Troy is in Amerikaansk-Britsk-Malteeske sandalefilm en histoaryske oarlochsfilm út 2004 ûnder rezjy fan Wolfgang Petersen. De haadrollen waarden spile troch Brad Pitt en Eric Bana, mei Brian Cox, Orlando Bloom, Diane Kruger, Rose Byrne en Peter O'Toole yn 'e wichtichste ûnderstypjende rollen. De titel betsjut "Troaje". It ferhaal is in werfertelling 'e Trojaanske Oarloch út 'e Ilias fan Homearus, mar dan gearparse yn in pear wiken ynstee útsmaard oer njoggen jier, en mei ferskate wichtige eleminten weilitten. Yn 'e film wurdt de oarloch oan 'e kant fan'e Griken fan begjin oant ein behearske troch de deilisskip tusken de held Achilles en kening Agamemnon fan Mysene (ynstee fan inkeld yn it njoggende jier). Yn it paad fan 'e Grykske ferovering fan 'e rike stêdsteat Troaje stiet de Trojaanske legeroanfierder prins Hektor. De ein fan 'e film, dy't de plondering fan Troaje troch de Griken sjen lit, is oernommen út 'e Posthomearika fan Kwintus Smyrnéus, mei't de Ilias eins einiget mei de dea en útfeart fan Hektor. Troy krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen.
Troy | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Wolfgang Petersen | |
produsint | Wolfgang Petersen Diana Rathbun Colin Wilson | |
senario | David Benioff | |
basearre op | ● de Ilias fan Homearus ● de Posthomearika fan Kwintus Smyrnéus | |
kamerarezjy | Roger Pratt | |
muzyk | James Horner | |
filmstudio | Warner Bros. Helena Productions Latina Pictures Radiant Productions Plan B Entertainment Nimar Studios | |
distribúsje | Warner Bros. | |
spilers | ||
haadrollen | Brad Pitt Eric Bana | |
voice-over | Sean Bean | |
byrollen | Brian Cox Orlando Bloom Sean Bean Diane Kruger Rose Byrne Peter O'Toole | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten Feriene Keninkryk Malta | |
premiêre | 14 maaie 2004 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | sandale- en oarlochsfilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 163 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $175 miljoen | |
opbringst | $497,4 miljoen |
Plot
Agamemnon, de kening fan 'e Grykske stêdsteat Mysene, is derop út om hiele Grikelân ûnder syn macht te bringen. As er besiket om ek Tessaalje binnen syn ynfloedssfear te lûken troch kening Triopas fan Tessaalje te ferslaan, wurdt in fjildslach tusken de beide Grykske legers foarkomd as Agamemnon en Triopas ôfprate har by de útkomst fan in twakamp tusken harren foarfjochters del te lizzen. Triopas ropt Boagrius op, in reuseftige keardel, wylst Agamemnon syn bêste fjochter Achilles opropt. Dy lêste is lykwols nearne te bekennen en moat út syn tinte helle wurde, dêr't er noch leit te bekommen fan in lange nacht mei wyn en willige froulju. Achilles hat inkeld minachting foar Agamemnon, dy't sels altyd oaren foar him fjochtsje lit, en dat lit er iepentlik blike, ta uterste argewaasje fan 'e kening. Dy hatet him en soe him leaver ôftankje, mar kin net sûnder syn talinten op it slachfjild. As Achilles by de beide legers ferskynt (en bepraat is om fannijs foar Agamemnon te fjochtsjen), weeft er binnen in pear tellen ôf mei Boagrius. Dêrop hâldt Triopas wurd en jout him ûnder de oerhearskippij fan Agamemnon del.
