From Wikipedia, the free encyclopedia
Wite Swan (Ingelsk: White Swan; Kriesk: Miinahtsii'as; yn Montana, 1851 – Crow Agency (Montana), 12 augustus 1904) wie in wie in Kriesk kriger dy't as ferkenner yn it Amerikaanske Leger tsjinne. Yn dy hoedanichheid wied er oanwêzich en focht er oan 'e Amerikaanske kant mei yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, yn 1876, wêrby't it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer in swiere nederlaach litte tsjin in koälysje fan 'e Lakota, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho. Wite Swan rûn yn dy slach slimme ferwûnings op, en waard nea wer de âlde. Neitiid wied er aktyf as keunstner.
Wite Swan (ferkenner) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Miinahtsii'as | |
oare namme | White Swan | |
nasjonaliteit | Kriesk | |
berne | 1851 | |
berteplak | yn Montana | |
stoarn | 12 augustus 1904 | |
stjerplak | Crow Agency (Montana) | |
etnisiteit | Kriesk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | ferkenner foar it Amerikaanske Leger | |
aktyf as | keunstner | |
jierren aktyf | 1876 – 1881 | |
reden bekendheid | focht mei yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn |
Wite Swan waard berne yn wat letter de Amerikaanske steat Montana wurde soe, wierskynlik yn 1851, al sprekke guon boarnen fan 1850 of 1852. Yn histoaryske boarnen wurdt Wite Swan soms ek wol oantsjut as Slacht-de-Fijân (Strikes-the-Enemy) of Wite Goes (White Goose). As foege jonge wûn er troch dieden fan dapperheid de status fan in kriger, sa't dat mank de Krieën (Crow) wizânsje wie. Hy wie troud, mar syn frou stoar yn 1873, ear't er tsjinst naam yn it Amerikaanske Leger.
Under de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 melde Wite Swan him op 10 april 1876 by it Krieske Agintskip oan as ferkenner foar it Amerikaanske Leger. Datoangeande wied er ien fan tsientallen Krieske manlju dy't har by de Amerikanen joegen, mei't de Lakota, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho, dêr't it Amerikaanske Leger tsjin focht, de tradisjonele fijannen fan 'e Krieën wiene. Wite Swan tsjinne earst mei ferskate oare Krieske ferkenners, wêrûnder Heal Giel Gesicht, by it Amerikaanske 7e Ynfanteryrezjimint fan kolonel John Gibbon. Yn maaie fochten de ferkenners oan 'e rivier de Tongue in skermutseling mei Lakota-krigers út.
Op 21 juny waard Wite Swan oerpleatst nei it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer, as ien fan in ôfdieling fan seis Krieske ferkenners. De oaren wiene Giet-Foarút, Krolhier, Hierrige Mokassin, Blanke-Man-Regearret-Him en Heal Giel Gesicht, dy't de lieding oer it seistal hie. De seis Krieën waarden tafoege oan Custer syn ferkennersienheid fan 26 Arikara, dy't ûnder befel stiene fan luitenant Charles Varnum. Mei't de krite fan 'e Bighorn harren heitelân wie, koene de Krieën it lykwols folle better as de Arikara, dy't út Noard-Dakota kamen.
Op 'e iere moarn fan 25 juny 1876 beselskippen de seis ferkenners Varnum en generaal Custer nei in hichte dy't fan Crow's Nest ("Kraaienêst") neamd waard. Dêrwei koe men frij útsjen oer de Delling fan 'e Little Bighorn. De ferkenners waarden oanwizings foar de oanwêzigens fan in grutte keppel hynders yn 'e delling gewaar, en seagen de reek fan in grut tal kampfjurren, hoewol't it kamp sels net sichtber wie. Op grûn dêrfan en fan spoaren fan grutte groepen Yndianen dy't se yn 'e direkte omkriten fûn hiene, warskôgen se Custer dat it om in útsûnderlik grut kamp gie. De generaal besleat likegoed om daliks oan te fallen, mei't er bang wie dat de oanwêzigens fan rezjimint al opmurken wie, en dat de Lakota en Sjajinnen alle kanten útspatte soene as er se net fluch ta in fjildslach twong.
