From Wikipedia, the free encyclopedia
It Alddyksgat ek wol De Wiel is in natoergebiet oan de westkant fan Bakhuzen yn Gaasterlân. It gat is in oerbliuwsel fan in eardere trochbrek yn 1775 fan de âlde Suderseedyk.[1]
Alddyksgat | ||
lokaasje | ||
neiste plak | Bakhuzen | |
oare ynformaasje | ||
oerflak | 8,45 ha | |
behear | Steatsboskbehear |
It Alddyksgat leit yn de Wielpolder tusken Murns en Reaskuorre. It wetter wie oant 1632 de haven fan de fiskers fan Laaksum, Bakhuzen en Murns. De âlde seeedyk waard doe ek ûnderholden troch de ynwenners fan Harich, Bakhuzen, Murns en Riis. Yn 1632 waard De Wiel ynpoldere en waard in nije seedyk boud. De haven kaam doe fierder fan de doarpen ôf te lizzen.[2] It gebiet waard oant 1075 brûkt as lânbougrûn mar waard sûnt dat jier eigendom beheard troch Steatsboskbehear. Yn de strewellen fan it gebiet fine reeën beskûl.[3]
Troch it frij tagonklike gebiet fan 8,45 ha rint in wannelpaad fan de Bakhúster Skuniadyk ôf.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.