Underwilens besiket kening Menelaos fan Sparta, de jongere broer fan Agamemnon, de frede te bewarjen tusken de Griken en de Trojanen, dy't de oare grutmacht yn 'e krite fan 'e Egeyske See foarmje. Dêrta hat er Hektor en Paris, de soannen fan kening Priamos fan Troaje, yn Sparta útnûge. Eltse jûn, as Menelaos himsels fermakket mei wyn en slavinnen, glûpt prins Paris lykwols nei de sliepkeamer fan Menalaos syn frou Helena, mei wa't er oerhoer docht. As de Trojaanske bruorren nei ferrin fan tiid op hûs oan sile, docht ta argewaasje fan Hektor bliken dat de ûnberette Paris yn syn ferealens Helena meismokkele hat oan board fan harren galei, mei't er har mei werom nimme wol nei Troaje om mei har te trouwen. Wannear't Menelaos foar it ferstân kriget wat der bard is, wurdt er alhiel breinroer en giet er nei syn broer Agamemnon om dy syn stipe te freegjen by it weromheljen fan Helena út Troaje.
Agamemnon sjocht yn dit foarfal in treflike oanlieding om it losse ferbûn fan Grykske stêdsteaten, dêr't er lieding oan jout, oer te heljen en fier oarloch tsjin Troaje. Sels maalt er alhiel net om Troaje of om 'e fernedering fan syn broer Menelaos; mar Troaje is de rykste stêd yn it gebiet fan 'e Egeyske See, en Agamemnon begeart dy rykdom en de fergrutting fan syn macht as Troaje útskeakele wurde soe. Hy stjoert dêrom fuortendaliks boadskippers nei alle Grykske keningen mei it berjocht om te risselwearjen foar oarloch tsjin Troaje. Op advys fan Nestor, de wize kening fan Pylos, beslút er ek Achilles op te roppen foar de striid, ek al soed er dy folle leaver thúslitte. Mei't in befel fan Agamemnon de grutske Achilles perfoarst yn it ferkearde kielsgat sjitte soe, wurdt Odysseus, de kening fan Itaka, mei wa't Achilles befreone is, stjoerd om him oer te heljen. Achilles wifelet oer wat er dwaan sil. Hy giet by yn mem Tetis te rie, dy't profetyske jeften hat. Sy fertelt him dat er by syn thúsbliuwen in lang, mar aldendeisk libben liede sil, wylst er, as er ôfset nei Troaje, nea wer thúskomme sil, mar dat dan syn namme oer trijetûzen jier noch wiid en siid bekend wêze sil. Achilles, dy't slij is nei rom, beslút om ôf te setten nei Troaje.
Yn Troaje is kening Priamos ûntset as Paris en Hektor weromkomme mei de tsjeppe Helena op sleeptou, mar hy is in fromme heiden, dy't leaut dat alles komt sa't de goaden it hawwe wolle. Dat, hy ferwolkommet Helena yn Troaje en lit risselwearje foar in oarloch mei de Griken, dy't no sûnder mis komme sil. De Trojanen fersterkje it strân by Troaje om 'e fijân dêr al tsjin te kearen, mar as se komme, fart it galei fan Achilles, sûnder dat er dêrfoar befel krigen hat fan Agamemnon, foarút om syn bemanning as earste oan lân te setten. Achilles en syn karkloft, de Myrmidoanen, houwe harsels in wei troch de Trojaanske ferdigening, letter stipe troch Ajaks de Grutte, de kening fan Salamis, en syn mannen. Achilles lit op it strân de timpel fan Apollo, de patroangod fan Troaje, plonderje en de preesters deaslaan. In koarte konfrontaasje mei Hektor einiget ûnbeslist, mei't Achilles gjin prins fan Troaje befjochtsje wol as der nimmen is om te sjen dat er dat docht.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Neitiid, as de Trojanen har efter de grouwe muorren fan har stêd weromlutsen hawwe en de Griken lâne binne en op it strân in kamp opslein hawwe, bringt Eudoarus, de ûnderbefelhawwer fan 'e Myrmidoanen, in jonge frou by Achilles, in preesteresse fan Apollo, dy't syn mannen op in skûlplak yn 'e timpel oantroffen hawwe. Har namme is Briseïs, en se is in omkesizzer fan kening Priamos en in nicht fan Hektor en Paris. Nettsjinsteande it feit dat se oarlochsbút yn 'e hannen fan 'e fijân is, byt se noch omraak fan har ôf, en Achilles mei har fuortendaliks wol lije. Hy fertelt har dat sy op it stuit de iennichste Trojaan is dy't neat fan him te freezjen hat.
