Winnetou 2. Teil
film út 1964 fan Harald Reinl / From Wikipedia, the free encyclopedia
Winnetou 2. Teil (de punt jout in rangtelwurd oan, dus útsprutsen as Winnetou zweiten Teil) is in Westdútsk-Joegoslavysk-Frânsk-Italjaanske westernfilm út 1964. De Servo-Kroätyske titel wie Vinetu II, yn it Frânsk hiet de film Le Trésor des Montagnes Bleues, yn it Italjaansk Giorni di Fuoco, en yn it Ingelsk stied er bekend as Last of the Renegades. It wie de twadde yn in trilogy ferfilmings fan 'e ferneamde Winnetou-romans fan 'e Dútske skriuwer Karl May. Winnetou 2. Teil waard regissearre troch Harald Reinl, wylst Pierre Brice en Lex Barker de haadrollen spilen fan Winnetou en Old Shatterhand. De plot folget Winnetou wylst er yn it noarden fan 'e Grutte Flakten frede besiket te stiftsjen tusken de Yndianen en de blanken. Winnetou 2. Teil waard troch de Westdútske filmkritisy mei mingde resinsjes ûnthelle, mar ûntjoech him nettsjinsteande dat yn 'e bioskopen ta in kommersjeel súkses.
Winnetou 2. Teil | ||
![]() | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
![]() | ||
makkers | ||
regisseur | Harald Reinl | |
produsint | Horst Wendlandt Ivo Vrhoveć Erwin Gitt Wolfgang Kühnlenz | |
senario | Harald G. Petersson | |
basearre op | de Winnetou-rige fan Karl May | |
kamerarezjy | Ernst W. Kalinke | |
muzyk | Martin Böttcher | |
filmstudio | Rialto Film Jadran Film S.N.C. Atlantis Film | |
distribúsje | Constantin Film | |
spilers | ||
haadrollen | Pierre Brice Lex Barker | |
byrollen | Anthony Steel Karin Dor Klaus Kinski Renato Baldini Terence Hill Eddi Arent | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | ![]() ![]() ![]() ![]() | |
premiêre | 17 septimber 1964 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | westernfilm | |
taal | Dútsk | |
spyltiid | 94 minuten | |
filmsearje | ||
filmsearje | Winnetou | |
● foarich diel | Winnetou 1. Teil | |
● folgjend diel | Winnetou 3. Teil |