Om't it lân sa grut is, besteane der ferskate tiidsônes yn de Feriene Steaten. Under de Amerikaanske wet is it lân yndield yn njoggen standerttiidsônes dy't sawol alle Amerikaanske steaten as de oerseeske territoaria beslane. It meastepart fan 'e Feriene Steaten hat dêrnjonken ek noch ferskillende simmertiidsônes. De grinzen tusken de ûnderskate tiidsônes en it neilibjen fan 'e simmertiid wurdt regulearre troch it Amerikaanske Ministearje fan Transport. Offisjele en tige sekuere klokken binne yn gebrûk by twa Amerikaanske federale oerheidsynstânsjes, it Nasjonaal Ynstitút foar Standerdisaasje en Technology (NIST), dat in ûnderdiel is fan it Amerikaanske Ministearje fan Hannel, en it Amerikaanske Marine-Observatoarium (USNO), in ûnderdiel fan 'e Amerikaanske Marine, dy't ûnder it Ministearje fan Definsje ressortearret. De klokken fan dy beide organisaasjes wurde oanhâldend syngronisearre, sawol mei inoar as mei klokken fan ynternasjonale tiidbewekkingsautoriteiten.
Tiidsônes
tiidsône | gebiet | UTC | simmertiid |
---|---|---|---|
Atlantyske Tiid | Amerikaanske Famme-eilannen Porto Riko |
UTC –4 | – (gjin simmertiid) |
Eastlike Tiid | Delaware Fermont Firginia Floarida (útsein it westlike diel fan 'e Florida Panhandle) Georgia Indiana (útsein guon westlike countys) Kentucky (allinnich de eastlike helte) Konnetikut Maine Marylân Massachusetts Michigan (útsein it westen fan Opper-Michigan) New York Nij-Hampshire Nij-Jersey Noard-Karolina Ohio Pennsylvania Rhode Island Súd-Karolina Tennessee (allinnich it eastlike trêdepart) Washington, D.C. West-Firginia |
UTC –5 | UTC –4 |
Sintrale Tiid | Alabama Arkansas Floarida (allinnich it westlik diel fan 'e Florida Panhandle) Illinois Indiana (allinnich guon westlike countys) Iowa Kansas (útsein guon westlike countys) Kentucky (allinnich de westlike helte) Louisiana Michigan (allinnich it westen fan Opper-Michigan) Minnesota Mississippy Missoury Nebraska (allinnich it eastlike twatrêde part) Noard-Dakota (útsein it súdwesten) Oklahoma Súd-Dakota (allinnich de eastlike helte) Teksas (útsein de westlikste punt) Tennessee (allinnich it westlike twatrêde part) Wiskonsin |
UTC –6 | UTC –5 |
Berchtiid | Arizona Idaho (allinnich it súdlike twatrêde part) Kansas (allinnich guon westlike countys) Kolorado Montana Nebraska (allinnich it westlike trêdepart) Nij-Meksiko Noard-Dakota (allinnich it súdwesten) Oregon (allinnich guon eastlike countys) Súd-Dakota (allinnich de westlike helte) Teksas (allinnich it westlikste puntsje) Utah Wyoming |
UTC –7 | UTC –6 (it grutste part fan Arizona hat gjin simmertiid) |
Pasifyske Tiid | Idaho (allinnich it noardlike trêdepart) Kalifornje Oregon (útsein guon eastlike countys) Nevada Washington |
UTC –8 | UTC –7 |
Alaskatiid | Alaska (útsein de Aleoeten) | UTC –9 | UTC –8 |
Hawaïaansk-Aleoetyske Tiid | Aleoeten (it westlikste diel fan Alaska) Hawaï |
UTC –10 | UTC –9 (allinnich op 'e Aleoeten; Hawaï hat gjin simmertiid) |
Samoätiid | Amerikaansk Samoä Midway |
UTC –11 | – (gjin simmertiid) |
Tsjamorro-tiid | Gûam Noardlike Marianen |
UTC +10 | – (gjin simmertiid) |
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.