Aartsbisdom München en Freising
From Wikipedia, the free encyclopedia
It aartsbisdom München en Freising (Dútsk: Erzbistum München und Freising; Latyn: Archidioecesis Monacensis et Frisingensis) is in roomsk aartsbisdom yn it suden fan 'e Dútske dielsteat Beieren.
Aartsbisdom München en Freising | ||
![]() | ||
Us-Leaffrouwetsjerke | ||
![]() | ||
Basisgegevens | ||
Lân | Dútslân | |
Katedraal | Us-Leaffrouwetsjerke | |
Patroanhillige | Sint-Korbinianus | |
Hiemside | www.erzbistum-muenchen.de | |
Skiednis | ||
Oprjochting | 1 april 1818 | |
Hierargy | ||
Aartsbiskop | Reinhard Marx | |
Statistyk | ||
Oerflak | 12.082 km² | |
Befolking | 3.855.000 (31.12.2021) | |
Wêrfan katolyk | 1.499.000 38,9%, 31.12.2022) | |
Dekenaten | 18 (01.01.2024) | |
Parochy's | 747 (31.12.2018) | |
![]() | ||
Lokaasje aartsbisdom Freising en München yn Dútslân. |
Skiednis
It bisdom Freising waard foar it earst yn 793 neamd en troch Sint-Korbinianus stifte. Mei't in ein oan it Hillige Roomske Ryk kaam, ferdwûn ek yn 1803 it prinsbisdom Freising. Yn 1817 ferhûze de biskopssit fan Freising nei München en waard in part fan it ophefte bisdom Chiemsee tafoege. It bisdom waard doe in aartsbisdom. Sûnt is de Us-Leaffrouwetsjerke de sit fan 'e biskop yn München, wylst de Freisinger dom as ko-katedraal tsjinnet.
Nei oanlieding fan klachten oer seksuëel misbrûk stelde it aarstbisdom in abbekatekantoar oan om dêr in rapport oer te skriuwen. Dat yn 2022 publisearre rapport stelde tusken 1945 en 2019 497 gefallen fan seksuëel misbrûk yn it bisdom fêst. Aartsbiskop Marx bea op 4 juny 2021 syn ûntslach as aartsbiskop oan om't er him mei ferantwurdlik fielde foar de skandalen yn it bisdom, mar de paus wie net fan doel fan ûntslach yn te skewielen en frege him as aartsbiskop oan te bliuwen.
Tsjerkeprovinsje
De aartsbiskop fan München-Freising is metropolyt fan 'e tsjerkeprovinsje, dy't trije suffragaanbisdommen telt:
- Augsburg (foar 1803 tsjerkeprovinsje Mainz)
- Passau (foar 1803 tsjerkeprovinsje Salzburg)
- Regensburg (foar 1803 tsjerkeprovinsje Salzburg)
Patroan
Patroanhillige fan it aartsbisdom is de stifter fan it bisdom Freising, de hillige Korbinianus. Sint-Korbinianus wurdt alle jierren betocht by de Korbinianusbeafeart.
List aartsbiskoppen
- 1821-1846: Lothar Anselm Freiherr von Gebsattel
- 1846-1856: Karl August Graaf von Reisach
- 1856-1877: Gregor von Scherr
- 1878-1889: Antonius von Steichele
- 1889-1897: Antonius von Thoma
- 1898-1909: Franz Joseph von Stein
- 1909-1917: Franziskus kardinaal von Bettinger
- 1917-1952: Michael kardinaal von Faulhaber
- 1952-1960: Joseph kardinaal Wendel
- 1961-1976: Julius kardinaal Döpfner
- 1977-1982: Joseph kardinaal Ratzinger
- 1982-2007: Friedrich kardinaal Wetter
- 2007- : Reinhard kardinaal Marx
![]() |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Aartsbisdom München en Freising fan Wikimedia Commons. |
Roomsk-katolike bisdommen en aartsbisdommen yn Dútslân | ![]() | |
---|---|---|
Hjoeddeistige bisdommen | Aken • Augsburg • Bamberg • Berlyn • Dresden-Meißen • Eichstätt • Erfurt • Essen • Freiburg • Fulda • Görlitz • Hamburch • Hildesheim • Keulen • Limburch • Magdeburg • Mainz • München en Freising • Múnster • Osnabrück • Paderborn • Passau • Regensburg • Rottenburg-Stuttgart • Spiers • Trier • Würzburg | |
Eardere bisdommen | Bremen • Halberstadt • Lübeck • Minden • Verden | |
![]() ![]() ![]() |
Wikiwand - on
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.