From Wikipedia, the free encyclopedia
John Hillerman (folút: John Benedict Hillerman; Denison (Teksas), 20 desimber 1932 – Houston (Teksas), 9 novimber 2017), wie in Amerikaansk tillefyzje- en filmakteur fan mingd Dútsk-Frânsk etnysk komôf. Hy waard benammen bekend fan syn rol as Jonathan Higgins, yn 'e populêre detektivesearje Magnum, P.I., út 'e 1980-er jierren. Foar de fertolking fan dy rol wûn er yn 1981 in Golden Globe, en yn 1987 in Emmy Award, de wichtichste Amerikaanske tillefyzjepriis.
John Hillerman | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | John Benedict Hillerman | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 20 desimber 1932 | |
berteplak | Denison (Teksas) | |
stoarn | 9 novimber 2017 (84 jier) | |
stjerplak | Houston (Teksas) | |
etnisiteit | Dútsk Frânsk | |
jierren aktyf | 1957 – 2009 | |
prizen | Golden Globe 1981 Emmy Award 1987 | |
offisjele webside | ||
gjint |
Hillerman waard yn 1932 berne yn Denison, yn 'e Amerikaanske steat Teksas, as de soan fan Christopher Benedict Hillerman, de útbater fan in benzinestasjon, en dy syn frou Lenora Joan Medlinger. Syn heit wie de pakesizzer fan ymmigranten út Dútslân en Frankryk, wylst syn mem de dochter wie fan ymmigranten út Eastenryk en Dútslân. Hillerman groeide op yn Denison en folge de middelbere skoalle oan 'e pleatslike St. Xavier's Academy.
Nei't er slagge wie foar syn eksamens, studearre er trije jier lang sjoernalistyk oan 'e Universiteit fan Teksas te Austin. Oanslutend gied er yn 1953 by de Amerikaanske Loftmacht, dêr't er fjouwer jier tsjinne en de rang fan sersjant berikte. Under syn tsjinstjierren wie Hillerman belutsen by ferskate militêre teätergroepen, en nei't er ôfswaaid wie, sette er him nei wenjen yn New York, om in toanieloplieding te folgjen oan 'e American Theatre Wing.
Yn 1957 sette Hillerman syn profesjonele aktearkarriêre útein as fêst toanielspiler yn it Chautauqua Playhouse yn Middelton, yn 'e steat Ohio. Yn 1959 makke er syn debút op Broadway. Neitiid wied er goed tsien jier lang útslutend aktyf as toanielakteur, oant er yn 1970 foar it earst yn in film te sjen wie, mei in petiterich lytse roltsje as sjoernalist yn They Call Me MISTER Tibbs. Yn 'e santiger jierren spile Hillerman yn films as The Last Picture Show (1971), What's Up, Doc? (1972), High Plains Drifter (1973), Paper Moon (1973), Blazing Saddles (1974), Chinatown (1974), Lucky Lady (1975) en At Long Last Love (1975).
Syn tillefyzjedebút makke Hillerman yn 1972 yn 'e tillefyzjesearje The Sixth Sense. Letter hied er ek gastrollen yn searjes as Mannix, Kojak, Serpico, Hawaii Five-O, Wonder Woman, The Love Boat, Hart to Hart en Lou Grant. Yn it tillefyzjeseizoen 1975-1976 hied er syn earste fêste rol yn 'e searje Ellery Queen, as tsjinspiler fan Jim Hutton. Fan 1976 oant 1980 hied er in weromkearende rol yn One Day at a Time, en yn 1977 hearde er ta de fêste cast fan 'e The Betty White Show, as de eks-man fan aktrise Betty White.
Hillerman syn trochbraak kaam yn 1980, mei syn rol as de strange en ûnbûchsume Britsk sersjant-majoar b.tsj. Jonathan Higgins, yn 'e populêre detektivesearje Magnum, P.I., wêrby't er de tsjinspiler wie fan Tom Selleck, dy't de titelrol fan privee-detektive Thomas Magnum spile, en fan Roger E. Mosley en Larry Manetti. Neffens eigen sizzen learde Hillerman himsels it deftige Ingelske aksint oan dêr't er foar dy rol ferlet fan hie, troch oandachtich de Britske akteur Laurence Olivier te belústerjen. Foar syn fertolking fan Higgins waard Hillerman yn 1981 in Golden Globe takend yn 'e kategory 'bêste byrol fan in manlike akteur yn in searje, minysearje of tillefyzjefilm', en yn 1987 wûn er der in Emmy Award mei, de heechste Amerikaanske tillefyzjepriis, yn 'e kategory 'bêste manlike byrol yn in dramasearje'.
Magnum, P.I. rûn oant 1988, en neitiid kearde Hillerman fierhinne werom nei syn earste leafde, it toaniel. Yn 1990 fertolke er ien seizoen lang de rol fan Lloyd Hogan yn 'e searje The Hogan Family. Datselde jiers spile er ek dokter Watson yn 'e Sherlock Holmes-ferfilming Hands of a Murderer. Yn 1993 hied er de rol fan Mac Mackenzie, in kafeehâlder en earder spion, yn 'e searje Berlin Break. Syn lêste tillefyzjerol spile Hillerman yn 1996 as dokter Whitehead yn A Very Brady Sequal. Dêrnei lei er him útslutend noch ta toanielútfierings. Hillerman hold yn 2009, doe't er 77 jier wie, op mei aktearjen en loek him werom yn syn wente yn Houston, yn syn thússteat Teksas. Dêr kaam er op 9 novimber 2017 yn 'e âlderdom fan 84 jier te ferstjerren.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.