From Wikipedia, the free encyclopedia
Klaas van der Woude (Rinsumageast, 1954) is Frysk komponist, arranzjeur, muzykpedagooch, dirigint en klankregisseur.
Klaas van der Woude kaam al jong troch famylje en de pleatslike muzykferiening mei muzyk yn de kunde. Hy spile kornet en krige les fan de Fryske brassbandpionier Sierd de Boer. Troch him kaam er as jonge fan fyftjin by brassband De Bazuin yn Oentsjerk. Nei in oplieding ta ûnderwizer en in oerstap nei brassband De Wâldsang kaam er ta it beslút fierder te studearjen oan de Muzyk Pedagogyske Akademy yn Ljouwert. Hy waard dêrta oantrúnd troch Tjeerd Brouwer, dy't jierrenlang dirigint fan De Wâldsang en ek in tal jierren fan De Bazuin wie. It wie deselde Tjeerd Brouwer dêr't er syn earste direksjelessen fan krige.
Oan de MPA studearre Van der Woude trompet, HaFaBra-direksje en arranzjearjen. Hjoed de dei (1997) stiet er as dirigint foar De Bazuin, Oentsjerk en Crescendo, Drachten. Dêrnjonken is er aktyf as arranzjeur, klankregisseur en haadfakdosint Direksje oan it Prins Claus Konservatoarium Grins. Krige yn 2008 de Buma Brass Award foar syn trochbrekken fan grinzen en sa bydroech oan de ûntwikkeling fan de moderne brassmuzyk.
Fan maart 1986 ôf is Klaas van der Woude dirigint fan De Bazuin, Oentsjerk. Yn de fiifentweintich jier dat er dy band muzikaal liedt, is it nivo stadichoan omheech gien en binne in soad súksessen ynhelle. De mannichte arranzjeminten dy't Van der Woude yn dy jierren foar brassband skreaun hat, hawwe altyd in wichtich oandiel hân yn it repertoire fan De Bazuin, benammen by konserten. De band hat dêrom it beslút nommen om yn oparbeidzjen mei muzykútjouwerij De Haske in CD te meitsjen mei allinnich mar arranzjeminten fan Klaas van der Woude. Dat album, mei as titel 'Far From Over' is yn begjin 2007 ferskynd.
Sjoch fierder syn webside
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.