Om't se derfan oertsjûge wiene dat de slach net te winnen wie, begûnen de seis ferkenners harren legerunifoarmen út te dwaan. Doe't Custer witte woe wat dat moast, fertelden se him dat se as krigers stjerre woene en net as soldaten. Dat antwurd skeat Custer yn it ferkearde kielsgat, mei't er it as fatalisme beskôge. Sadwaande ûnthefte er likernôch in oere foar it begjin fan 'e Slach oan 'e Little Bighorn Wite Swan en de oare fiif ferkenners út har tsjinst. Dêrmei rêde er harren it libben, want de slach wie yndie net te winnen, en Custer sels en it grutste part fan syn mannen waard troch in oermacht oan Lakota, Sjajinnen en Arapaho op in heuvel besingele en oan 'e lêste man ta útrûge.
Under de slach joegen Wite Swan, Hiel Giel Gesicht en it grutste part fan 'e Arikara-ferkenners har by in lytser diel fan it 7e Kavaleryrezjimint, dat ûnder befel stie fan majoar Marcus Reno, en dat it Yndianekamp út it suden wei oanfoel. De Lakota, Sjajinnen en Arapaho kamen ta it kamp út om slach te leverjen, en twongen Reno en syn mannen om tebek te wiken. Wite Swan focht oan dat front mei grutte fûleindichheid en moed, wêrby't er it op in stuit allinnich opnaam tsjin seis Lakota-krigers. Uteinlik moast it detasjemint fan Reno him weromlûke op 'e kliffen oan 'e eastkant fan 'e delling. Tsjin dy tiid hie Wite Swan ferskate slimme ferwûnings oprûn. Sa wied er mei in tomahawk op 'e plasse slein, en teffens hied er skotwûnen oan syn rjochterpols en yn ien fan 'e skonken oprûn. Hiel Giel Gesicht sette Wite Swan op in hynder en brocht him sa by de hichten op.
De deis nei de slach makke Heal Giel Gesicht in travois, wêrmei't er syn maat nei it steamskip de Far West, ta brocht, dat op krapoan 20 km ôfstân op 'e rivier de Bighorn lei, sadat Wite Swan medyske fersoarging krije koe. Hy wie sa swierferwûne, dat syn refalidaasje lange tiid yn beslach naam. Kolonel Gibbon ûntsloech op 4 july de oare Krieske ferkenners út Amerikaanske tsjinst, mar makke in útsûndering foar Wite Swan, om't dy salang't er yn it leger tsjinne, rjocht hie op fersoarging yn in legerhospitaal. Wite Swan waard nea wer de âlde. Troch de klap op 'e holle koed er net mear hearre of prate. De wûne yn syn skonk bleau er foargoed mank fan, en oan 'e skotwûne yn syn rjochterpols hold er in slim misfoarme pols en hân oer. Likegoed slagge it him en bleau, nei't er fierhinne opbettere wie, noch ferskate jierren ferkenner. Uteinlik waard er yn 1881 earfol út militêre tsjinst ûntslein.
Neitiid sette Wite Swan him nei wenjen yn Crow Agency, yn it Krieë Yndianereservaat, op mar inkele kilometers fan it slachfjild fan 'e Little Bighorn ôf. Uteinlik waard him in lyts legerpinsjoentsje takend, en dêrnjonken begûn er tekenings te meitsjen fan wichtige foarfallen út syn libben, wêrûnder fansels de Slach oan 'e Little Bighorn. Dy tekenings ferkocht er oan 'e earste toeristen dy't fia Crow Agency nei it plak fan 'e slach ta reizgen. Soks ferskafte him in wolkomme oanfolling op syn ynkommen. Wite Swan syn tekenings binne hjoed de dei kostbere keunstwurken, dy't it ûnderwerp binne fan tentoanstellings, boeken en proefskriften. Reproduksjes derfan wurde no op kommersjele skaal produsearre.
Yn syn letter jierren waard Wite Swan skildere troch de keunstner Joseph Henry Sharp, dy't him omskreau as "blier, altyd mei in goed sin, en ien dêr't elkenien graach oer mocht." Wite Swan wertroude net, mar wenne ferskate jierren yn by in muoike fan him, Slacht-Ta-by-de-Wetterkant, de mem fan syn kollega-ferkenner Krolhier. Wite Swan kaam op 12 augustus 1904 te ferstjerren yn 'e âlderdom fan omtrint 53 jier. Hy hie gjin bern. Wite Swan waard begroeven op it begraafplak fan it Nasjonaal Monumint Slachfjild oan de Little Bighorn.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.