Winnetou 1. Teil
film út 1963 fan Harald Reinl / From Wikipedia, the free encyclopedia
Winnetou 1. Teil (de punt jout in rangtelwurd oan, dus útsprutsen as Winnetou ersten Teil) is in Westdútsk-Joegoslavysk-Frânske westernfilm út 1963. De Servo-Kroätyske titel wie Vinetu I, yn it Frânsk hiet de film La Révolte des Indiens Apaches, en yn it Ingelsk stied er bekend as Apache Gold. It wie de earste yn in trilogy ferfilmings fan 'e ferneamde Winnetou-romans fan 'e Dútske skriuwer Karl May. Winnetou 1. Teil waard regissearre troch Harald Reinl, wylst Pierre Brice en Lex Barker de haadrollen spilen fan Winnetou en Old Shatterhand. De plot folget Old Shatterhand wylst er yn it Wylde Westen besiket en bewarje de frede tusken de blanke kolonisten en de Yndianen, wylst de bandyt Santer dat besiket te dwerseidzjen. Winnetou 1. Teil waard troch de Westdútske filmkritisy mei positive resinsjes ûnthelle en ûntjoech him ta in grut kommersjeel súkses.
Winnetou 1. Teil | ||
![]() | ||
![]() | ||
makkers | ||
regisseur | Harald Reinl | |
produsint | Horst Wendlandt | |
senario | Harald G. Petersson | |
basearre op | de Winnetou-rige fan Karl May | |
kamerarezjy | Ernst W. Kalinke | |
muzyk | Martin Böttcher | |
filmstudio | Jadran Film Rialto Film S.N.C. | |
distribúsje | Constantin Film (Jeropa) Columbia Pictures (Fer. Steaten) | |
spilers | ||
haadrollen | Pierre Brice Lex Barker | |
byrollen | Mario Adorf Ralf Wolters Walt Barnes Marie Versini Mavid Popović | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | ![]() ![]() ![]() | |
premiêre | 11 desimber 1963 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | westernfilm | |
taal | Dútsk | |
spyltiid | 101 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | DM4 miljoen | |
opbringst | €10 miljoen (West-Dútslân) | |
filmsearje | ||
filmsearje | Winnetou | |
● folgjend diel | Winnetou 2. Teil |