Toalen (gemeente)
gemeente / From Wikipedia, the free encyclopedia
Toalen (Nederlânsk: Tholen; Siuwsk: Tole) is in gemeente yn it noardeastlike diel fan 'e Nederlânske provinsje Seelân, dy't bestiet út 'e (eardere) eilannen Toalen en Sint-Filipslân. It gebiet wurdt troch twa brêgen en twa dammen mei de bûtenwrâld ferbûn. Syn hjoeddeistige omfang berikte de gemeente yn 1995. It haadplak hjit ek fan Toalen.
Fluch de feiten flagge, wapen ...
Toalen Tholen | |
---|---|
Utsjoch op Toalen. | |
flagge | wapen |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Seelân |
boargemaster | Marleen Sijbers (VVD) |
sifers en geografy | |
haadplak | Toalen |
grutste plak | Toalen |
ynwennertal | 25.444 (2014) |
befolkingstichtens | 173,0 / km² |
oerflak | 254,0 km² |
● wêrfan lân | 147,1 km² |
● wêrfan wetter | 106,9 km² |
tal stêden | 2 |
tal doarpen | 7 |
ferkearsieren | N257, N286, N659 |
skiednis | |
oprjochte | 1971 |
oant 1971 | 8 gemeenten |
1971 – 1995 | Gem. Toalen Gem. Sint-Filipslân |
1995 | anneksaasje Sint-Filipslân |
oar | |
netnûmer | 0166, 0167 |
postkoade | 4675, 4690–4699 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.tholen.nl |
Slute