Remove ads
bonacini balbina From Wikipedia, the free encyclopedia
Wigle fan Aytta fan Swichum, út it Frysk latinisearre ta Viglius ab Aytta Zuichemus (Barrahûs, 19 oktober 1507 – Brussel, 8 maaie 1577) wie in foaroansteand Nederlânsk steatsman, dy't benammen as rjochtsgelearde grutte namme makke hat. Hy wie in treflik legist en benammen in fûleindich ferdigener fan it katolisisme, mar ek Humanist yn de styl fan Erasmus, dy't er persoanlik koe.
Viglius wie in soan fan Folkert fan Aytta dy't de eartiidse úthôf fan it Burgumer kleaster fan 1503 ôf yn erfpacht hie. Hy makke opgong op grûn fan syn bekwaamheden, net op grûn fan komôf en berte. As Fryske boeresoan, studearre hy Letteren en Rjochten yn Leuven, Dole, Avignon en Valence. Ek nei syn stúdzjes hâlde hy ta yn de universitêre fermiddens fan Frankryk, de Dútske lannen, Switserlân en Itaalje, wêr't hy wittenskiplike relaasjes hie mei ferskate gelearden. Hy waard dosint yn de rjochten yn Padua, en tusken 1535 en 1541 wie hy efterinoar lid fan it Reichskammergericht yn Speyer en heechlearaar (rjochten) te Ingolstadt.
Yn 1541 waard hy troch Karel V beneamd as lid en yn 1549 sels ta foarsitter fan de Geheime Ried yn Brussel. Boppedat waard hy yn 1543 ek lid fan de Grutte Ried fan Mechelen en yn 1554 foarsitter fan de Ried fan Steat. As ien fan de meast foaroansteande juristen fan it destiidske Jeropa wie hy it brein fan it Habsburchske regearingsapparaat yn Brussel. Nei de dea fan syn frou krige Viglius de ambysje om ta proast fan it Gintske Sint-Baafskapittel beneamd te wurden, en om dy reden liet hy him troch kardinaal Granvelle yn 1562 ta pryster wije.
Viglius wie in trou tsjinner fan kening Filips II, wat net weinimt dat hy ek krityk hie op de polityk fan de kening en benammen op dy syn religieuze ûnferdraachsumens, mar kruskearre hat er de kening nea. By de ôfkundiging fan de "Matiging" troch Margaretha fan Parma betoande Viglius him in foarstanner fan de foarstelde maatregels. Mei Alva koe hy lykwols minder goed opsjitte: wol hie hy in grut oandiel yn dy syn Criminele Ordonnantie, mar ûnder mear troch syn pleidoai foar ôfhâldendheid yn de ketterferfolging, syn relaasjes mei "fertochte" humanisten en syn fûleindich ferset tsjin de "Tsiende Pinning" helle hy him Alva's hate op 'e hals. Yn 1569 gie hy ôf as foarsitter fan de Geheime Ried, mar bleau foarsitter fan de Ried fan State.
Yn 1569 stifte hy te Leuven it Vigliuskolleezje.
As einferantwurdlike foar de tapassing fan de keizerlike ketterijplakkaten pleite Viglius foar in reedlike útfieringspraktyk. Hy ferwachte mear fan oertsjûging mei reedlike (en neffens him superieure) arguminten as fan it brûken fan de rûge bile. Viglius hold him oan Erasmus' advys, dy't him ea persoanlik oanrikkemandearre hie it foarbyld fan in stjerrende te folgjen, dy't op de fraach fan de duvel wat hy leaude, sein hie: „Wat de tsjerke leaut.” En op de fraach wat de tsjerke leaude, sei: „Wat ik leau.”
As rjochtsgelearde is Viglius benammen bekend troch syn Institutiones juris civilis in graecam linguam per Theophilum traductae (útjouwerij Basel, 1533), d.i. de earste útjefte fan de Grykske parafraze fan Justinianus' Institutiones, it ynliedende learboek rjochten út de tiid fan de Kodeks Iustinianus.
In wichtige kolleksje geskriften fan Viglius wurdt bewarre yn de bibleteek fan de Georg-August-Universiteit yn Göttingen.
Sûnt 2018, 511 jier nei syn berte, hat Wigle fan Aytta in stânbyld foar de Kânselarij yn Ljouwert. It waard makke troch Hans Jouta en op 19 oktober ûntbleate troch Herman van Rompuy, de eardere foarsitter fan de Jeropeeske Rie.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.