As Achilles by Agamemnon roppen wurdt, is er der tsjûge fan hoe't dyselde troch eltsenien lokwinske wurdt mei de grutte oerwinning dy't er behelle hat. Dat is tige soer foar Achilles, mei't de oerwinning sines wie en Agamemnon gjin hân útstutsen hat. De mannen wikselje bedutsen misledigings út en Agamemnon easket de bút út 'e timpel op. Achilles seit dat er fan it goud fan 'e Myrmidoanen mar nimme moat wat er hawwe wol. Agamemnon antwurdet dat er al nommen hat wat er hawwe wol, wêrnei't twa fan syn mannen Briseïs de tinte yn slepe. Dan wurdt Achilles troch alles hinne lulk; hy lûkt syn swurd en stiet op it punt om it op te nimmen tsjin Agamemnon syn soldaten, mar Briseïs springt dertuskenyn en bêdet de boel del, mei't se seit dat se net wol dat der om har minsken deamakke wurde. Sa bliuwt Briseïs yn it besit fan Agamemnon, mar Achilles beslút dat er net mear oan 'e oarloch dielnimme sil oant Agamemnon him dêrom smeket.
De oare moarns stelle de Trojanen har yn slachoarder op foar de poarte fan harren stêd, op in flakte dêr't har flanken dutsen wurde troch twa útstulpings fan 'e stedsmuorren, dy't har sadwaande oan trije kanten omjouwe. Agamemnon liedt it Grykske leger minus de Myrmidoanen nei foarren ta. Underwilens hat Paris besletten dat er net wol dat der noch mear Trojanen stjerre foar syn beslissing om Helena te skaken. Dat by ûnderhannelings fan Hektor mei Agamemnon foarôfgeande oan 'e fjildslach, tusken de beide legers yn, stelt hy foar om in twakamp te hâlden tusken himsels en Menelaos, en de útkomst dêrfan de oarloch beslisse te litten: as hy wint, geane de Griken sûnder Helena nei hûs; as Menelaos wint, geane de Griken mei Helena nei hûs. Agamemnon fielt dêr neat foar, want hy wol Troaje hawwe en Helena kin him neat skele, mar Menelaos, dy't wraak nimme wol op Paris, bepraat him om 'e twakamp trochgean te litten, wêrnei't er altyd noch Troaje oanfalle kin.
Yn harren twakamp wurdt Paris ferwûne troch Menelaos. As dúdlik wurdt dat er gjin partij is foar de kening fan Sparta, ûntsinkt alle moed him en klaut er tebek om oan 'e fuotten fan syn broer Hektor yninoar te krimpen. Menelaos easket it rjocht op om Paris te deadzjen, mei't it in twakamp oant de dea is, en ropt Hektor op om Paris oan him út te leverjen. Hektor antwurdet: "Hy is myn broer." As Menelaos dochs besiket om Paris dea te houwen, stekt Hektor him troch it hert. Dat biedt Agamemnon it perfekte ferlechje om 'e oarloch fuort te setten, dat hy jout syn troepen befel om it Trojaanske leger oan te fallen. Hoewol't der twa Griken foar eltse Trojaan binne, kinne de bôgesjitters op 'e muorren fan Troaje de Griken fan trije kanten ôf besjitte, wat liedt ta in bloedbad. Yn 'e striid deadet Hektor Ajaks de Grutte, dy't yn 'e foarste Grykske liny fjochtet. Odysseus praat op Agamemnon yn om it Grykske leger werom te lûken foar't it oan 'e lêste man ta ôfslachte wurdt. Op 't langelêst harket Agamemnon nei him en beoarderet in weromtocht nei it Grykske kamp.
