From Wikipedia, the free encyclopedia
De sewyt (Tringa erythropus) is in fûgel út de famylje fan de snipfûgels (Scolopacidae). In oare fryske namme foar dizze fûgel is de swarte tjirk.
sewyt | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Tringa erythropus | ||||||||||||
Pallas, 1768 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
simmerfûgel wintergast dwaalgast |
De sewyt wurdt in 29 oant 33 sm grut, mei in wjukspanwiidte fan 47 oant 53 sm. De fûgels wage 135 oant 250 gram. It mantsje is by't simmerdei roetswart, mei lange dûnkerreade poaten. Winterdeis is de fûgel mear griisbrún mei wite flekken. Dan liket er in protte op de tjirk. In ferskil is wol dat de sewyt in langere tinnere snaffel hat. Ek is allinne it begjin fan de ûndersnaffel read en net de hiele snaffel sa as by de tjirk.
De sewyt siket yn de briedtiid sompen en wiete gebieten yn it binnenlân op fan Laplân en Sibearje. Bûten de briedtiid ferbliuwt der meast oan de see en by marren. De measte fûgels oerwinterje yn Afrika mar ek rûnom de Middellânske See. Ek is der in lyts tal fûgels dy't oan de Noardsee yn Nederlân en Grut-Brittanje oerwinterje. Yn Nederlân binne se it meast mei de fûgeltrek te sjen, bygelyks yn de Peazemerlannen.
De sewyt wâdet by it itensykjen faak oant syn bûk yn it wetter yn djipper wetter as de oare Tsjirken, wurdt it noch djipper dan kin er ek wol swimme. De Sewyt yt meast lytse fiskjes, kreeften en wetterynsekten, dy't der yn it ûndjippe wetter siket.
De sewyt briedet fan maaie oant july. De fjouwer aaien wurde yn in nêst op de grûn troch it mantsje útbret.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.