Marcus Reno (folút: Marcus Albert Reno; Carrollton (Illinois), 15 novimber 1834Washington, D.C., 30 maart 1889) wie in Amerikaansk militêr, dy't yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch en de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 focht. Yn dat lêste konflikt tsjinne er as de ûnderbefelhawwer fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer yn it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint. Reno waard benammen bekend troch syn promininte rol yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, wêrmei't er oardel iuw oan kontroverse om syn eigen persoan hinne kreëarre.

Fluch de feiten
Marcus Reno
militêr
Thumb
persoanlike bysûnderheden
namme folútMarcus Albert Reno
nasjonaliteit Amerikaansk
berne15 novimber 1834
berteplakCarrollton (Illinois)
stoarn30 maart 1889
stjerplakWashington (Distrikt Kolumbia)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
Frânsk
wurkpaad
tsjinsttiid18571880
yn tsjinst fan Feriene Steaten
legerûnderdiellânmacht
Amerikaanske Leger
heechste rangbrigadegeneraal (1865)
konflikt(en)Amerikaanske Boargeroarloch
Grutte Sû-Oarloch fan 1876
treffen(s)Slach by Antietam
Slach by Kelly's Ford
Slach by Trevilian Station
Slach oan de Little Bighorn
Slute

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Reno waard yn 1834 berne yn Carrollton, yn 'e Amerikaanske steat Illinois, as it fjirde bern yn it gesin fan James en Charlotte Reno. Neffens guon boarnen stamme er ôf fan 'e Frânsman Phillippe François Renault, dy't yn 1777 mei de markys fan Lafayette nei de Feriene Steaten ta kaam om yn 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch tsjin 'e Britten te fjochtsjen. Reno studearre fan 1851 oant 1857 as kadet oan 'e Amerikaanske Militêre Akademy te West Point, wêrby't er twa ekstra jierren nedich wie om 'e ofsiersoplieding te foltôgjen om't er tefolle minpunten oprûn hie. Uteinlik slagge er as 20ste yn in klasse fan 38 kadetten. Mei de rang fan twadde luitenant waarde er per 1 july 1857 stasjonearre yn Oregon, yn it fiere Noardwesten.

Tsjinst yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch

Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) tsjinne Reno yn it Noardlike Leger. Fanwegen in tekoart oan ofsieren waard er al ier befoardere ta kaptein, en yn dy hoedanichheid oan it Amerikaanske 1e Kavaleryrezjimint tafoege. Hy focht op 17 septimber 1862 yn 'e Slach by Antietam, en rûn op 17 maart 1863 yn 'e Slach by Kelly's Ford, yn Firginia, in lichte mar pynlike ferwûning op oan 'e rêch op, doe't syn hynder deasketten waard en boppe-op him foel. Nei oanlieding dêrfan waard Reno befoardere ta majoar. Fjouwer moannen letter tsjinne er yn 'e Gettysburgkampanje.

Yn 1864 naam Reno diel oan 'e slaggen by Cold Harbor, Trevilian Station en Cedar Creek. Nei't er yn ferskate stêfposysjes tsjinne hie, waard er yn oktober fan dat jier befoardere ta luitenant-kolonel. Yn desimber waard er oansteld as kolonel, mei it kommando oer it 12e Kavaleryrezjimint fan Pennsylvania, en begjin 1865 krige er in hiele brigade ûnder syn befel. Mei syn troepen naam Reno it op tsjin 'e Konfederearre guerriljastriders fan John Mosby. Op 13 maart 1865 waard er fannijs befoardere, diskear ta brigadegeneraal.

Thumb
Marcus Reno.

Tuskenspul

Nei ôfrin fan 'e Boargeroarloch waard Reno fanwegen it oerskot oan ofsieren dat it gefolch wie fan it ôfslankjen fan it leger yn rang weromset ta kaptein. Yn 1866 waard er op 'e nij nei Oregon ta stjoerd, dêr't er legere wie yn Fort Vancouver en fungearre as ynterim-assistint-ynspekteur-generaal fan it Departemint fan 'e Kolumbia. Yn dy snuorje waard er op 6 july 1867 inisjearre as lid fan 'e pleatslike frijmitselderslôzje. Yn desimber 1868 waard er befoardere ta majoar en oerpleatst nei Fort Hays, yn Kansas, dêr't er tafoege waard oan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint. Dy ienhied waard yn 1873 nei de Dakota's ta stjoerd, en waard dêr legere yn Fort Abraham Lincoln.