Nei't Menelaos en Ajaks dy jûns kremearre binne, redendiele Agamemnon, Nestor en Odysseus oer de reden foar de Grykske nederlaach. Nestor stiet der tige by Agamemnon op oan om it goed te meitsjen mei Achilles, mei't de Griken no mear as ea ferlet hawwe fan dy grutte held. Dat sinniget Agamemnon min, mar hy harket nei syn riejouwers. Nestor merkt op dat Achilles sûnder mis Briseïs weromhawwe wolle sil, mar Agamemnon seit dat er it fanke oan syn mannen jûn hat, mei't dy nei de nederlaach wol in fersetsje brûke koene. Wylst de soldaten fan Agamemnon risselwearje om Briseïs te ferkrêftsjen, wolle se har earst brânmerkje. Achilles komt lykwols tuskenbeiden en slacht twa man heal dea, wêrnei't de oaren wol om lyk wolle. Hy nimt Briseïs mei werom nei syn tinte, dêr't se him letter dy nachts yn syn sliep besiket te fermoardzjen. Hy wurdt lykwols wekker en daget har út om har plan troch te setten; ynstee bedriuwe se de leafde en wurde se minners. De oare moarns nimt Achilles him foar om nei hûs te silen, mei't er skjin syn nocht hat fan Agamemnon en de hiele oarloch. Dat beslút skokt de Myrmidoanen, en fral Achilles syn neef en beskermeling Patroklus.
Underwilens hâlde de Trojaanske lieders beried. Hektor wiist derop dat de ôfwêzigens fan Achilles yn 'e slach betsjut dat der twaspjalt hearsket yn 'e Grykske rangen, en dat de Trojanen dêrom better in skoftke ôfwachtsje kinne om't in Trojaanske oanfal de Griken wer ferienje soe. Syn heit Priamos harket lykwols net nei him en folget it advys op fan legeroerste Glaukos en hegepreester Archeptolemus, om sa gau mooglik in wraam op it Grykske kamp te dwaan. Dy beiden wolle safolle mooglik profyt helje út 'e oerwinning foar de poarten en miene dat se no de Griken twinge kinne om nei hûs te gean. Sa't Hektor al freze hie, hielet de Trojaanske oanfal de breklinen mank de Griken. Achilles komt fanwegen mei de Myrmidoanen om lieding te jaan oan 'e ferdigening fan it Grykske kamp. Hektor bynt de striid mei him oan en deadet him, mar as er syn fijân de helm ôfdocht, blykt it net Achilles te wêzen, mar Patroklus yn 'e wapenris fan Achilles. Sawol de Griken as de Trojanen binne der alhiel ôf troch dat barren, en de oarloch wurdt foar de rest fan 'e dei stillein.
Eudoarus hat de ûntankbere taak om Achilles, dy't eins de hiele dei net út syn tinten kommen is, it nijs te bringen fan 'e dea fan syn neef. Achilles is alhiel ûntsteld troch it nijs, mar syn skok slacht gau om yn razernij, en hy swart wraak op Hektor. Dyselde sjocht it troch syn fersin somber yn, mei't er wol foar it ferstân hat dat er no fan Achilles in ûnfersoenbere fijân makke hat. Hy nimt syn frou Andromache mei en lit har in geheime gong sjen, dy't út it keninklik paleis fan Troaje ta de stêd út rint nei de berch Ida. Hy hjit har om, as de tiid komt, harren poppe en alle oare oerlibbenen dy't se sammelje kin, mei te nimmen en te ûntsnappen, mei't de Griken fan Troaje perfoarst gjin stien op 'e oare litte sille.
De folgjende dei ferskynt Achilles allinne foar de poarten fan Troaje om Hektor út te daagjen ta in twakamp. Hektor wit dat de dea him wankt, mar hy giet likegoed ta de stêd út, nei't er al deselden fan wa't er hâldt, farwol sein hat. Yn 'e twakamp giet it lang lyk op tusken de beide krigele helden, mar njonkelytsen rekket Hektor ynein, wylst wurgens op Achilles gjin gryp liket te hawwen. Op 't lêst wurdt Achilles Hektor oermânsk en deadet him, wêrnei't er him oan 'e fuotten efter syn striidwein bynt en sa nei it Grykske kamp ta sleept om him in earbere kremaasje te ûntnimmen. Dy nachts wurdt Achilles yn syn tinte opsocht troch Priamos, dy't temûk en ynkognito it Grykske kamp binnen gien is. Hy tutet Achilles de hannen en smeekt him om it stoflik omskot fan Hektor werom te jaan. Under de yndruk fan 'e moed fan 'e Trojaanske kening en beskamme oer syn eigen dieden stimt Achilles dêrmei yn. Teffens jout er Briseïs oan Priamos mei en lit er de Myrmidoanen de kening nei de poarten fan Troaje eskortearje, om te bewissigjen dat er dêr feilich weromkeare sil. Hy ûnthjit in wapenstilstân fan tolve dagen, mei't dat de tradisjonele routiid is foar in prins.
