Karl May
From Wikipedia, the free encyclopedia
Carl Friedrich May (Ernstthal, 25 febrewaris 1842 – Radebeul, 30 maart 1912), meast Karl May neamd, wie in Dútske skriuwer, dy't fral wrâldferneamd wurden is troch syn ferhalen oer Winnetou en Old Shatterhand yn it 'Wylde Westen', mar ek mei de ferhalen oer Kara ben Nemsi en Hadji Halef Omar yn it Midden-Easten. Teffens wie er auteur fan reisferhalen, jeugdferhalen en kolportaazjeromans (ek wol Münchmeyerromans neamd).