Noard-Bevelân
From Wikipedia, the free encyclopedia
From Wikipedia, the free encyclopedia
Noard-Bevelân (Nederlânsk: Noord-Beveland; Siuwsk: Noord-Beveland) is eilân en in gemeente yn it sintrale diel fan 'e Nederlânske provinsje Seelân. It gebiet is mei trije dammen en in brêge mei oare Siuwske eilannen ferbûn. Yn 1995 waard Noard-Bevelân troch in proses fan gemeentlike weryndieling ta ien inkele gemeente. It haadplak is Wisktsjerk (Wissenkerke).
Noard-Bevelân Noord-Beveland | |
---|---|
De útbuorren Plankedoarp. | |
flagge | wapen |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Seelân |
boargemaster | Loes Meeuwisse (VVD) |
sifers en geografy | |
haadplak | Wisktsjerk |
grutste plak | Kamperlân |
ynwennertal | 7.469 (2014) |
befolkingstichtens | 87,0 / km² |
oerflak | 121,51 km² |
● wêrfan lân | 85,82 km² |
● wêrfan wetter | 35,69 km² |
tal stêden | 1 |
tal doarpen | 5 |
ferkearsieren | N57, N255, N256 |
skiednis | |
oprjochte | 1995 |
1816 – 1941 | 3 gemeenten |
1941 – 1995 | Gem. Koartjinge Gem. Wisktsjerk |
oar | |
netnûmer | 0113 |
postkoade | 4484–4499 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.noord-beveland.nl |
Archeologyske opgravings hawwe by Colijnsplaat restanten bleatlein fan in timpel dy't wijd wie oan Nehalennia, in goadinne fan mingd Keltysk-Germaanske mytologyske oarsprong dy't de beskermfrouwe fan fiskers en seelju wie. Om 'e timpel hinne ûntstie meitiid in delsetting dy't fan Ganuenta hiet. Oan 'e ein fan 'e trêde iuw rekke it gebiet ûntfolke fanwegen oanhâldende oerstreamings. Pas yn 'e achtste iuw kaam der wer folk op Noard-Bevelân te wenjen.
Nei in grutte stoarmfloed yn 1014 waarden op it eilân de earste diken oanlein, en teffens waarden de terpen (yn Seelân vliedbergen neamd) doe ophege. Nei de grutte Stoarmfloed fan 1134 waard hiel it eilân úteinlik bedike, mar de Sint-Feliksfloed, fan 5 novimber 1530, oerspielde hiel Noard-Bevelân wer, en twa jier letter waard troch de Alderheljenfloed fan 1532 alle bebouwing fuortslein. Inkeld de tsjerktuorren fan Koartjinge en Wisktsjerk stieken noch boppe it wetter út.
Yn 1598 waard Noard-Bevelân wer foar in diel ynpoldere, in proses dat pas yn 1684 foltôge waard. Oan 'e âlde tsjerktoer fan Koartjinge, dy't noch altyd stie, waard doe in nij skip boud. De nije kolonisten fan it eilân kamen út oare dielen fan Seelân, mar foar in part ek út Hollân, Flaanderen, Brabân en Limburch, en soms sels noch fierder wei. Taalkundige oanwizings meitsje oannimlik dat it grutste part fan 'e lju fan Skouwen-Duvelân ôfkomstich wie.
By de Wettersneedramp fan 1953 waard krekt op 'e tiid in dyktrochbraak by Colijnsplaat foarkommen. Dat barren kaam bekend te stean as it Wûnder fan Colijnsplaat. Op oare plakken op it eilân, lykas by Koartjinge, fûnen lykwols al dyktrochbraken plak; dêrtroch strûpten dochs noch grutte dielen fan Noard-Bevelân derûnder.
De gemeente Noard-Bevelân ûntstie op 1 jannewaris 1995 troch in proses fan gemeentlike weryndieling, wêrby't de eardere gemeenten Koartjinge en Wisktsjerk gearfoege waarden. Koartjinge wie sels yn 1941 fuortkommen út in fúzje fan Colijnsplaat en Kats, wylst Wisktsjerk al fanôf 1816 bestien hie.
Noard-Bevelân hat in oerflak fan krapoan 122 km², wêrfan't hast 86 km² út lân bestiet en hast 36 km² út wetter. It eilân wurdt yn it uterste westen begrinzge troch de Noardsee. Oan 'e noard- en eastkant foarmet de Easterskelde de skieding mei Skouwen-Duvelân en Toalen, wylst yn it suden de Fearske Mar it eilân skiedt fan Walcheren yn it súdwesten en Súd-Bevelân yn it súdeasten.
Noard-Bevelân is no op fjouwer plakken mei oare eilannen ferbûn: yn it noardwesten fia de Stoarmfloedkearing yn de Easterskelde mei Skouwen-Duvelân; yn it súdwesten fia de Fearske-Gatdaam mei Walcheren; yn it súdeasten fia de Sânkreekdaam mei Súd-Bevelân; en yn it noardeasten fia de Seelânbrêge mei Skouwen-Duvelân. It grutste part fan it eilân bestiet noch altyd út in tinbefolke, agrarysk gebiet. It haadplak fan 'e gemeente is Wisktsjerk (Wissenkerke), dat min ofte mear sintraal leit. De grutste wenkearn fan it eilân is Kamperlân.
Yn 'e gemeente Noard-Bevelân lizze 6 wenkearnen, wêrûnder de stêd Koartjinge (stedsrjochten 1431) en fiif doarpen. Hjirûnder de ynwennertallen per 30 desimber 2013:
Noard-Bevelân telt ien plak mei histoaryske stedsrjochten, te witten: Koartjinge. Utbuorrens binne: Plankedoarp (Plankendorp) en Striedoarp (Stroodorp).
Noard-Bevelân hie yn 2014 in befolking fan krapoan 7.500 minsken, wat delkomt op in befolkingstichtens fan 87 minsken de km². Der wurdt fan âlds op it eilân in Siuwsk dialekt sprutsen: it Noardbevelânsk. Hoewol't dat oerienkomsten fertoand mei it Skousk en it Duvelânsk fan Skouwen-Duvelân, wurdt it ornaris mei it Walchersk en it Súdbevelânsk ta de Middensiuwske dialektgroep rekkene.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.