Agamemnon is poerrazen as er heart wat Achilles dien hat, mar Nestor en Odysseus prate op him yn oant er him by de sitewaasje delleit. Hy is lykwols mear as ea wisberet om Troaje yn te nimmen en plat te baarnen, ek al moat er dêr it hiele Grykske leger foar opofferje. Under de wapenstilstân kriget Odysseus lykwols in helder idee, en op syn oanstean bouwe de Griken in reuseftich houten hynder. Achilles stjoert Eudoarus en de Myrmidoanen werom nei Grikelân, mar bliuwt sels efter, mei't der, sa seit er, noch wat is dat er dwaan moat.
As de tolve dagen fan rou om binne, komme de Trojanen ta de stêd út en treffe op it strân inkeld in pear liken fan Grykske soldaten oan dy't dúdlik oan in besmetlike sykte stoarn binne, mei dêropta it grutte houten hynder. Se geane derfan út dat de Griken de belegering fan Troaje opjaan moatten hawwe omreden fan sykte yn harren kamp, en se beskôgje it hynder as in offer fan 'e Griken oan 'e seegod Poseidon foar in behâlden thúsfeart. Paris stiet de hiele sitewaasje net en trunet syn heit ferskate kearen oan om it hynder op it strân te ferbaarnen, mar Priamos beslút dat it de stêd yn sleept wurde moat om it by de timpel fan Poseidon te bringen. In Trojaanske ferkenner ûntdekt de Grykske skippen ferburgen yn in baai earnewêr oars oan 'e kust, mar hy wurdt mei pylken trochsingele ear't er alaarm slaan kin.
Dy nachts, as it hynder op in plein midden yn 'e stêd stiet, geane de sydkanten iepen en blike der in stikmannich Grykske soldaten yn te sitten, dy't ûnder lieding steane fan Odysseus en Achilles. Odysseus en de oaren sette nei de poarten fan 'e stêd ta, deadzje de poartewachters en iepenje de poarten foar it Grykske leger, wêrmei't de Fal fan Troaje begjint. Achilles kringt ûnderwilens it keninklik paleis yn om Briseïs te sykjen, mei't er har beskermje wol tsjin 'e oare Griken. Paris fynt einlings syn moed werom en nimt ôfskie fan Helena, mei't er fan doel is oan 'e ein ta it keninklik paleis te ferdigenjen. Andromache en har poppe, beselskippe fan oare froulju en bern, en ek âlden fan dagen en ferwûnen, flechtsje troch de geheime gong dy't Hektor har sjen litten hat. Helena jout har by harren. Paris jout it legindarysk Swurd fan Troaje oan in opslûpen jonge dy't Ainéas hjit, en oarderet him om foar de flechtlingen in nij wenplak te stiftsjen.
Wylst it Grykske leger Troaje plonderet en yn 'e brân stekt, berikke de earste Grykske kriichslju it keninklik paleis. Dêr wurde se in skoft opkeard troch Glaukos, dy't de Trojanen oanfierd by in dapper lêste ferset. Hja wurde lykwols ûnder fuotten helle troch de nûmerike oermacht fan 'e Griken, en komme oan 'e lêste man ta te sneuveljen. Dêrnei leit it paleis foar de oanfallers iepen. Dêre siket en fynt Agamemnon kening Priamos, dy't er fan efteren deastekt. Dêrnei treft er Briseïs, dy't er oanseit dat se no syn slavinne is, en dat se tenei oerdeis de flierren fan syn paleis yn Mysene bjinne sil wylst se nachts himsels oan syn gerak helpe moat. Briseïs hat lykwols ûnder har klean in dagge ferburgen, en dêr stekt se Agamemnon mei yn 'e hals, dat er it bestjert. Syn soldaten falle op har oan, mar Achilles arrivearret krekt op 'e tiid om har te rêden en slacht alle Griken dea dy't har tenei komme wolle.
