Dwaalgast
From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Dwaalgast is yn 'e biology in term foar in bist dat mar komselden yn in beskaat gebiet sinjalearre wurdt. Der kin mei ferwiisd wurde nei seesûchdieren, flearmûzen of ynsekten, mar yn 'e regel wurde der fûgels mei oantsjut. Dwaalgasten komme yn it gebiet dêr't se opmurken wurde, normaalwei net foar. Faak is sa'n bist útwykt út syn natuerlike ferspriedingsgebiet fanwegen ekstreme omstannichheden, lykas kjeld, drûchte, sykte of gebrek oan fretten. By fûgels, flearmûzen en fleanende ynsekten kin it ek wêze dat se troch in stoarm fan koerts blaasd binne. Fierders kinne, fral by seesûchdieren, ek oriïntaasjeswierrichheden in rol spylje.
Foarbylden fan dwaalgasten yn Nederlân binne fûgelsoarten as de boskgoars, de snie-ûle, de griiskopspjocht en de griene reager, seesûchdieren as de klapmûtse, de ringelrobbe, de gewoane dolfyn en it tommelmantsje, en flinters as de apolloflinter, it geraniumblautsje en de keningspaazje.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.