From Wikipedia, the free encyclopedia
De Westerskeldetunnel is in tunnel fan 6,6 kilometer lang yn de provinsjale wei N62 ûnder de Westerskelde troch, tusken Ellewoutsdijk en Terneuzen. It is de langste tunnel foar it weiferkear fan Nederlân.
De Westerskeldetunnel is 6,6 km lang en hat oan de súdkant, oer in lingte fan 1200 meter, in weigedielte mei in skeanteflak an 4,5%. De maksimale trochrydhichte is 4.30 meter. It djipste punt berikt de tunnel ûnder de Pas fan Terneuzen, 60 meter ûnder seenivo. Yn de tunnel jildt in maksimumsnelheid fan 100 km/u. Dat wurdt kontrolearre middels trajektkontrole. De tunnel is net geskikt foar fuotgongers en fytsers.
De Westerskeldetunnel is in boarre tunnel en bestiet út twa buizen mei in trochsneed fan 11 meter dy't mei in tunnelboarmasine groeven binne. Elke buis hat romte foar twa rydstreken; in flechtstreek ûntbrekt. Om de 250 meter binne de tunnelbuizen oan elkoar keppele mei dwersferbinings. Normaal binne de doarren nei de dwersferbinings skoattele, by in kalamiteit wurde de doarren automatysk ûntskoattele. It ferkear op de linkerrydbaan yn de oare tunnelbuis wurdt dan stillein sadat minsken feilich de oare tunnelbuis yn rinne kinne.
De tunnel is iepene op 14 maart 2003. Sûnttiids binne de autofeartsjinsten Flissingen – Breskens en Kruiningen – Perkpolder fan de Provinsjale Stoomboattsjinsten yn Seelân opheft.
De bou fan de tunnel en de oanlis fan de taliedende wegen koste 725 miljoen euro (ekskl. BTW). De tunnel wurdt foar in perioade fan tritich jier eksploitearre troch de N.V. Westerscheldetunnel; sûnt 1 july 2009 is de tunnel eigendom fan de Provinsje Seelân. Foarhinne wie de NV foar 95,4% eigendom fan it Ministearje fan Ferkear en Wettersteat (as oandielhâlder fan de Nederlânske steat) en foar 4,6% fan de provinsje Seelân. Op 17 juny 2008 waard bekend makke dat it ministearje fan Ferkear en Wettersteat de 95,4% fan de oandielen oan de provinsje Seelân ferkeapje soe.
Foar de eksploitaasje fan de Westerskeldetunnel is op 1 oktober 1998 de Tunnelwet oannomd. Dêr stiet ûnder oare yn beskreaun foar hokker perioade der tol heft wurdt en wurde regels jûn foar it fêststellen fan de tariven.
Tol foar de tunnel wurdt heft yn Borssele foar beide rydrjochtingen.
Helptsjinsten en militêre kolonnes binne frijsteld fan tol.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.