From Wikipedia, the free encyclopedia
Harderwyk[1] (Nederlânsk en offisjeel: Harderwijk, Nedersaksysk: Harderwiek) is in stêd en gemeente yn de provinsje Gelderlân, mei 49.379 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS), en mei in oerflak fan 48,27 km², wêrfan 10,04 km² wetter.
De namme Harderwyk komt fan 'e fiskefamylje fan 'e harders (Mugilidae) en it oerflaktewetter wyk (sydkanaal).
De stêd Harderwyk krige yn 1231 de stedsrjochten fan Greve Otto II. Fan 1285 oant 1628 wie de stêd part fan de Hânze. Yn 1503 wie der in grutte brân yn Harderwyk, en hjirtroch en troch it fersânjen fan de Sudersee by Harderwyk naam it belang fan de stêd ôf. Yn 1648 waard hjir de Universiteit fan Harderwyk oprjochte, dy't yn 1811 troch Napoleon wer sletten is. Yn de 19e iuw waard Harderwyk meast in fiskersplak, mar yn de 20e iuw hawwe it toerisme, en de drûchlizzen fan Flevolân wêr foar groei soarge.
De stêd Harderwyk is de haadstêd fan de gemeente. Fierder heart noch it doarpke Hieren by de gemeente Harderwyk.
Harderwyk leit oan 't Wâlderwiid, en op de râne fan de Feluwe. De stêd leit oan it spoardyk fan Swol nei Utert. Harderwyk hat ek in dolfinarium.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.