From Wikipedia, the free encyclopedia
Súd-Bevelân (Nederlânsk: Zuid-Beveland; Siuwsk: Zuud-Beveland) is in lânstreek en earder eilân yn it sintrale part fan 'e Nederlânske provinsje Seelân. It gebiet leit ynklamme tusken de Easterskelde en de Westerskelde. Tsjinstwurdich foarmet it ien lânmassa mei in oar earder eilân, Walcheren. Boppedat is Súd-Bevelân no yn it easten ferbûn mei it fêstelân fan Noard-Brabân.
Súd-Bevelân waard yn 'e prehistoarje wol bewenne, mar nei oerstreamings yn 'e trêde en fjirde iuw rekke it ûntfolke, in sitewaasje dêr't iuwenlang gjin feroaring yn kaam. Pas fan 'e alfde iuw ôf kamen der nije bewenners en waard it gebiet stikje by bytsje ynpoldere. By de Sint-Feliksfloed, fan 5 novimber 1530, ferdwûn lykwols in grut part fan it eilân ûnder de weagen, mei as gefolch it saneamde Ferdronken Lân fan Súd-Bevelân (no ûnderdiel fan 'e Easterskelde), dêr't in grut tal doarpen en it stedsje Reimerswiel (Nederlânsk: Reimerswaal) ferlern giene. By de Alderheljenfloed fan 1570 waard it eilân op 'e nije slim troffen.
De njoggentjinde iuw wie foar Súd-Bevelân in tiid fan stagnearjende ekonomy en tebekrinnende wolfeart. Yn 1866 kaam it Kanaal troch Súd-Bevelân ree, en yn 1868 krige it eilân in spoarferbining mei Roazendaal. Oan it begjin fan 'e Twadde Wrâldoarloch wie it de bedoeling om as ûnderdiel fan 'e Nederlânske Bathstelling yn it easten fan Súd-Bevelân de Kreekrakpolder en de Völckerpolder ûnder wetter te setten, mar dat mislearre troch lege wetterstannen en in oanhâldende eastewyn. By Kapelle, yn it sintrum fan it eilân, waard op 16 maaie 1940 slach levere tusken de optsjende Dútske troepen en Frânske motorisearre ienheden dy't Nederlân te help kommen wiene. De oare deis waarden 65 sneuvele Frânske militêren troch de pleatslike befolking begroeven. Yn oktober 1944 wie Súd-Bevelân fannijs it toaniel fan swiere gefjochten tusken de Dútsers, dy't har op it eilân yngroeven hiene, en de Kanadezen, dy't opteagen fanút Belgje. Oan beide kanten wiene hûnderten deaden fallen ear't de Dútsers wike moasten.
Fanwegen syn relatyf hege lizzing kaam in grut part fan Súd-Bevelân der yn 1953, by de Wettersneedramp, ridlik goed fanôf. De eastkant fan it eilân stie lykwols lange tiid ûnder wetter. De Deltawurken, dy't fanôf 1958 as reäksje op 'e ramp oanlein waarden, ferbetteren net inkeld de seediken en oare wetterkearings, mar soargen as njonkeneffekt ek foar bettere ferbinings mei it fêstelân.
Súd-Bevelân leit ynklamme tusken de Easterskelde, yn it noardeasten, dy't de skieding foarmet mei Toalen, en de Westerskelde, yn it suden, dy't it gebiet skiedt fan Siuwsk-Flaanderen. Yn it noardwesten foarmet de Fearske Mar de grins mei Noard-Bevelân. Hoewol't it noch faak sa neamd wurdt, is Súd-Bevelân al lang gjin echt eilân mear, mei't it yn it easten fêstsit oan it fêstelân fan Noard-Brabân, en yn it westen oan in oar earder eilân, Walcheren. Fierders wurdt Súd-Bevelân yn it noardwesten troch de Sânkreekdaam ferbûn mei Noard-Bevelân, yn it noardeasten troch de Oesterdaam mei Toalen, en yn it suden troch de Westerskeldetunnel mei Siuwsk-Flaanderen. Ek wurdt it trochsnien troch twa fan noard nei súd rinnende kanalen: justjes bewesten de eastgrins troch it Skelde-Rynkanaal, en yn 'e midden troch it Kanaal troch Súd-Bevelân.
Ofsjoen fan in pear gruttere plakken bestiet Súd-Bevelân noch fierhinne út frij tinbefolke, agrarysk gebiet. Súd-Bevelân omfiemet tsjintwurdich 4 ûnderskate gemeenten:
Súd-Bevelân hie yn 2004 in befolking fan krapoan 92.000 minsken, wat mei in oerflak fan 344,3 km² delkomt op in befolkingstichtens fan 267,2 minsken de km². De grutste wenkearn is de stêd Goes. Op Súd-Bevelân wurdt fan âlds it Súdbevelânsk sprutsen, in Siuwsk dialekt. Trochdat der yn it ferline net in protte kontakt mei de fêstewâl bestie, hat dat mear as oare foarmen fan it Siuwsk de eigen wurdskat en klanklear beholden. Mei it Noardbevelânsk en it Walchersk wurdt it ta de Middensiuwske dialektgroep rekkene.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.