From Wikipedia, the free encyclopedia
It przewalskihynder of Przewalski's hynder (Equus ferus przewalski), ek wol it Dzjûngaarske hynder, is in seldsume wylde ûndersoarte fan it hynder, dy’t yn 1969 foar it lêst yn it wyld sjoen is yn Mongoalje. Sûnt de 1990-er jierren is it yn it wyld reyntrodusearre. It przewalskihynder wie nei alle gedachten de hynstesoarte dêr’t de Mongoalske krigers fan Dzjengis Kaan op riden. De Mongoalske namme foar it ras is takhi, útsprutsen as "tech".
przewalskihynder | ||||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||||
| ||||||||||||||
ûndersoarte | ||||||||||||||
Equus ferus przewalski | ||||||||||||||
I.S. Poljakov, 1881 | ||||||||||||||
IUCN-status: bedrige
| ||||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||||
Yn 1881 waard it przewalskihynder ûntdutsen troch Nikolaj Przewalski. It krige syn namme. I.S. Poljakov konkludearre dat dit hynder in wylde hynstesoart wie, hy joech it de offisjele wittenskiplike namme Equus przewalski (Poljakov 1881). Hjoed-de-dei is de offisjele namme Equus ferus przewalski (Poljakov 1881), mei't it no beskôge wurdt as in ûndersoarte fan it wylde hynder (Equus ferus) en net as in soarte op himsels.
It Przewalskihynder hat koartere skonken as oare hynders. Trochstrings is de hichte 1.32 meter, de lingte 2.01 meter mei in 90 sintimeter lange sturt. Se hawwe in gewicht fan likernôch 300 kilo.
De kleur is wat bêzje brún, wat donkerder op de rêch en gieler nei de búk ta. Troch it jier hinne feroaret de kleur wat. Simmerdeis is de kleur in stik ljochter as winterdeis. De manen fan it hynder steane rjocht oerein.
Yn it wyld libje de Przewalskihynders yn sosjale groepen mei in dominante hynst, in dominante merje, oare merjes en de neikommelingen. Alle groepen hawwe in eigen gebiet, yn it gebiet rint it keppel sa’n 5 oant 10 kilometer deis. Der wurdt in protte iten en dronken. Yn de nacht komt it keppel byinoar en wurdt der sa’n fjouwer oeren sliept. Keppels komme wolris byelkoar yn it gebiet, faak bard dit sûnder problemen omdat de hynsten de merjes mear beskermje as it gebiet.
Hynsten sette it gebiet fan de keppel út troch it markearen fan de úteinen. Dat bard troch dong út te lizzen om in beskate ôfstân. As in merje mige moat docht in hynst dat faak ek op itselde plak, sa lit hy sjen dat de merje by syn keppel is.
De wrâld populaasje fan it Przewalskihynder bestiet út allegear neikommelingen fan 9 fan de 31 hynders dy’t yn 1945 yn finzenskip sieten. Dizze njoggen wienen wer neikommelingen fan likernôch 15 hynders dy’t om 1900 hinne finzene binne.
Yn it wyld libje der op it stuit sa’n 250 fan Przewalskyhynders. Yn totaal wurdt rûsd (2005) dat der 1.500 Przewalskihynders binne op it stuit.
Yn de 15e iuw, Johann Schiltberger dokumintearre as ien fan de earste Jeropeanen it hynder yn it deiboek fan syn trip nei Mongoalje as finzene fan de Mongoal Khan. It hynder is neamd nei de Russyske koalenel Nikolai Przewalsky (1839-1888). Hy beskreaun it hynder yn 1881, nei dat der op ekspedysje gien wie om it hynder op te sykjen.
In protte hynders binne om 1900 hinne troch Carl Hagenbeck finzen nommen en yn bistetúnen belâne.
It Przewalskihynder as wylde soart is yn de jierren ’60 fan de 20e iuw útstoarn. It lêste keppel is yn 1967 sjoen en it lêste yndividuele hynder yn 1969. Ekspedysjes nei it hynder slaggen der net yn it Przewalskihynder yn it wyld te fine. It hat dêrnei foar safier bekend mear as 30 jier útstoarn west yn it wyld.
Nei 1945 wienen der noch twa populaasjes oer, yn de bistetúnen fan Múnchen en Praach. In wichtige groep hynders yn Askania-Nova is troch Dútske soldaten ôfmakke en in groep yn de Feriene Steaten wie útstoarn.
Omdat om 1900 hinne in stik as wat fôlen finzene naam wienen wêrmei fierder fokt wie, wienen der yn bistetúnen genôch bisten om it tal hynders grutter te meitsjen. De basis fan alle libben Przewalskihynders is werom te fieren op 15 hynders.
As ynteelt safolle ûnderdiel útmakket fan in soart, dan moat der mei in stamboek rêd in grut tal bisten fokt wurde wêrnei it mooglik wurdt om bisten fierder út te selektearjen.
Yn 1977 wienen der oer de wrâld 300 Przewalskihynders. Der waard in stamboek oprjochte en ferskate bloedlinen waarden byinoar brocht. It resultaat wie sûnere fôlen. Yn 1997 wienen der alwer sa'n 1.500 Przewalskihynders. Bisten út Jeropeeske bistetúnen binne yn ûnder oare it Natuerpark Lelystêd útset. In oare reservaat foar dit doel wie de Ooijpolder yn Dútslân. Fan hjirút binne de Przewalskihynders wer op ‘e nij útset yn Mongoalje.
Yn 1990 is begûn mei it wer útsetten fan de hynders yn it Hustain Nuruu Nasjonaal Park. Om de 2 jier waarden der 16 hynders frijlitten op it 60.000 hektare grutte gebiet.
Yn de tige swiere winter fan 2001 op 2002 binne der 20 fan de 60 hynders omkaan. Yn juny 2002 is der opnij in groep fan 14 hynders frijlitten yn it gebiet.
Tsjintwurdich wurd it hynder net mear as útstoarn yn it wyld beskôge mar as bedrige bistesoart.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.