Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Dynamyt is in eksplosyf dat basearre is op de eksplosive krêft fan nitroglyserine, wêrby't diatomeeënierde as absorbearjend middel brûkt wurdt. It wurd dynamyt komt fan it Grykske wurd δυναμις (dunamis), dat krêft betsjut. Dynamyt waard útfûn troch de Sweedske gemikus Alfred Nobel yn 1866. Nitroglyserine is in tige krêftige mar gefaarlike springstof dy't by it meitsjen en ferfier maklik ( en ûnbedoeld) eksplodearret. Nobel ûntdekte dat de gefoelichheid fan it materiaal foar in grut part fermindere wurde koe troch it opsûgje te litten yn in poreuze stof, lykas seachsel of diatomeeënierde. Diatomeeënierde is in poreuze grûnsoarte, besteande út de skeletdielen fan ienselligee keizelwieren of diatomeeën. De sa oanmakke substânsje neamde hy dynamyt. Meidat dynamyt in soad brûkt waard yn oarloggen, krige Nobel wroeging oer it meitsjen en distribuearjen fan de stof. Hy stelde dêrom syn fermogen beskikber oan de wittenskip yn de foarm fan de Nobelprizen, dy't hjoed-de-dei noch altiten fan Nobel syn jild finansiere wurde. Hjirby komme allinnich de prizen yn de kategory 'wittenskip', lykas natuerkunde en skiekunde. Oare prizen, lykas dy foar de frede, wurde betelle troch de Sweedske steat.
Dynamyt wurdt meastal oanbean yn de foarm fan stêven, ûngefear 2,5 sm yn diameter en 20 sm lingte. Om se detonearje te litten is ûnder normale omstannichgheden in ûntstekker nedich. Dynamyt is wetterbestindich, sadat it yn boargaten ûnder de grûnwettertafel brûkt wurde kin. Dynamyt kin fannijs tige gefaarlik wurde by temperatueren heger as 35°C omdat de nitroglyserine dan út begjint te switten.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Dynamite fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.