As er har lykwols nei bûten ta draacht, komme se de mei pylk-en-bôge bewapene Paris tsjin, dy't wraak nimt foar de dea fan Hektor troch Achilles del te sjitten. De earste pylk rekket him krekt boppe de hakke, yn 'e haksine (Nederlânsk: achillespees), en de oaren treffe him yn it boarst. Achilles skuort alle pylken derút op dy yn syn haksine nei. Dêrnei nimt er ôfskie fan Briseïs, stjoert har nei Paris en sjocht ta hoe't se mei dyselde fuortflechtet om harren by de flechtlingen yn 'e geheime gong te jaan, foar't er oan syn wûnen beswykt. Yn 'e neisleep fan 'e Grykske oerwinning wurdt Achilles kremearre troch Odysseus, dy't yn in voice-over fertelt dat er yn syn libben wiere reuzen kennen hat: Hektor en Achilles, en dat er hopet dat syn namme foar altyd mei harres ferbûn bliuwe sil.
Rolferdieling
- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Achilles | Brad Pitt |
Hektor, kroanprins fan Troaje | Eric Bana |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Agamemnon, kening fan Mysene | Brian Cox |
Paris, prins fan Troaje | Orlando Bloom |
Odysseus, kening fan Itaka / voice-over | Sean Bean |
Helena, prinsesse fan Troaje | Diane Kruger |
Briseïs | Rose Byrne |
Priamos, kening fan Troaje | Peter O'Toole |
Menelaos, kening fan Sparta | Brendan Gleeson |
Andromache, prinsesse fan Troaje | Saffron Burrows |
Eudoarus, foarman fan 'e Myrmidoanen | Vincent Regan |
Ajaks de Grutte, kening fan Salamis | Tyler Mane |
Glaukos fan Lysje | James Cosmo |
Patroklus | Garrett Hedlund |
Thetis, de mem fan Achilles | Julie Christie |
Nestor, kening fan Pylos | John Shrapnel |
Archeptolemus, hegepreester fan Apollo | Nigel Terry |
Triopas, kening fan Tessaalje | Julian Glover |
Vellor | Trevor Eve |
Boagrius, de foarfjochter fan Tessaalje | Nathan Jones |
Ainéas | Frankie Fitzgerald |
Produksje en distribúsje
Produksje
Troy waard regissearre troch Wolfgang Petersen nei in senario fan David Benioff. Dat wie loskes basearre op 'e Ilias, it Aldgrykske epysk gedicht fan Homearus, dat datearret fan likernôch 850 f.Kr. Mei't dat wurk einiget mei de dea en útfeart fan Hektor, is it lêste part fan it skript eins basearre op 'e Posthomearika fan Kwintus Smyrnéus, dat nei alle gedachten yn 'e trêde iuw (n.Kr.) skreaun is. As produsinten wiene Petersen, Diana Rathbun en Colin Wilson by it projekt belutsen foar de filmstudio's Warner Bros., Helena Productions, Latina Pictures, Radiant Productions, Plan B Entertainment en de Nimar Studios. Dêrmei wie de film in Amerikaansk-Britsk-Malteeske ko-produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan $175 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Roger Pratt, en de filmmuzyk waard fersoarge troch James Horner.
Opnamen
De opnamen foar Troy fûnen fan april oant juny 2003 plak. Der waard benammen filme op lokaasje op Malta by Fort Ricasoli, yn Mellieħa en op it eilân Comino. De stedsmuorren fan Troaje waarden neiboud en filme yn Cabo San Lucas, op it Kalifornysk Skiereilân yn Meksiko. De opnamen waarden dêre in skoft fersteurd troch Orkaan Marty. De binnendoarsênes waarden foar it meastepart opnommen yn 'e Shepperton Studios yn it Ingelske greefskip Surrey. De rol fan Briseïs soe oarspronklik spile wurde troch Bollywood-aktrise Aishwarya Rai, mar dy loek har werom om't se har net noflik fielde by de (nei Westerske mjitstêven frij nuete) bêdsêne mei Brad Pitt. De rol gie doe nei Rose Byrne.
