Follybal is in symmetryske slachsport, mei it spylfjild ferdield yn twa likense helten skieden troch in net. De beide teams spylje elts op harren eigen helte en besykje troch slaan as tikjen de bal sa te spyljen dat it oare partoer dy net goed weromspylje kin. Wa't it earst it ôfsprutsen tal punten (tsjintwurdich meastentiids 25) hellet, hat de set wûn. Wa't it earste it ôfsprutsen tal sets wint, hat de wedstriid wûn.
By de meast gongbere fariant fan follybal, it gewoane sealfollybal, bestiet in team út 6 persoanen en is it fjild 9 by 18 meter.
De nethichte hinget ôf fan de kategory dêr't yn spile wurdt. By jongerein jonger as 13 jier wurdt ek de grutte fan it fjild oanpast.
Yn de rin fan de tiid binne der in tal farianten binnen de sport ûnststien, lykas sitfollybal, strânfollybal en foar de jongste spilerkes it sirkulaasjefollybal.
Sûnt 1964 is follybal in Olympyske sport.
Skiednis
Untstean fan it follybal
Ut tekenings docht bliken dat al yn de 16e iuw oan it Ingelske hôf fan Keninginne Elizabeth in spul spile waard dat in protte op it follybal like. Mar offisjeel wurdt de Amerikaan William Morgan sjoen as de betinker fan it follybal. Hy wie sportlieder by de Young Men Christian Association (YMCA) yn Massachusetts dêr't er ûnder mear les joech oan in groep wat âldere sakeminsken. It basketbal, dat doe al bestie, fûn er wat te rûch. Dêrom betocht er yn 1895 in nije sport.
Morgan helle spulregels út besteande sporten as tennis, basketbal en honkbal. Dy regels by elkoar waard follybal. De bal moast sûnder de grûn te reitsjen oer it net spile wurde. Dat hjit in folly. In netservice mocht ien kear oerdien wurde en ek mocht der yn it spul dribbele wurde oant ien meter foar it net. Mei it dribbeljen wurdt dan de bal foar dysels omheech spilje bedoeld. In wedstriid bestie út innings. Sa'n inning wie oer at alle spilers fan beide team ienris opslein hiene. Dêrnjonken wie it mooglik om ien tsjin ien te spiljen, mar ek tsien tsjin tsien. Om de fingers fan de froulju te beskermjen koene hja de bal earst ek fange en dan opgoaie.
De YMCA seach wol wat yn it betochte spul en it waard fierder ûntwikkele mei de folgjende wizigings:
- 1900: skrassen fan it dribbeljen.
- 1912: ynfieren fan it trochdraaien.
- 1917: regeling dat in set oant 15 punten giet.
- 1918: regeling dat seis spilers fan elts team yn it fjild steane.
Follybal oer de hiele wrâld
Omdat it follybal yn Amearika útfûn waard, waard it dêr earst it meast spile. It duorre in skoftke ear't oare parten fan de wrâld ek de sport begûnen te beoefenjen. As earste kamen de minsken yn Aazje yn oanrekking mei it follybal. Pas yn 1917 kaam it follybal yn Jeropa. It follybal waard earst fral spile yn East-Europeeske lannen, lykas Tsjechje, Bulgarije en Poalen, ek waard der in protte follyballe yn benammen Japan en Súd-Korea. Yn 1947 waard de Fédération Internationale de Volleyball (FIVB) oprjochte. Dêrnei waard it earste Wrâldkampioenskip follybal foar manlju hâlden yn 1949, foar froulju wie dat yn 1952. De Confédération Européenne de Volleyball (CEV) waard pas offisjeel oprjochte op 21 oktober 1963, mar follybal wie dêrfoar al tige populêr yn Jeropa.
Follybal yn Nederlân
Untstean
Nederlân kaam yn 1925 yn oanrekking mei it follybal. Pater Simon Buis (1892-1960) hie it follybal sjoen yn de Amerikaanske steat Illinois. De Amsterdamse Maatschappij voor Jongemannen, AMVJ, nûge yn 1928 de Ingelske YMCA út om in demonstraasje te jaan fan it follybal. Dat sloech tige oan, de AMVJ waard yn 1930 dan ek de earste follybalklup fan Nederlân. Nei de Twadde Wrâldkriich waard follybal yn Nederlân hieltyd populêrder, omdat soldaten út ûnder mear Amearika, Kanada en Poalen rûnom yn it lân follybal spilen. Yn de jierren nei de oarloch waard follybal dan ek in echte skoalsport. No wie der in probleem: yn Nederlân waarden net deselde regels hantearre, dat der koene gjin echte wedstriden spile wurde. De rop om in organisaasje dy't alles regelje soe, waard nei de oarloch hieltyd grutter. Dêrom waard op 6 septimber 1947 yn Amsterdam de NeVeBo oprjochte, it Nederlânske follybalbûn.