Houlik

Yn 1863 troude Reno mei in Mary Hannah Ross, dy't ôfkomstich wie út Harrisburg, yn Pennsylvania. Hja skonk him ien bern, in soan, dy't de namme Robert Ross Reno krige. Reno en de frou besieten in boerespultsje yn 'e neite fan New Cumberland, ek yn Pennsylvania. Doe't syn frou yn 1874 kaam te ferstjerren, wie Reno yn Montana yn it fjild. Hy ried de nacht troch om Fort Benson te berikken sadat er ferlof freegje koe om 'e begraffenis by te wenjen, mar dat waard him wegere.

Tsjinst yn 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876

Under de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 wie Reno ûnderbefelhawwer fan it 7e Kavaleryrezjimint ûnder luitenant-kolonel George Armstrong Custer. Under de simmerkampanje ûntdieken de ferkenners fan it rezjimint op 25 juny 1876 yn súdlik Montana in grut Yndiaansk doarp oan 'e igge fan 'e rivier de Little Bighorn, dat yn haadsaak bewenne waard troch Lakota en Noardlike Sjajinnen. Custer besleat om daliks oan te fallen, en ferdielde dêrta syn rezjimint yn fjouwer detasjeminten. It wie de taak fan Reno om mei trije kompanjyen fan yn totaal 140 man it doarp fan 'e súdkant ôf oan te fallen. Custer sels ried ûnderwilens om en soe mei fiif kompanjyen út it noarden wei oanfalle, wylst kaptein Frederick Benteen mei trije kompanjyen nei it súdwesten ta stjoerd waard om in ûntsnapping fan 'e Yndianen ôf te snijen, en kaptein Thomas McDougall mei de oerbliuwende kompanjy de bagaazjetrein fan it rezjimint beskerme. Histoarisy binne it deroer iens dat de oanfal halje-trawalje ynset waard, sûnder dat Custer en syn ofsieren foar it ferstân hiene hoe grut oft it doarp wol net wie. Nei alle gedachten wiene der sa'n 10.000 Yndianen yn it doarp gearkommen om nei de foaroansteande medisynman Sittende Bolle te harkjen en diel te nimmen oan it jierlike sinnedûnsritueel, mei dêrûnder likernôch 2.000 krigers.

Custer syn plan om 'e Yndianen yn 'e skjirre te nimmen kaam neat fan op 'e hispel. Doe't Reno syn trije kompanjyen de rivier oerstieken en de súdlike ein fan it doarp oanfoelen, flechten de Yndianen net fuort, mar streamden de krigers krekt ta it doarp út om 'e oanfal ôf te slaan. Reno oardere syn troepen om ôf te stiigjen en har yn in skermutselingsliny op te stellen, mar troch de nûmerike oermacht fan 'e fijân waard er al rillegau sa swier yn syn kwetsbere lofterflank oanfallen, dat er him weromlûke moast yn it strewelleguod dat by de rivier lâns groeide. Op dat punt fan it gefjocht waard de ferkenner Bluodderich Mês yn 'e holle rekke troch in kûgel wylst er njonken Reno op it hynder siet, sadat it bloed en stikjes harsens de majoar yn it gesicht spatten. Mooglik noch yn shock fan dat foarfal, oardere Reno syn mannen om op te stiigjen, wer ôf te stiigjen en op 'e nij op te stiigjen. Doe rôp er harren ta: "Wa't ûntsnappe wol, folgje my!" en late er in gaoatyske flecht de rivier oer en by it steile klif oare kant de rivier op. Reno ferlear by syn flecht 3 ofsieren en 29 soldaten, wylst 1 ofsier, luitenant Charles DeRudio, en 13 oant 18 soldaten fermist rekken. De measten dêrfan wiene yn 'e dusoarder efterbleaun yn it strewelleguod en soene har letter by harren maten op it klif foegje.

