From Wikipedia, the free encyclopedia
In Iesdoarp of brinkdoarp is ien fan de doarpsfoarmen op de sângrûnen yn Nederlân, oer it algemien ûntstien yn de Hege Midsiuwen. Iesdoarpen binne in soad te finen yn Drinte, lykas Diever, Orvelte, Dwingelo en Vledder. Ek Assen, Emmen en Grins binne fan oarsprong iesdoarpen. In oar gebiet mei in soad oarspronklike iesdoarpen is It Goai, bygelyks Laren). Fierders binne se te finen yn Noard-Brabân en Limburch. Fryske iesdoarpen lizze yn de Stellingwerven, lykas Aldeberkeap en Bakkefean, mar Feankleaster yn de noardlike Wâlden.
De doarpen hawwe in oantal mienskiplike skaaimerken:
It iesdoarpelânskip waard yn it ferline gauris as in frij statysk model beskôge. Dat statyske model waard yn 2004 útinoar raffele en ûntmytologisearre yn it proefskift Het Drentse Esdorpenlandschap fan de Grinzer heechlearaar Theo Spek[1]. De ûnderdielen fan it model blike tige ferskillende âlderdom te hawwen, dat binne net as ien gehiel ûntstien. Sa waard de seaddebedonging pas in grut tal iuwen nei it ûntstien fan de iessen ynfierd, en bestiet der ek op ynternasjonaal nivo gjin strakke romtlike histoaryske bân tusken beide fenomenen.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.