From Wikipedia, the free encyclopedia
De Starnumanbosken is in natoergebiet yn Gaasterlân.
De bosken krigen har namme troch de famylje Star Numan. Dy famylje hie, krektas de oan har besibbe famylje Van Swinderen, grutte stikken bosk yn Gaasterlân foar de eksploitaasje fan ikehout en ikebast. De Starnumanbosken grinzje oan de Lycklamabosk en de Bremer Wyldernis, dy't troch de Van Swinderens eksploitearre waarden. De Starnumanbosken binne sûnt de jierren tachtich fan de 20e iuw yn behear by Steatsboskbehear, dy't it eastlike stik, tusken de Kippenburch en Rûgehuzen besiket om te foarmjen nei in oerbosk. Troch de ûnderlizzende balstienliemlaach yn de bosk, dy't gjin wetter trochlit, waarden der greppels groeven foar de ôfwettering. De frijkommen grûn waard brûkt om it beboske diel op te heegjen. Dat joech de Starnumanbosken in karakteristike rabattestruktuer. Oan de noardwestside wurde de Starnumanbosken begrinze troch De Luts en de N359. Oan de oare kant hjirfan leit de Harichsterbosk.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.