Koart nei't Reno mei syn oansleine troepen posysjes ynnommen hie op it klif, dat letter trouwens de namme Reno Hill krije soe, foege kaptein Benteen him dêr mei syn trije kompanjyen by him, letter folge troch kaptein McDougall mei dy syn kompanjy en de bagaazjetrein. Ut 'e rjochting fan it noarden, dêr't Custer tsjin dy tiid sels de striid mei de Yndianen oangien wie, koe út en troch gewearfjoer heard wurde, mar nimmen op it klif hie der ek mar it flauste benul fan wat dêr barde. (Feitliks waard Custer syn wraam op it doarp daliks ôfslein, wêrnei't de Yndianen him op syn flecht swiere ferliezen tabrochten foar't se de restanten fan syn fiif kompanjyen op in heuveltop besingelen en oan 'e lêste man ta útrûgen.)

De fraach oft Reno en Benteen net fan harren klif ôf komme moatten hiene om Custer te helpen is noch altyd in kwestje dy't de hollen hjit krije kin. Uteinlik wie it kaptein Thomas Weir dy't tsjin direkte oarders yngie troch mei D Kompanjy op eigen manneboet ôf te setten nei it noarden. Hoewol't Reno en Benteen him koarte tiid letter mei de rest fan harren troepen efternei setten, slagge it harren net om fierder te kommen as oardel kilometer, by in hichte dy't tsjintwurdich Weir Ridge hjit. Oanwaaksende druk troch Yndiaanske oanfallen op harren troepen twong lykwols alle sân kompanjyen fan Reno en Benteen en wyk wer tebek nei Reno Hill. It gefjocht gie dêr troch oant de nacht foel en waard by moarnsdage op 26 juny wer ferfette, wêrnei't it ek it grutste part fan dy deis noch oanhold. Dêrby wie foar de besingele kompanjyen op it klif de útkomst lange tiid ûnwis. Tsjin 'e ein fan 'e middei koe waarnommen wurde hoe't de Yndianen harren doarp opbrieken. Om dyselde tiid hinne holden de oanfallen ek op. De reden dêrfoar wie it neieroankommen fan 'e farske troepen fan brigadegeneraal Alfred Terry en kolonel John Gibbon. Dy arrivearren ier op 27 juny op it slachfjild en ûntsetten doe de detasjeminten fan Reno en Benteen. Neitiid soe oan trettjin soldaten út Reno syn trije kompanjyen de Medal of Honor takend wurde foar moed op it slachfjild.

Lettere militêre tsjinst

Nei de Slach oan de Little Bighorn waard Reno it befel taskikt oer Fort Abercrombie, yn wat no Noard-Dakota is. Dêr waard er yn desimber 1876 beskuldige fan it dwaan fan in wraam op 'e frou fan in oare ofsier fan it 7e Kavaleryrezjimint, kaptein James Bell, wylst dyselde op patrûlje bûten it fort wie. In episkopaalske predikant, Richard Wainwright, dy't by it gesin Bell útfanhuze, fûn de sitewaasje earnstigernôch om kaptein Bell letter oer te heljen om in formele klacht tsjin Reno yn te tsjinjen foar ymmoreel hâlden en dragen.

Wat der krekt fan dizze saak oan is, kin no net mear neigien wurde, mar feit is dat Reno dû. Wainwright it rjocht ûntsein hie om yn syn fort te preekjen. Teffens wie wier dat Reno by ferskate gelegenheden yn it iepenbier dronken west hie. De befelhawwer fan 'e 7e Kavalery, kolonel Samuel D. Sturgis, joech de klachten tsjin Reno troch oan 'e foechhawwende autoriteiten, mar heakke der in ferklearring oan ta dat it spul om him wol nei de foddekoer trochwiisd wurde koe, mei't de ynsidinten fan dronkenskip foar it oergrutte part op hjeldagen en by oare festiviteiten plakfûn hiene, wêrby't oare ofsieren de flesse ek net sparre hiene. Reno moast syn funksje dellizze en yn St. Paul foar de kriichsried ferskine, dy't oanrette om him ûnearfol te ûntslaan. Presidint Rutherford B. Hayes sette dy útspraak lykwols om yn in twajierrige ûntheffing fan rang en soldij.

