Georg-August-Universiteit

From Wikipedia, the free encyclopedia

Georg-August-Universiteit

De Georg-August-Universität yn Göttingen is mei goed 25.377 studinten (2012) de âldste noch besteande en grutste universiteit yn de Dútske dielsteat Nedersaksen.

Thumb
Untjouwing studintetal sûnt 1950[1]
Fluch de feiten
Georg-August-Universiteit
Namme
Ynternasjonale nammeGeorg-August-Universität Göttingen
BiedwurdIn publica commoda
Lokaasje
LânDútslân
PlakGöttingen
Oare bysûnderheden
Oprjochting1737
Tal studinten30.200 (2020-2021)
Tal meiwurkers11.876
NetwurkenGerman Excellence Universities, Coimbra Group, U15, EUA, U4 Network, Guild of European Research-Intensive Universities
Offisjele webside
www.uni-goettingen.de
Slute
Thumb
It âlde Auditorium maximum
Thumb
Nijbou Nedersaksyske Steats- en Universiteitsbibleteek

Skiednis

De universiteit waard 1737 stichte fan George II August, karfoarst fan Hannover en kening fan Grut-Brittanje. It ynstitút ûntjoech him y in koart skoft tiid ta ien fan de gruttere yn Jerpa en hie fan begjin ôf oan al wichtige gelearden as meidoggers.

Yn 1837 wie der oan de Göttinger universiteit it ynsidintfan de Sân fan Göttingen. Nei't de kening fan Hannover by Keninklik Beslút de frijheid fan mieningsutering slim beheind hie, publisearre sân heechleararen, dêr't de ferneamde Bruorren Grimm ek by wiene, in skerp protest. De kening joech se dêrnei allegear dien. Trije fan harren waarde sels ferbanne. De sân heechleararen waarden rillegau yn hiel Dútslân als helden en martelders beskôge. De kening waard in tal jierren letter twong om syn autoritêre grûnwetswiziging werom te nimmen.

Om 1900 hinne wie de universiteit ít sintrum fan de teoretyske natuerkunde en wiskunde yn Jeropa. Tal fan ferneamde gelearden wiene der oan ferbûn, joegen gastkolleezjes of studearren dêr: Leó Szilárd, Edward Teller, Robert Oppenheimer, Albert Einstein, Carl Friedrich Gauss, Niels Bohr, David Hilbert, Wilhelm Hillebrand, Bernhard Riemann, Max Planck en in protte oaren. Doe't de nazy's yn 1933 de joaden ferbea om les te jaan of te studearjen giene in protten fan harren nei it bûtenlân. Dy braindrain is de universiteit nea wer te boppe kaam; de universiteit is deselde bleaun, mar har foaroarlochske status fan wrâldwiid liedingjaand ynstitút yn natuer- en wiskunde hat se oant no ta net mear berikke kinnen.

Bekende meidoggers en studinten

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.