From Wikipedia, the free encyclopedia
De Nederlânske gûne hat fan 1279 ôf it betelmiddel yn Nederlân west. De muntienheid waard yn jannewaris 2002 ferfongen troch de Euro. Oant 28 jannewaris fan dat jier wie de gûne tegearre mei de Euro it wettige betelmiddel. De gûne wie yn Euro’s € 0,45378 wurdich. De ISO-4217-Koade fan de gûne is NLG.
Nederlânske gûne | ||
In gûne mei de kop fan Beatrix fan nei 1980. | ||
identifikaasje | ||
ISO 4217 | ||
● koade | NLG | |
lânseigen namme | Nederlandse gulden (Ned.) | |
symboal | ƒ (ek: fl) | |
gebrûk | ||
sintrale bank | De Nederlandsche Bank | |
off. brûkers | Nederlân Suriname (oant 1962) Ned. Antillen (oant 1940) Lúksemboarch (oant 1839) Belgje (1830-1832) | |
skiednis | ||
ynfierd | 1279 | |
opheft | 2002 | |
ferfongen tr. | euro | |
● yn € | ƒ2,20371 | |
ynflaasje | 2,6% (des. 2000) | |
denominaasjes | ||
1/100 | sint | |
symb. 1/100 | c | |
muntjild | 5c, 10c, 25c, ƒ1, ƒ2½, ƒ5 | |
papierjild | ƒ5, ƒ10, ƒ25, ƒ50, ƒ100, ƒ250, ƒ1000 |
De earste gûne droech de namme ‘florijn’. Dit kaam trochdat de munt fersierd wie mei de Florijnse leelje út it wapen fan de stêd Florâns yn Itaalje. Hjir waard yn 1252 de earste belangrike gouden munten sûnt de Karolingyske tiid slein. Hjirtroch falt ek te ferklearen wêrom it teken fan de gûne in ‘f’ wie.
De earste munten hienen op de iene side yn ôfbyld fan stedspatroan Jehannes de Doper. Dizze munt waard yn hiel Jeropa neimakke. Yn Nederlân barde dat foar it earst troch Jan III fan Brabân.
Greve Willem V yntroduseare yn 1378 de Hollânske gûne. Dêrnei wiene der ferskate foarsten dy’t harren eigen gûnemunten yn omrin brochten. An it ein fan de 15e iuw sloegen, op Grinslân nei, alle gewesten fan Nederlân harren eigen gûnes.
De Karolusgûne wie de earste Nederlânske ienheidsmunt dy’t ek bûten Nederlân brûkt wurde soe. Dizze munt waard yn 1521 troch keizer Karel V yn omrin brocht.
De Gouden Karolus waard yn 1521 ynfierd en wie ûnderferdield yn 20 stuorkes dy’t tegearre ien gûne foarmen. Dizze yndieling soe oant it ein fan de gûne yn 2002 ta sa bliuwe.
Nei de Gouden Karolus kaam yn 1582 de Sulveren Karolus. Dizze soe oant 1680 ta jilde as de earste ienheidsmunt fan de Santjin Provinsjes. Dit wie de earste munt wêr't de kop fan de keizer op stie.
Trochdat eltse provinsje harren eigen munten útjoech ûntston yn de rin fan de Tachtichjierrige Oarloch, tusken 1568 en 1648, in probleem. De provinsjes joegen munten út mei in te leage wearde omdat se oars de oarloch net bekostigjen koene. Oant 1848 ta soene de provinsjes harren eigen munten slaan. Pas yn dat jier binne alle provinsjes stoppe mei dizze aktiviteiten. Dit duorre salang omdat is slaan fan de eigen munten in soart winst oplevere.
Yn 1648 kaam de generaliteitsgûne yn omrin. Hjir stie de Nederlânske ‘faam mei lâns’ op.
