From Wikipedia, the free encyclopedia
Lord Howe (Ingelsk: Lord Howe Island, foarhinne: Lord Howe's Island) is in subtropysk eilân yn 'e Tasmansee, tusken Austraalje en Nij-Seelân yn. It leit 500 km eastlik fan Port Macquarie, op it Australyske fêstelân, en 770 km noardeastlik fan Sydney, en is in populêre (sij it frij prizige) fakânsjebestimming. Neffens gegeven fan 'e Australyske folkstelling fan 2006 waard Lord Howe doe bewenne troch krapoan 350 minsken. It eilân, dat in oerflak hat fan 14,6 km², falt bestjoerlik ûnder de Australyske steat Nij-Súd-Wales. Mei in stikmannich lytsere, ûnbewenne eilantsjes deromhinne foarmet Lord Howe de Lord Howe-eilannen, dy't troch de UNESCO op 'e Wrâlderfgoedlist set binne fanwegen har unike floara en fauna.
Lord Howe Lord Howe Island | |
---|---|
flagge | wapen |
(gjin biedwurd) | |
geografyske lokaasje | |
algemien | |
gebietsdiel fan | Austraalje ● Nij-Súd-Wales |
pol. status | territoarium ûnder steatsbestjoer |
haadstêd | Ned's Beach |
offisjele taal | Ingelsk (de facto) |
sifers | |
ynwennertal | 347 (2006) |
befolkingstichtens | 24,0 / km² |
oerflak | 14,6 km² (allinnich lân) |
bykommende ynformaasje | |
muntienheid | Australyske dollar (AUD) |
tiidsône | UTC+10½ (S.T. UTC+11) |
tillefoan | +61 |
ynternetekstinsje | .au |
webside | www.lordhoweisland.info |
It eilân waard yn 1788 ferneamd nei Richard Howe, 1ste greve Howe, dy't doedestiden de Britske First Lord of the Admiralty wie.
Lord Howe hat in oerflak fan 14,6 km², en in befolkingstichtens fan 24 minsken de km², al wurdt mar 398 ha lân bewenne, en bestiet it grutste part fan it eilân út ûnoantaast wâldgebiet. It healmoannefoarmige eilân is 10 km lang fan noard nei súd en hat in breedte fan tusken de 2 km en 300 m. It is it oerbliuwsel fan in fulkaan, en bestiet grutdiels út stjurringsstientme. By de westkust lâns leit in sânstrân oan in lagune dy't heal ôfsletten is troch in koraalrif. It grutste part fan 'e befolking wennet yn it noardlike leechlângebiet, wylst it suden fan it eilân dominearre wurdt troch beboske rotsige heuvels dy't opriizje nei it heechste punt fan Lord Howe, de Mount Gower, mei in hichte fan 875 m.
Om it haadeilân hinne lizze yn totaal 28 ûnbewenne eilantsjes en boppe de see útstekkende rotsformaasjes, dy't mei-inoar de Lord Howe-eilannen foarmje. Njonken Lord Howe sels is de opmerklikste dêrfan Ball's Pyramid, 23 km nei it súdeasten, dat in steile rotspjuts fan 551 m heech is. Benoarden it haadeilân lizze de Admiraliteitseilannen, in groepke fan sân lytse ûnbewenne eilantsjes deun byinoar.
Lord Howe stiet fral bekend om 'e lânseigen kentiapalm, in soarte fan palmbeam dy't nearne oars foarkomt en dy't it symboal fan it eilân wurden is. Der komme yn totaal 202 ferskillende soarten fûgels op it eilân foar, wêrûnder sawol permaninte populaasjes fan seefûgels en lânfûgels, as jierliks weromkeardende trekfûgels. De Lord Howe-wâldhin hat it fermogen om te fleanen ferlern, en komt sadwaande nearne oars foar. Mei't er op it eilân gjin natuerlike fijannen hie, hoegde er ek net fleane te kinnen, mar doe't Lord Howe kolonisearre waard troch de minske, waard er in maklike proai foar minsken, hûnen, katten en rotten. Yn 'e 1970-er jierren wiene der noch 30 eksimplaren oer, mar troch in fokprogramma en reyntroduksje yn it wyld, njonken in fûleindige bestriding fan 'e ferwyldere katten en teffens fan 'e rotten (dy't de aaien en piken opfrieten) is de populaasje no wer stabyl en oanwoeksen ta in ridlik nivo.
Guon oare lânseigen soarten wiene net sa lokkich. De Lord Howe-moerashin, de wythalsdo, de readkroanparkyt en de tasmangint waarden allegear al foàr 1900 troch de minske útrûge, itsij troch oerbejaging, itsij om't se it op 'e lânbougewaaksen fan 'e minsken foarsjoen hiene en as skealik ûngedierte beskôge waarden. Der is noch mar ien lânseigen sûchdier op Lord Howe oer: de grutte wâldflearmûs. De Lord Howe-langearflearmûs is inkeld bekend fan bonkeresten, en men giet derfan út dat dy útrûge is troch de rotten. De beide lânseigen reptilesoarten, de Lord Howe-skink en de Lord Howe-gekko, binne op it haadeilân seldsum, mar komme op 'e lytsere eilantsjes noch rûnom foar.
