From Wikipedia, the free encyclopedia
In sedemisdriuw is in misdriuw op seedlik gebiet, d.w.s. in frij swier strafber feit dat tsjin 'e seden (oftewol de noarmen en wearden) yngiet. Yn 'e regel hat soks te krijen mei seksualiteit.
Sedemisdriuwen steane yn it Nederlânske strafrjocht fermeld yn it Twadde Boek (Misdriuwen) fan it Wetboek fan Strafrjocht, t.w. de artikels 239 o/m 253. Dêrby moat men tinken oan saken as ferkrêfting, ynsest, seksuële oantaasting, ûntucht, twongen prostitúsje, it prostituëarjen fan minderjierrigen, it besykjen fan in minderjierrige prostituee, bestialiteiten, it produsearjen of besitten fan bernepornografy en/of bistepornografy, en sekstoerisme (yn it bûtenlân). Under sedemisdriuwen falle wetlik sjoen ek guon saken dy't de measte lju wierskynlik net as sadanich beskôgje soene, lykas it ferkeapjen fan alkohoalyske drank oan immen dy't al dronken is, en it ta beskikking stellen fan in bern dat jonger is as tolve jier foar bidlerij of foar wurk dat neidielich is foar de sûnens.
Njonken sedemisdriuwen (oftewol relatyf swiere strafbere feiten tsjin 'e seden) besteane der ek oertrêdings tsjin 'e seden (oftewol relatyf lichte fergripen). Dy steane yn it Tredde Boek (Oertrêdings) fan it Wetboek fan Strafrjocht, mar de measten dêrfan binne ûnderwilens ferfallen. Allinnich artikel 453, tsjin iepenbiere dronkenskip, is noch fan krêft.
Saken dy't foarhinne yn Nederlân by de wet as sedemisdriuwen ferbean west hawwe, wiene:
Oare dingen dy't feroare binne, is dat ferkrêfting binnen it houlik oant 1991 net strafber wie, wylst it ferkrêftsjen fan in man ûnder it lichtere seksuële oantaasting foel ynstee fan ûnder ferkrêfting (ek oant 1991). Bistemishanneling, dat fan 1886 ôf ek in sedemisdriuw wie, waard yn 1996 oerhevele nei de Gezondheids- en Welzijnswet voor Dieren.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.