From Wikipedia, the free encyclopedia
Swichum is in doarp dat yn de gemeente Ljouwert leit. Swichum leit noardlik fan Eagum, eastlik fan Wurdum, westlik fan Wergea en besuden Goutum en Ljouwert. Yn 2022 hie Swichum 50 ynwenners. De doarpskearn fan Swichum leit oan de Ayttadyk en Om’e Tsjerke.
Swichum | ||
Sicht op it doarp Swichum | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân Fryslân | |
Gemeente | Ljouwert | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 50 (2022) [1] | |
Oerflak | 1,78 km² lân: 1,76 wetter 0,02 km² | |
Befolkingsticht. | 147 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 09' N 5° 49' E | |
Offisjele webside | ||
Side Wurdum-Swichem | ||
Kaart | ||
De skiednis fan Swichum giet werom oant foar it begjin fan ús jiertelling. Swichum wie oarspronklik in natuerlike ferheging mids sompen en marren. Yn de 10e iuw krige Swichum troch dikebou in ferbining mei Goutum en de stêd Ljouwert. By de pleats Ayttastate, tsjinoer de tsjerke, groeit de stinzeplant ayttablomke.
Sûnt 1943 leit Swichum yn de gemeente Ljouwert, dêfoar lei it doarp yn Ljouwerteradiel (sudertrimdiel).
Op de foar in diel ôfgroeven terp leit de Nikolaastsjerke út it jier 1234, wijd oan de hillige Niklaas fan Myra. It gebou, mei in sealdaktoer, wurdt net mear as tsjerke brûkt en is yn behear by de Stifting Alde Fryske Tsjerken.
It doarp hat mei Wurdum ien feriening foar Doarpsbelang. Tegearre hawwe de doarpen in toanielferiening Nut en Nocht, in Fuotbalferiening WWS en in tennisferiening.
Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2005 | 2021 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 95 | 75 | 70 | 56 | 54 | 60 | 50 |
Ayttadyk, Moskoureed, Om 'e Tsjerke.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.