From Wikipedia, the free encyclopedia
Gelderlân (Nederlânsk: Gelderland) is in provinsje fan Nederlân, en bestiet as sadanich sûnt 1814. It hat 2.149.057 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS), en in oerflak fan 5.136 km². De haadstêd is Arnhim. De grutste stêd is Nijmegen. De lytsere stêden fan betsjutting binne Apeldoarn, Sutfen, Hurderwyk, Tiel en Doetinchem.
Gelderlân | ||
folksliet: Ons Gelderland | ||
polityk | ||
lân | Nederlân | |
status | provinsje | |
oprjochting | 1814 | |
offisjele taal | Nederlânsk | |
haadstêd | Arnhim | |
tal gemeenten | 51 | |
kommissaris fan de kening | John Berends (VVD) | |
geografy | ||
geograf. koördinaten | 51°58' NB 5°54' EL | |
oerflak | 5.136,30 km² (2015) | |
• dêrfan lân | 4.960,47 km² | |
• dêrfan wetter | 175,84 km² | |
rang provinsjes | 1e fan 12 | |
demografy | ||
ynwennertal | 2.149.0571 | |
teldatum | 1 jannewaris 2024 | |
rang provinsjes | 4e fan 12 | |
befolkingstichtens | 430 / km² | |
grutste plak | Nimwegen | |
religy (2015) | 46,3% ateïsten en agnosten 23,2% protestanten 21,6% roomsk-katoliken 3,6% moslims 5,3% oaren | |
oar | ||
NUTS | NL22 | |
ISO 3166-2 | NL-GE | |
tiidsône | MET (UTC+1) | |
simmertiid | MEST (UTC+2) | |
offisjele webside | ||
www.gelderland.nl | ||
1) boarne: CBS-StatLine |
De provinsje leit tusken yn it suden Limburch en Noard-Brabân, yn it westen Súd-Hollân en Utert, yn it noarden Flevolân en Oerisel, en yn it easten leit de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen.
Gelderlân kin geakundich yn de neikommende regio's opdield wurde: de Feluwe, de Gelderske Fallei, de Betuwe, de Liemers it Ryk fan Nimwegen en de Achterhoeke. De grutste rivier is de Ryn. Yn Gelderlân ûntspringe fanút de Ryn de Waal en de Isel. De Maas is de grinsrivier mei Noard-Brabân. De heuvel Signaal Imbosch is mei 109,9 meter it heechste punt fan 'e provinsje.
Gelderlân bestiet sûnt 2019 út 51 gemeenten.
|
|
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.