From Wikipedia, the free encyclopedia
Stefani Joanne Angelina Germanotta[1] (New York, 28 maart 1986[2]), better bekend as Lady Gaga, is in Amerikaansk sjongster. Gaga is bekend wurden troch har wurk yn elektropop en glamrock. Se skriuwt har eigen teksten en ûntwerpt har eigen fideoklips. Foar it nûmer Just Dance waard hja yn 2008 nominearre foar in Grammy Award.[3]
Lady Gaga | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Lady Gaga (2010) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Stefani Joanne Angelina Germanotta | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 28 maart 1986 | |
berteplak | New York | |
wurkpaad | ||
sjenre | pop | |
sjongtaal | Ingelsk | |
grutste hit(s) | Poker Face, Just Dance | |
jierren aktyf | 2005-no | |
offisjele webside | ||
* ladygaga.com |
Har debútalbum út augustus 2008, The Fame, waard nûmer ien yn FK, Kanada, Eastenryk, Dútslân en Ierlân, die it ek goed yn oare lannen, wrâldwiid. De earste twa singles fan it album, "Just Dance" en "Poker Face", waarden ynternasjonale nûmer-ien hits, ûnder oaren yn de Amerikaanske Billboard Hot 100, mar ek yn in protte oare lannen. It album smiet letter seis Grammy Awardnominaasjes op en wûn prizen foar Best Electronic/Dance Album en Best Dance Recording. Ier 2009 begûn hja oan har earste grutte omrins, The Fame Ball Tour. Ein fan itselde jier brocht hja har twadde studio-album út The Fame Monster, mei dêrop de single "Bad Romance", dy't wrâldwiid súkses hie, en sette hja útein mei har twadde omrin, The Monster Ball Tour, dy't ek oaral in soad media-omtinken krige.
Lady Gaga sjocht harsels as in libben keunstwurk. Har artistike wize fan klaaien is neffens har in earebetoan oan keunstner Andy Warhol. Troch har útwrydske look wurdt sy wolris fergelike mei new wave-acts út de jierren '80. De styl fan Lady Gaga wurdt faak as in op 'en nij oplibjen fan de elektropop-muzyk út de jierren '90 sjoen. Yn febrewaris 2010 waard se by de Shockwaves NME Awards sawol as bêst klaaide en as minst klaaide artyst keazen.[4]
Neist ynteresse foar avant-garde en elektroanyske dancemuzyk wurdt Gaga beynfloede troch glamrock en hat se in pop-sound mei ynfloeden fan Marc Bolan, David Bowie en de rockgroep Queen. "Marc Bolan en David Bowie hawwe tige wichtich foar my west, foar't ik harren ûntduts wie ik der skjin mei oanhelle."
Op har linkerboppe-earm hat Lady Gaga in gedicht fan Rainer Maria Rilke tatoeëarje litten. Under de tatoeaazje fan dat gedicht steane de wurden "Little Monsters". "Little Monsters" is de bynamme dy't hja har fans jout. Op har linker pols hat sy in fredesteken. Op it lege part fan de rêch hat hja in soarte tribal mei roazen. Op har linkerboppeskonk hat se de namme fan har album "Born this Way" sette litten.
Gaga hat fan natuere brún hier, mar dat blondearret hja, omdat sy oars faak oansjoen wurdt foar Amy Winehouse.
Album | Utbrocht op | Label | Singles |
---|---|---|---|
The Fame | 19 augustus 2008 | Streamline | Just Dance, Poker Face, Eh, Eh (Nothing Else I Can Say), LoveGame, Paparazzi |
Born This Way | 23 maaie 2011 | Born This Way, Judas, The Edge of Glory, You and I, Marry the Night, Bloody Mary | |
Artpop | 6 novimber 2013 | Applause, Do What U Want, G.U.Y. | |
Joanne | 21 oktober 2016 | Perfect Illusion, Million Reasons, Joanne | |
Chromatica | 29 maaie 2020 | Stupid Love, Rain on Me, 911 | |
Harlequin | 2024 |
Film | Album | Utbrocht op | Label | Singles |
---|---|---|---|---|
A Star Is Born | A Star Is Born (mei Bradley Cooper) |
5 oktober 2018 | Interscope | Shallow, Always Remember Us This Way, I'll Never Love Again |
Album | Utbrocht op |
---|---|
The Singles | 8 desimber 2010 |
Born This Way: The Collection | 21 novimber 2011 |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.