Neitiid waard Reno efterfolge troch beskuldigings fan leffens en dronkenskip ûnder de Slach oan de Little Bighorn. Om dêr in ein oan te meitsjen, frege er úteinlik sels in saneamd 'Hof fan Undersyk' (Court of Inquiry) oan, dat him tawiisd waard en yn jannewaris 1879 yn Chicago gearkaam. Dit hof kaam neitiid bekend te stean as it RCOI (Reno Court of Inquiry). De measte ofsieren en in oansjenlik tal soldaten fan 'e 7e Kavalery dy't de Slach oan de Little Bighorn oerlibbe hiene, waarden oproppen om te tsjûgjen. De sljochtwei soldaten soene letter ferklearje dat se ûnder druk set wiene om in posityf ferslach fan it hâlden en dragen fan Reno te jaan. Gjin inkele tsjûge koe him de "opstiigje-ôfstiigje-opstiigje"-flater fan Reno noch foar de geast helje. Letter die bliken dat der siden misten út it offisjele ôfskrift fan 'e harksittings en waard fêststeld dat de besteande tekst yn twa ferskillende hanskriften skreaun wie, ynstee fan ien (dat fan 'e griffier). De útkomst fan it ûndersyk wie dat Reno frijsprutsen waard fan alle beskuldigings, hoewol't er op gjin inkele manear lof taswaaid krige foar syn hâlden en dragen.

Yn 1880 waard Reno jitris foar de kriichsried dage foar hâlden en dragen in ofsier ûnweardich. Op 'e nij draaide it om syn drinken, wêrby't er diskear yn dronken steat de dochter fan kolonel Sturgis, syn kommandant, fan bûtenôf troch in rút begnúfd hawwe soe. Hoewol't Reno troch syn superieuren yn Fort Meade stipe waard, wie dit de drip dêr't de amer fan oerrûn; Reno waard ûnearfol út it Amerikaanske Leger ûntslein.

Thumb
It grêf fan Marcus Reno.

Lettere libben en dea

Neitiid ferfear Reno nei Washington, D.C., dêr't er oannommen waard as ûndersiker troch it Amerikaanske Buro fan Pinsjoenen. Yn jannewaris 1884 wertroude er mei in amtneresse dy't fan Isabella Ray hie, mar dy naaide al nei in pear moannen út. Doe't syn ienlingssoan yn Nashville mei de erfgenamte fan in whiskeybrouwer troude, skreau Reno him dat er dêr graach by oanwêzich wollen hie, mar dat er it spitigernôch te drok hie. Yn wurklikheid koed er it jild net byinoar krije om in treinkaartsje te keapjen. Hy bea oan om syn memoires te skriuwen, mar de New York Weekly Press stegere him ôf. Doe't er dochs in diel fan syn deiboek opstjoerde oangeande de Slach oan de Little Bighorn, waard it retoernearre, hoewol't deselde tekst letter postúm àl publisearre waard. Nei't er oanhelle rekke wie mei tongkanker en dêr in operaasje foar ûndergie, kaam Reno op 29 maart 1889 yn Washington, D.C. te ferstjerren. Hy waard 54 jier âld.

Neisleep

Ek nei syn dea bleau Marcus Reno in kontroversjeel figuer. Custer syn widdo, de ynfloedrike Elizabeth Clift Bacon, beskôge him as in leffert dy't skuld droech foar de dea fan har man, en stiek dy miening net ûnder stuollen of banken. Uteinlik waard yn 1967, op fersyk fan Reno syn âldomkesizzer Charles Reno, de twadde kriichriedsaak út 1880 weriepene, wêrby't de orizjinele dokuminten bestudearre waarden. De Amerikaanske militêre wersjenningskommisje besleat doe om 'e útspraak fan 'e kriichsried werom te draaien, en syn ûnearfol ûntslach te feroarjen yn in earfol ûntslach. Oarspronklik wie Reno begroeven yn in ûnmarkearre grêf op it Glenwood Begraafplak fan Washington, D.C., mar nei't syn saak op 'e nij besjoen wie, waard syn stoflik omskot opgroeven en op 9 septimber 1969 mei folle militêre eare (in tsjerketsjinst yn Billings ynbegrepen) werbegroeven op it begraafplak fan it Nasjonaal Monumint Slachfjild oan de Little Bighorn.

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.