981 minderjierrigen.
It reservaat fan 'e BMIC is it Bay Mills Yndianereservaat, dat yn noardlik Michigan op 'e eastlike punt fan it skiereilân Opper-Michigan leit, deun by de grins mei de Kanadeeske provinsje Ontario. It hat in totaal oerflak fan 12,41 km², en bestiet út twa dielen. It grutste leit yn it easten fan 'e plattelânsdistrikten Bay Mills Township en Superior Township, wylst in lytser part op Sugar Island leit, yn 'e rivier de St. Marys, dy't de eigentlik grins mei Kanada foarmet. It haadkertier fan 'e BMIC is fêstige yn it doarp Brimley, yn Superior Township. It reservaat hie yn 2000 in befolking fan 812 minsken.
De BMIC wurdt bestjoerd troch de Algemiene Stammeried (General Tribal Council), dy't bestiet út alle stimberjochtige leden fan 'e stamme. It deistich bestjoer is yn 'e hannen fan 'e Utfierende Ried (Executive Council), dy't bestiet út fiif keazen funksjonarissen: de foarsitter, de fise-foarsitter, de skathâlder, de siktaris en in algemien riedslid. De sittingstermyn foar de leden fan 'e Utfierende Ried is twa jier.
De BMIC hat fierders syn eigen rjochterlike macht, dy't sawol strafrjochtlike as sivylrjochtlike saken behannelet. Der is ien rjochter, dy't keazen wurdt foar terminen fan seis jier. De BMIC hat in oerienkomst mei it Sheriffsburo fan Chippewa County, dat dêrtroch ferantwurdlik is foar de wetshanthavening yn it reservaat. De BMIC jout syn eigen kentekenplaten út. De stamme hat fierders in eigen ûnderwiisynstelling, it Bay Mills Mienskipskolleezje, yn Brimley, en dêre is ek it eigen hotel en kasino fan 'e stamme fêstige, it Bay Mills Resort & Casino.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.