Doe’t de Frânsen yn Nederlân kamen waard de Frânske Frank it wettige betelmiddel yn Nederlân. Mar de gûne kaam werom doe’t de Frânsen it lân út wienen en sûnt 1825 is de Frânske Frank gjin wettich betelmiddel mear yn Nederlân. Oant dy tiid wie de Frank yn de Súdlike Nederlannen noch in wichtich betelmiddel.
Op 18 septimber 1816 wurd in wet oannomd dy’t de ûnderferdieling fan de gûne op 100 sinten fêstlei.
De lêste gûne is yn 2001 slein wêrnei't der yn 2002 oergien waard op de Euro.
Troch de iuwen hinnen hat der in ferskaat oan munten en bankbiljetten west. Hjirûnder in list fan de munten fan 1817 ôf:
Nederlânske munten 1817-2002 | ||||
---|---|---|---|---|
Desimaal stelsel: 1 gûne = 100 cent | ||||
Ynformaasje | ||||
Wearde (gûne) | wearde (sint) | Namme | yn omrin sûnt | yn omrin oant |
0,005 | 0,5 | Healtsje | 1818 | 1948 |
0,01 | 1 | Sint | 1817 | 1983 |
0,025 | 2,5 | 2½ Sint Healstoer Botsen | 1877 | 1948 |
0,05 | 5 | Stoer | 1818 | 2002 |
0,10 | 10 | Dûbeltsje | 1818 | 2002 |
0,25 | 25 | Kwartsje | 1817 | 2002 |
0,50 | 50 | Heale gûne | 1818 | 1948 |
1,- | 100 | Gûne | 1840 | 2002 |
2,50 | 250 | Ryksdaalder | 1840 | 2002 |
3,- | 300 | Trije gûne | 1817 | 1839 |
5,- | 500 | Fiifke | 1826 | 1912 |
1988 | 2002 | |||
10,- | 1000 | Gouden tientsje | 1818 | 1933 |
Sulveren tientsje | 1970 | 2002 | ||
50,- | 5000 | Fyftich gûne | 1982 | 2002 |
Ek ha de munten en biljetten in ferskaat oan uterliken hân. Benammen de biljetten binne gauris feroare.
Om it saneamde ‘snoeie’ op de munten te foarkommen waard sûnt 1749 de kartelrâne yn de munt slein. Op dizze wize woene de Steaten-Generaal it fertrouwen yn de gûne grutter meitsje. Sûnt 1817 steane de koppen fan de kenings en keninginnen op de munten. In jier letter waard de sin ‘God zij met ons’ (God is mei ús) yn de râne slein.
It muntejild wie oant 1 jannewaris 2007 ta yn te wikseljen by De Nederlânske Bank, dêrnei net mear. It papierjild ken dêr noch oant 1 jannewaris 2032 ta ynlevere wurde.
Net allinnich yn Nederlân is de muntienheid de gûne (west). Ek ien oare parten fan de wrâld, bygelyks op de âlde Nederlânske koloanjes, hat de gûne ek it wettige betelmiddel west.
It eardere Nederlânsk-Ynje hie harren eigen gûne. Dizze is yn 1949 ôfskaft neidat it lân ûnôfhinklik waard. Sûnt dat jier is de Yndonesyske Rupiah it wettige betelmiddel yn dat lân.
Ek de Nederlânske Antillen en Arûba ha harren eigen gûne. Yn beide lannen wurd dizze muntienheid noch brûkt. Op de Antillen is de namme de ‘Antiljaanske gûne’ en op Aruba is it de ‘Arubaanske gûne’.
Yn Suriname hat oant 1 jannewaris 2004 de gûne beston. Mar sûnt die datum is Suriname oergong op de dollar. Dit wie omdat de Surinaamske gûne fan 1975 ôf, doe’t it lân ûnôfhinklik waard, hieltyd minder wurdich waard.
Ek bûten Nederlân, yn parten fan Dútslân en Eastenryk ha soarten fan de gûne beston. Sjoch hjirfoar op Gûne.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.