From Wikipedia, the free encyclopedia
Nunspeet is in doarp yn de Nederlânske provinsje Gelderlân en leit op de râne fan de bosken fan de Feluwe en de greiden oan de rânemarren. It is it haadplak fan de gemeente mei deselde namme. It plak Nunspeet telt 19.688 ynwenners (01.01.2016). In diel fan de befolking sprekt Nunspeetsk, in lokale fariant fan it Nedersaksysk.
Oarspronklik is Nunspeet in iesdoarp, ûntstien op de grins fan bosk en wetter. It âldste diel fan de doarpstsjerke datearret út it begjin fan de 16e iuw, mar der moat al yn it jier 1313 in tsjerke op dat plak stien ha. De struktuer fan it hjoeddeiske doarp is lykwols ûntstien fanôf it midden fan de 19e iuw. De ynwenners fan Nunspeet wiene eartiids earm en fûnen harren bestean as lytse boeren, deihiersarbeiders en iikskylders, dy't benammen yn spitketen wennen.
De oanwêzigens fan wetter, bosk, heide en sânferstowings om Nunspeet hinne meitsje it plak tsjintwurdich populêr by toeristen. Nunspeet registrearret alle jierren mear as in miljoen oernachtigings. Om it plak hinne lizze ferskate kampings en der binne tal fan kuier- en fytsrûtes útset. Nunspeet wie yn de twadde helte fan de 19e en earste helte fan de 20e iuw in plak dat in grutte oanlûkingskrêft op keunsters útoefene. Yn it Noord-Veluws Museum binne tal fan wurken fan dy keunsters te sjen.[1]
Nunspeet is in tsjerklik plak en leit yn de saneamde Bibelgurdle. De grutste tsjerklike gemeente yn Nunspeet is de herfoarme gemeente, dy't meardere tsjerken yn it plak hat. De tsjerke fan de Grifformearde Gemeente fan Nunspeet heart mei likernôch 1.900 sitplakken ta de grutste tsjerkegebouwen fan Nederlân.
By de riedsferkiezings fan 2018 wie de Steatkundich Grifformearde Partij de grutste partij fan it doarp. In mearderheid fan de befolking fan Nunspeet stemde by dy ferkiezings op in partij fan kristlike sinjatuer.[2]
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.