Distribúsje
De distribúsje fan Troy waard fersoarge troch Warner Bros. De film waard foar it earst fertoand op 13 maaie op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes, en gie de deis dêrnei yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 11 maaie 2004 by platemaatskippij Reprise Records. Troy kaam op 4 jannewaris 2005 út op dvd. De director's cut fan 'e film, dy't op 18 septimber 2007 útbrocht waard, is de iennichste ferzje fan Troy dy't behalven op dvd ek op blu-ray beskikber is.
De director's cut fan Troy is hast in healoere langer as de bioskoopferzje, en hat in spyldoer fan 196 minuten. Ien sêne út 'e bioskoopferzje is fuorthelle út 'e director's cut (dy wêryn't Helena de wûne fan Paris fersoarget); fierders binne der inkeld dingen tafoege. Sa krije guon personaazjes mear karakterûntwikkeling (benammen Priamos en Odysseus), binne de bêdsênes fan Paris en Helena en dy fan Achilles en Briseïs langer en neakener, en binne de oarlochssênes langer en bloediger. Wat dat lêste oangiet wurdt de Fal fan Troaje, dy't yn 'e bioskoopferzje eins amper yn byld komt, yn 'e director's cut yn syn folsleinens sjen litten, mei Grykske kriichslju dy't froulju ferkrêftsje en poppen fermoardzje. De director's cut waard yn april 2007 fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn.
Untfangst
Fan 'e filmkritisy krige Troy mingde resinsjes. Sa joech Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 2 fan 4 stjerren. Hy hie fral lof foar it aktearjen fan Brad Pitt, dêr't er oer skreau: "Pitt is modern, nuansearre, yntrospektyf; hy bringt kompleksiteit yn in rol dêr't dat gjin fereaske is."
Der wie frijwat krityk op 'e film om't de makkers op in protte plakken in loopke nommen hawwe mei it bekende ferhaal fan 'e Trojaanske Oarloch út 'e Ilias fan Homearus en oare boarnen. Sa wurdt de njoggen jier duorjende oarloch gearparse ta in wike as trije, wêrby't it tolvedeiske wapenstilstân foar de útfeart fan Hektor suver noch de measte tiid yn beslach liket te nimmen. Ferskate wichtige personaazjes ûntbrekke yn 'e film hielendal, mei yn it foarste plak de ferflokte profetesse Kassandra. De homoseksuële relaasje tusken Achilles en Patroklus is yn 'e film in famyljebân tusken twa neven wurden. It skeinen fan it stoflik omskot fan Hektor troch Achilles wurdt yn 'e film bot behimmele. Yn 'e film komt Menelaos om by de twakamp, wylst er yn it echte ferhaal de oarloch oerlibbe. Datselde jildt foar Agamemnon, dy't eins net, lykas yn 'e film, fermoarde waard troch Briseïs, mar by thúskomst yn Mysene út 'e wei romme waard troch syn frou Klytemnestra en har minner Aigistus.
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Troy in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 54%, basearre op 228 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "In poatich en fermaaklik spektakel, mar sûnder emosjonele wjerklang." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Troy in goedkarringspersintaazje fan 56%, basearre op 43 resinsjes.
Resultaat
Opbringst
Troy brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $133,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $364,0 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $497,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $175 miljoen betsjut dat in winst fan $322,4 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Troy de op sân nei meast opbringende film fan 2004, nei Shrek 2, Harry Potter and the Prisoner of Azkaban, Spider-Man 2, The Incredibles, The Passion of the Christ, The Day After Tomorrow en Meet the Fockers. Troy wie ek de op 59 nei meast opbringende film aller tiden.
Prizen
Yn 2005 waard Troy nominearre foar de Oscar yn 'e kategory bêste kostúmûntwerp (Bob Ringwood). De film waard ek nominearre foar twa MTV Movie Awards en fiif Teen Choice Awards. Hy wûn de Teen Choice Award foar favorite aksjefilmakteur (Brad Pitt) en ek de Irish Film and Television Award foar bêste byrol fan in akteur (Peter O'Toole).
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.