Terneuzen is in stêd en gemeente yn Seelân. De stêd leit dêr't it Kanaal fan Gint nei Terneuzen op de Westerskelde útkomt en foarmet dêrmei foar in part de seehaven fan Gint. Terneuzen hat dêrtroch de op trije nei grutste haven fan Nederlân. As grutste plak yn Siuwsk-Flaanderen hat de stêd foar dat gebiet in sintrumfunksje. De gemeente Terneuzen ûntstie yn syn hjoeddeistige foarm by in gemeentlike weryndieling yn 2003. Sûnt beslacht de gemeente it hiele middelpart fan Siuwsk-Flaanderen.

Dit artikel is in stobbe oer plak en as gemeente‎.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
Thumb
Lizzing fan de Siuwske gemeente Terneuzen
Thumb
Topografyske gemeentekaart fan Terneuzen

It plak krige stedsrjochten yn 1584. Foar 1877 waard stêd faak Neuzen neamd.

Stêden en doarpen

Ynwennertal op 1 jannewaris 2015[1]:

Terneuzen25.137
Axel7865
Sas fan Gent3953
Hoek2951
Zaamslag2825
Koewacht2542
Sluiskil2370
 
Philippine2050
Westdorpe1964
Biervliet1571
Zuiddorpe933
Overslag243
Spui187
 

Ferneamde ynwenners

  • Sandra E. Roelofs, de eardere first lady fan Georgje.
  • Lodewijk van den Berg, astronaut berne yn Sluiskil, Terneuzen.
  • Klaas de Vries, komponist en ien fan de oprjochters fan de muzykstyl de Rotterdamske Skoalle.
  • Jacques Hamelink, romanskriuwer, dichter en literêr kritikus.
  • Erik de Bruyn, filmregisseur
  • Eric van Damme, ekonoom
  • Avy van de Brande, ynternasjonaal bekend model

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.