![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/7/74/Winnetou_Teil_3_Logo_001.svg/langfy-640px-Winnetou_Teil_3_Logo_001.svg.png&w=640&q=50)
Winnetou 3. Teil
film út 1965 fan Harald Reinl / From Wikipedia, the free encyclopedia
Winnetou 3. Teil (de punt jout in rangtelwurd oan, dus útsprutsen as Winnetou dritten Teil) is in Westdútsk-Joegoslavyske westernfilm út 1965. De Servo-Kroätyske titel wie Vinetu III, en yn it Ingelsk stied er bekend as The Desperado Trail. It wie de trêde yn in trilogy ferfilmings fan 'e ferneamde Winnetou-romans fan 'e Dútske skriuwer Karl May. Winnetou 3. Teil waard, krekt as de beide foargongers, regissearre troch Harald Reinl, wylst Pierre Brice en Lex Barker op 'e nij de haadrollen spilen fan Winnetou en Old Shatterhand. Yn 'e film moatte de beide helden fannijs yn aksje komme om 'e frede tusken blanken en Yndianen te bewarjen, as banditen dy besykje te fersteuren. Winnetou 3. Teil waard troch de Westdútske filmkritisy mei tige loovjende resinsjes ûntfongen en ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in grut kommersjeel súkses.
Winnetou 3. Teil | ||
![]() | ||
![]() | ||
makkers | ||
regisseur | Harald Reinl | |
produsint | Horst Wendlandt Erwin Gitt Stipe Gurdulić | |
senario | J. Joachim Bartsch Harald G. Petersson | |
basearre op | de Winnetou-rige fan Karl May | |
kamerarezjy | Ernst W. Kalinke | |
muzyk | Martin Böttcher | |
filmstudio | Rialto Film Jadran Film | |
distribúsje | Constantin Film (Jeropa) Columbia Pictures (Fer. Steaten) | |
spilers | ||
haadrollen | Pierre Brice Lex Barker | |
byrollen | Rik Battaglia Sophie Hardy Ralf Wolter Carl Lange Miha Baloh | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | ![]() ![]() | |
premiêre | 15 oktober 1965 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | westernfilm | |
taal | Dútsk | |
spyltiid | 93 minuten | |
filmsearje | ||
filmsearje | Winnetou | |
● foarich diel | Winnetou 2. Teil |