From Wikipedia, the free encyclopedia
Skylge (Nederlânsk en offisjeel:Terschelling), yn de lokale Fryske dialekten Schylge, is ien fan de fiif Nederlânske Waadeilannen. It is in gemeente mei 4.900 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS). De gemeente beslacht 674 km² (wêrfan 587,83 km² wetter), mei in kustline fan 89 km. Ta de gemeente Skylge heart net allinnich it eilân Skylge, mar ek It Gryn. Op Skylge stiet de Brandaris, de âldste fjoertoer fan Nederlân.
Skylge | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
De haven fan West-Skylge mei rjochts de Brandaris. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
|
Op Skylge lizze 15 offisjele plakken. It haadplak fan it eilân is West-Skylge.
De 15 offisjele plakken (doarpen) op it eilân binne:
Skylge is ûntstien as sânwâl op de râne fan de Noardsee. Oant 1287 hie dy noch ferbining mei de Fryske wal, mar sûnt dy tiid is it in Frysk eilân. De slingen dy't it eilân nei west en nei east beheinden ,binne yn de rin fan de tiid fersâne, dat Skylge is yn beide rjochtingen grutter wurden.
Skylge hat in strategysk plak by de Flystream, dat it is yn de measte oarloggen yn Nederlân wol oanfallen wurden, somtiden fan beide kanten. It hearde dan ek de iene kear by Hollân, en de oare kear wer by Fryslân. Yn 1814 waard Skylge as in gemeente (sûnt 1813) opnommen yn 'e Provinsje Hollân (nei 1840 fan 'e Noard-Hollân).
Under de Twadde Wrâldoarloch waard it yn 1942 troch de Dútsers by Fryslân yndield, en dat is nei de oarloch sa bleaun. Yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw wenne der ek in lytse Joadske mienskip op Skylge, dy't him dêrhinne ferspraat hie fan Harns út. Tsjin 1900 hiene de measten Joaden it eilân wer ferlitten. De famylje Pais, de lêst oerbleaune Joadske húshâlding op Skylge, waard ûnder de Twadde Wrâldoarloch yn 'e Holokaust fermoarde.
De gemeenteried fan Skylge bestiet út 11 sitten. De útslaggen fan de gemeenteriedsferkiezings binne sûnt 2018:
Skylge hat twa Fryske dialekten: it Westersk (Schyllingers), sprutsen oan de westkant fan it eilân, en it Aastersk (Aasters), dat sprutsen wurdt yn de eastlike doarpen. Beide dialekten wike frijwat ôf fan de fêstewaldialekten, mar binne foar oare Westerlauwerske Friezen goed nei te kommen. Tusken dizze twa dialektgebieten leit in gebiet, Midslân en omkriten, dêr't Midslânsk (Meslânzers) sprutsen wurdt, in dialekt dat fergelykber is mei it Stedsk.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.