Bisdom Würzburg

From Wikipedia, the free encyclopedia

Bisdom Würzburg

It bisdom Würzburg (Dútsk: Bistum Würzburg; Latyn: Dioecesis Herbipolensis) is in roomsk bisdom yn Dútslân.

Fluch de feiten
Bisdom Würzburg
Thumb
Basisgegevens
Lân Dútslân
AartsbisdomBamberg
BiskopssitWürzburg
KatedraalDom fan Würzburg
PatroanhilligeSint-Kiliaan
Hiemsidewww.bistum-wuerzburg.de
Skiednis
Oprjochting741
StifterBonifatius
Hierargy
BiskopFranz Jung
Statistyk
Oerflak8.532 km² km²
Befolking1.335.000 (31.12.2018)
Wêrfan katolyk666.000 (49,9,5%) (31.12.2022)
Dekenaten9 (31.12.2021)
Parochy's609 (31.12.2018)
Thumb
Lokaasje bisdom Würzburg yn Dútslân.
Slute

Skiednis

De krite waard troch Merovingen yn it jier 531 bekend mei it kristendom. Oare tsjûgenissen fan missywurk datearje fan 640 mei't Sint-Gertrudis dêr de kleasters Karlburg en Neustadt am Main stifte, fan 689 mei de Ierse muontsen Kiliaan, Kolonat en Totnan yn Würzburg en fan it jier 704 mei Willibrord yn Würzburg. It bisdom waard yn 741 (of oan it begjin fan 742) troch Bonifatius stifte.

Thumb
Kiliaan, Kolonat en Totnan.

De earste biskop waard Burkard (ek Burchard), in út Ingelân stammende muonts. Hy waard yn it jier 738 sûnder biskopsit troch paus Gregoarius III as biskop wijd en stifte yn 'e simmer fan dat jier in kleaster yn Neustadt am Main. Yn maart 742 wiisde Bonifatius him as biskop fan Würzburg oan.

Nei't ynearsten de Marijetsjerke op 'e Marienberg as katedraal en it Andreaskonvint as sit fan it kapittel tsjinnen, ferhûzen de biskop en it kapittel yn 'e 8e iuw nei de rjochter kant fan 'e Main, dêr't de nije katedraal boud waard. Oan 'e ein fan 'e 8e iuw waard Würzburg in suffragaan bisdom fan it ûnder Karel de Grutte ta aartsbisdom ferheven Mainz. Yn 1007 stifte de Dútske kening Hindrik II mei dielen fan Würzburg it nije bisdom Bamberg. Troch in 12e-iuwsk privileezje fan keizer Freark I Barbarossa waarden de biskoppen hartoggen fan Franken. Würzburg waard in wichtich foarstbisdom.

Nei de Tritichjierrige Kriich lieten de foarstbiskoppen in soad barokke tsjerken en gebouwen bouwe. Sa waard ek de residinsje fan Würzburg boud.

Nei de sekularisaasje troch it Reichsdeputationshauptschluss yn 1803 waard it bisdom by Bamberg foege. Op 23 febrewaris 1803 waard it bisdom Würzburg oerdroegen oan 'e karfoarsten fan Beieren. De lêste foarstbiskop wie Georg Karl von Fechenbach.

Domtsjerke

Thumb
Sint-Kiliaandom.
De Wikipedy hat ek in side Dom fan Würzburg.

De biskoptsjerke is de Sint-Kiliaandom. It is de tredde dom op it plak nei't eardere gebouwen ôfbaarnden. De hjoeddeiske dom waard yn 'e 12e iuw boud. Yn it lêst fan 'e Twadde Wrâldkriich waard de domtsjerke troffen troch de swiere bombardeminten op 'e stêd. Grutte dielen waarden ferneatige en binne nei de oarloch werboud.

Patroanhilligen

Patroanhillige fan it bisdom is de hillige Kiliaan (of Kilianus). Syn meigesellen Kolonat en Totnan binne meipatroan fan it bisdom.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bisdom Würzburg fan Wikimedia Commons.
Mear ynformaasje Roomsk-katolike bisdommen en aartsbisdommen yn Dútslân ...
Roomsk-katolike bisdommen en aartsbisdommen yn Dútslân
Hjoeddeistige bisdommenAkenAugsburgBambergBerlynDresden-MeißenEichstättErfurtEssenFreiburgFuldaGörlitzHamburchHildesheimKeulenLimburchMagdeburgMainzMünchen en FreisingMúnsterOsnabrückPaderbornPassauRegensburgRottenburg-StuttgartSpiersTrierWürzburg
Eardere bisdommenBremenHalberstadtLübeckMindenVerden
· · Berjocht bewurkje
Slute

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.