Dútslân
From Wikipedia, the free encyclopedia
Dútslân, ek wol stavere as Dútsklân, offisjeel Bûnsrepublyk Dútslân (Dútsk: Bundesrepublik Deutschland), is in lân yn Sintraal-Europa. De haadstêd is Berlyn en de bûnskanselier fan de republyk is sûnt 2021 Olaf Scholz. Dútslân is in federale republyk mei sechstjin dielsteaten (Bundesländer). It lân grinzet oan njoggen buorlannen en oan de Noard- en Eastsee.
Bundesrepublik Deutschland (dú) | |
Biedwurd: Einigkeit und Recht und Freiheit "Ienheid en Rjocht en Frijheid" | |
Folksliet: Das Lied der Deutschen | |
Haadstêd | Berlyn |
Offisjele taal | Dútsk |
Offisjele minderheidstaal | Deensk |
Noardfrysk | |
Sealterfrysk | |
Sorbysk | |
Romani | |
Erkende streektaal | Nederdútsk |
Steatsfoarm | Parlemintêre republyk |
- presidint | Frank-Walter Steinmeier |
- regearlieder | Olaf Scholz Lid fan 'e SPD |
Unôfhinklikheid | 1871 |
Oerflak | 357.168 km² |
Ynwennertal | 83.129.285 [1] (2021) |
Befolkingstichtens | 232 ynwenners/km² |
Muntienheid | Dútske mark (DEM) (-2002) euro (EUR) (2002-) |
Tiidsône | MET (UTC+1) |
- simmertiid | MEST (UTC+2) |
Nasjonale feestdei | 3 oktober |
Ynternetdomein | .de |
Telefoan | +49 |
ISO 3166 | DE, DEU, 276 |
Al sûnt de Aldheid waard it hjoeddeistige suden fan Skandinaavje en it noarden fan Dútslân bewenne troch Germaanske stammen. Sa'n 100 jier f.Kr. makken de Romeinen al melding fan in regio mei de namme Germania. Mei de delgong fan it Romeinske Ryk en it Grutte Folkeferfarren fêstigen de Germanen har hieltyd fierder yn Sintraal-Europa. Oan 't begjin fan de 10e iuw ûntstie it Hillige Roomske Ryk dat in grut part fan dy Germaanske gebieten omfette. Yn de rin fan de 16e iuw is foaral it noarden fan Dútslân in broeinêst foar de Reformaasje. Krekt as it Hillige Roomske Ryk wie it Dútske Bûn (1815–1866) in steatebûn, pas yn 1871 wurdt Dútslân mei de oprjochting fan it Dútske Keizerryk in naasje.
Dútslân is sûnt de oprjochting lid fan de Europeeske Uny en is ûnderdiel fan de Eurosône. Dútslân is ek lid fan de Feriene Naasjes, NAFO, de G7 en de G20. Dútslân hat it Kyoto protokol en Schengen akkoard tekene. De ekonomy is de fjirdgrutste fan de wrâld neffens BYP en it tredgrutste eksportearjende lân yn 2012. Dútslân is nei ynwennertal it grutste lân fan de Europeeske Uny en hat in oerflak fan 356.974 km². It lân hat it tredgrutste oantal ymmigranten fan alle lannen op de wrâld.