De Lord Howe-eilânske wanneljende tûke ferdwûn fan it haadeilân koart nei de komt fan 'e rotten, en waard as útstoarn beskôge, mar yn 2001 waard der in lytse populaasje ûntdutsen yn ien inkele strûk op 'e fierders ûnbegroeide skeanten fan Ball's Pyramid. It mânske bist is ûnderwilens sa súksesfol yn finzenskip fokt, dat de kâns op útstjerren wykt is. Men is fan doel om him mei koarten op it haadeilân te reyntrodusearjen. Ek de lânseigen Lord Howe-flaaksslak hie slim te lijen fan 'e rotten. De soarte is sadwaande no bedrige, en ek hjirfoar is in fokprogramma yn finzenskip opset.
De hûskat kaam yn 'e njoggentjinde iuw mei de minske op it eilân, mar de populaasje ferwyldere katten is sûnt de santiger jierren eliminearre. Bargen, geiten en skiep waarden yn deselde tiid mei sin op it eilân loslitten en hawwe der ferwyldere populaasjes fêstige. De hûsmûs kaam yn 1860 mei skippen fan it eilân Norfolk oer, en de swarte rôt berikte it eilân yn 1918, doe't de SS Makambo skipbrek litte en strâne by Ned's Beach. Yn 'e 1920-er jierren waard de Tasmaanske maskere ûle op it eilân loslitten yn in ûnsúksesfol besykjen om 'e rottepopulaasje te bestriden. Twa útlânske reptile- en amfibyesoarten, de túnskink en de mjêkjende beamkikkert, binne by fersin yntrodusearre fan it Australyske fêstelân. Troch al dit minsklik yngripen binne yn totaal twa plantesoarten, njoggen lânfûgelsoarten, ien flearmûzesoarte en teminsken fjouwer soarten fan lidpoatigen en oar krûpend dierte útstoarn. Yn 1982 kaam Lord Howe fanwegen syn unike floara en fauna op 'e Wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO.
Lord Howe waard op 17 febrewaris 1788 ûntdutsen troch de Britske luitenant Henry Lidgbird Ball, de befelfierder fan it marineskip de HMS Supply, dy't doe ûnderweis wie fan 'e strafkoloanje op it eilân Norfolk nei dy fan Botany Bay, by it lettere Sydney. Op 'e weromreis socht er it eilân wer op en stjoerde in diel fan syn bemanning oan lân om it te ferkennen. Ball naam it eilân yn besit út namme fan 'e Britske Kroan en ferneamde it nei Richard Howe, de doetiidske oerbefelhawwer fan 'e Britske Keninklike Marine.
Neitiid waard Lord Howe earst in befoarriedingsstasjon foar de walfiskfeart, en yn juny 1834 waard it permanint kolonisearre troch trije blanke seelju mei harren Maoary-froulju en twa Maoary-jonges. Nei't it skynt wie it eilân foartiid ûnbekend by de Polynezyske folken fan 'e Stille Súdsee. Yn 1849 wennen der noch mar alve minsken op it eilân dy't der klauwen oan hiene om te oerlibjen, mar dat feroare yn 'e 1850-er jierren. Doe waard der op it Australyske fêstelân nammentlik op ferskate plakken goud fûn, mei as gefolch dat in grut part fan 'e bemannings fan 'e skippen dy't de havens dêr oandiene, útpykte om syn lok yn 'e goudfjilden te prebearjen. Fan gefolgen besochten de skippers it fêstelân safolle mooglik te mijen, en dat late ta in ûnbidige groei yn 'e hannel dy't der op Lord Howe dreaun waard. De bewenners begûnen jirpels, woartels, maïs, pompoenen, taro, wettermeloenen, drúven, passyfruchten en sels kofje te ferbouwen en bargen, skiep en geiten te fokken om oan 'e fraach te foldwaan fan 'e skippen dy't it eilân besochten.
Yn 1855 waard Lord Howe offisjeel in ûnderdiel fan 'e koloanje Nij-Súd-Wales. Fan 'e 1860-er jierren ôf sakke de hannel op it eilân wer yn trochdat tsjin dy tiid de sitewaasje op it Australyske fêstelân normalisearre wie, wylst it yn dyselde snuorje mei de walfiskfeart yn it neigean rekke. Soms gie der wol in healjier of sels in jier foarby ear't it folgjende skip it eilân oandie. Uteinlik seach it Nijsúdwelske regear nei it eilân om, en yn 1878 waard kaptein Richard Armstrong oansteld as de earste pleatslike bestjoerder. Hy soarge derfoar dat der op Lord Howe in skoalle boud en in pear wegen oanlein waarden en liet mei dynamyt yn it rif in tagong foar seeskippen ta de lagune meitsje. Teffens moedige er it kweken fan kentiapalmen as sierplanten oan, en fan 'e 1880-er jierren ôf waarden dy it wichtichse eksportprodukt fan it eilân. Yn 1883 waard der foar it earst in fêste feartsjinst nei en fan it Australyske fêstelân opset, en yn 'e tritiger jierren fan 'e tweintichste iuw begûn foar it earst it toerisme op te kommen, dat sûnt de wichtichste ynkomsteboarne fan Lord Howe wurden is.
