Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
In stoomboat of stoomskip is in skip dat oandreaun wurdt troch in stoommasine of in stoomturbine. Yn it earstoan dreau de stoommasine in skeprêd oan, nei 1836 komt de stoomboot mei skipsskroef op. Skippen dy't op stoomfarre, drage foar harren namme faak de ôfkoarting 'SS' (stoomskip of steam ship), lykas it SS Rotterdam (V).
Yn 1737 boude Jonathan Hulls in stoomboat dy't twa skoeprêden oan de efterstjûne hie, mar lykwols gjin grutte foardielen oer sylskippen hie. Pas nei't James Watt se stoommasine ferbettere hie, waarden stoomboaten rindabel. De earste rêdstoomboat wie de Pyroscaphe (1783) ûntwurpen troch de Frânsman Claude François Jouffroy d'Abbans.
Seeskippen hawwe in ynstallaasje om de stoom wer ta wetter te kondinsearjen en opnij te brûken. Seewetter is nammers net geskikt foar in stoommasine. Stoommasines op it lân hawwe sa'n ynstallaasje komselden, omdat dêr maklik oan wetter te kommen is.
Yn it bejin waard stienkoal brûkt as brânstof. Letter waarden meast oaljestookte tsjettels brûkt foar de opwekking fan stoom en de fersmoargjende koale-ynstallaasjes komme op skippen praktysk net mear foar. De aldernijste metoade foar it opwekken fan stoom is de kearnsintrale, dat in atoomûnderseeër is strikt nommen in stoomskip.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Category:Steamships fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.