Lord Howe makket ûnderdiel út fan 'e Australyske steat Nij-Súd-Wales. Bestjoerlik hat it de status fan in "net-ynkorporearre gebiet", dat bestjoerd wurdt troch de Lord Howe-eilânried (Lord Howe Island Board). Dat is in fertsjintwurdigjend orgaan fan sân leden (sûnt 2004), wêrfan't fjouwer keazen wurde troch de ynwenners fan it eilân. De eilânried is rekkenskip skuldich oan 'e Nijsúdwelske Minister fan Miljeu en Erfskip. Troch dizze bestjoerskonstruksje genietet Lord Howe folle mear autonomy as lykfol hokker oar diel fan Nij-Súd-Wales.
De ekonomy fan Lord Howe stipet op mar twa dingen: de eksport fan kentiapalmen as sierplanten, en it toerisme. De lânseigen kentiapalm wurdt op it eilân de thatch palm ("tekpalm") neamd, mei't de iere kolonisten de blêden brûkten om 'e dakken fan harren wenten mei te bedekken. It mylde klimaat hat makke dat dizze palmsoarte mei in bytsje ljocht, in drûge lucht en legige temperatueren takin, wat it in ideäle plant makket foar binnendoar. It is no de populêrste sierplant fan 'e wrâld, en mei de ferkeap fan sied en jonge planten fertsjinnet Lord Howe Au$2 miljoen jiers – net in reuseftich bedrach, mar dochs net gek foar in befolking fan mar 350 minsken.
Wat it toerisme oanbelanget, kin Lord Howe 400 man tagelyk oan, wat it, yn 'e mande mei de loftreis derhinne (de iennichste manear om der te kommen, of it moat wêze dat men in priveejacht hat), ta in frij eksklusive en nochal prizige fakânsjebestimming makket. Der binne op it eilân gjin slangen, bitende ynsekten of gefaarlike bisten of planten, noch komme der ornaris haaien foar yn 'e wetters om it eilân hinne. Men kin der sinnebaaie op ien fan 'e 11 strannen, kuierje, it natoerskientme en de lânseigen fauna bewûnderje, snorkelje, djipseedûke, de in meter lange gielsturthoarsmakriel út 'e hân fuorje, surfe, wynsurfe, kajakje en angelje.
Der wurde fêste loftferbinings ûnderholden tusken Lord Howe en de stêden Sydney, Brisbane en Port Macquarie op it Australyske fêstelân, en teffens mei it eilân Norfolk, fierder de Stille Oseaan yn. Op it eilân binne in bakkerij, in slachterij, in supermerkje, in sliterij, ferskate restaurants, in postkantoar, in museum anneks besikerssintrum, in lytse botanyske tún mei lânseigen planten, in bowlingbaan, in tennisbaan, in golfbaan, in radiostjoerder en in jildautomaat. It eilân is ek oansletten op it fêste tillefoannetwurk fan Austraalje en hat ferbining mei it ynternet, mar mobile tillefoanen dogge it der net.
Neffens gegevens fan 'e Australyske folkstelling fan 2006 hie Lord Howe doe 348 ynwenners, mei in befolkingstichtens fan 24,0 minsken de km². De grutste delsetting en it haadplak is Ned's Beach, yn it noarden fan itn eilân. De oarspronklike befolking bestie út Britske seelju, Maoary-froulju en letter guon Amerikaanske walfiskfarders, en harren neiteam wennet foar in grut part nei seis generaasjes noch altyd op it eilân. Yn in gebiet dat de "tsjerkegreide" (Church Paddock) neamd wurdt, steane anglikaanske, roomske en advintistyske tsjerken, en de befolking bestiet foar 30% út anglikanen, foar 22% út ateïsten en agnosten, foar 18% út roomsen en foar 12% út sânde-deisadvintisten.
Lord Howe hat in subtropysk klimaat, mei mylde of waarme, ridlik drûge simmers en koele, dweiltrochwiete winters. Hjerst en maityd foarmje koarte oergongen tusken de beide haadseizoenen. De waarmste moanne, mei in trochsneed temperatuer oerdeis fan 25,7 °C, is febrewaris, wylst july en augustus mei in gemiddelde fan 18,9 °C oerdeis, de "kâldste" moannen binne. It eilân kriget jiers yn trochsneed 1.499 mm rein. Inkeld hat Lord Howe te lijen fan tropyske sykloanen, al komt dat net faak foar.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.