Kompetysje
It heechste nivo in Nederlân is de A-League, earder hjitte dat de earedifyzje. Dêrûnder folgje, op nasjonaal nivo, de B-League, de earste en twadde difyzje. Dy fjouwer heechste nivo's fan Nederlân wurde organisearre troch it haadkantoar fan de NeVeBo. Op regionaal nivo, dus per disktrikt organisearre, binne der de regiodifyzje, dat foarhinne de tredde difyzje hjitte, de promoasjeklasse en dêrnei folgje de klassen 1 o/m 4-6 (ôfhinklik fan de regio). Promoasje en degredaasje giet yn dy folchoarder. Foar de wedstriden op regionaal nivo is Nederlân ferdield yn fiif regio's, eltse regio organisearret op ferskate nivo's regionale kompetysjes. De regio's en it haadkantoar wurkje soms ek gear: mei elkoar organisearje hja in tal fan nasjonale kampioenskippen.
Nederlânske ploegen
Manlju
Op profesjoneel nivo hat it Nederlânsk follybal fral by de manlju de lêste 15 jier in tige grutte sprong makke. Al sa'n tsien jier draait de Nederlânske follybalploech mei yn de wrâldtop. It begûn mei it Bankrasmodel, dêr't in tal fan de bêste spilers fan de lanlike kompetysje ûnder lieding fan trainer Arie Selinger yn in pear jier tiid fia deistige trenings yn de Amstelveenske sporthal Bankras klearmakke foar it grutte wurk. Dêrnei waard op de Olympyske Simmerspullen 1992 in sulveren medalje wûn. Nei dy medalje naam Joop Alberda de lieding oer en soarge derfoar dat de ploech op de Olympyske Simmerspullen 1996 yn de finale wûn fan Itaalje. Under lieding fan Toon Gerbrands kamen wat minder súksesfolle jierren, dat kaam fral trochdat de bêste spilers ôfheakken. Bert Goedkoop hat de ploech ferjonge, wat ta súkses op de Spullen fan 2004 liede moast, mar dat is net slagge. Tusken 2006 en 2010 wie Peter Blangé de trener fan de oranjeploech. Sûnt 22 maart 2011 is Edwin Benne de nije bûnstrener fan de ploech, hy sil dêryn assistearre wurde troch âld-ploechgenoat Henk-Jan Held.
Froulju
De Nederlânske frouljusploech draait ek al jierren mei yn de top. Nederlân stiet op dit stuit op plak 11 op de wrâldranglist. De ploech hat ferskate súksessen helle, sa waard de ploech op it Europeesk Kampioenskip 1995 Europeesk Kampioen, dat wie ûnder lieding fan trener Bert Goedkoop. Al earder waard der op it Europeesk Kampioenskip 1991 in sulveren medalje helle en yn 1985 waard der brûns helle. Under lieding fan Avital Selinger, soan fan Arie Selinger, helle Nederlân yn 2007 ûnferwachts goud op it grutte World Grand Prix toernoai. Ek waard der yn 2009 op it Europeesk Kampioenskip sulver helle. Op it Wrâldkampioenskip fan 2010 waard in alfde plak helle. Op it Europeesk kampioenskip fan 2011 yn Itaalje en Servje waard de ploech terloarstellend útskeakele yn de kwartfinale, de ploech einige as sande. Dat betsjutte it ûntslach fan Avitel Selinger, Bert Goedkoop folge him op as ynterim-trener.
Topfollybalklubs yn Nederlân
AMVJ, Dynamo, HvA Volleybal, Lycurgus, Martinus, VC Nesselande, VC Omniworld, D.O.C.-Stap Orion, Landstede Volleybal/VCZ, Kindercentrum-Alterno, Plantina Longa, Pollux, Rijnmond Volleybal, Sliedrecht Sport, Peelpush, Taurus, VC Weert, Fusion Rotterdam
Follybalferiening Snits is op dit stuit it ienige Fryske team dat yn de heechste difyzje, de A-League, fan Nederlân útkomt.
Spulregels sealfollybal
De ôfmjitting fan it spylfjild is 9 by 18 meter, de hichte fan it net 2,43 meter foar manlju en 2,24 meter foar froulju.
- Koart balkontakt: it balkontakt moat koart wêze (te beoardieljen troch de skiedsrjochter) en de bal mei mei elts part fan it lichem spile wurde.
- Ien kear reitsje: in spiler mei de bal net nei himsels spylje, behalve by it blokkearjen.
- Trije kear spylje: in team mei op syn meast trije kear balkontakt hawwe (it blokkearjen telt net as balkontakt)
- Net oan it net: it net en de antinnes meie net oanrekke wurde, behalve as it net licht oanrekke wurdt op in stuit dat de bal net yn de buert is en it de tsjinpartij net hinderet (te beoardieljen troch de skiedsrjochter).
- Net ûnder it net troch: in spiler mei it spylfjild fan de tsjinstanner net oanreitsje. De middelline makket diel út fan beide spylhelten. Allinne as in foet los is fan de middelline en de spylhelte fan de tsjinstanner rekket is it foetfout.
- Skoare: in team skoart as de bal it spylfjild fan de tsjinstanner rekket of as in tsjinstanner in (technyske) fout makket.
- Skoare is opslaan: it skoarende team krijt of hâldt de opslach. As in team troch te skoaren de opslach nei him tahellet, dan draait dat team ien plak mei de klok mei.
- 6x wikselje: elts team hat eltse set it rjocht om seis kear te wikseljen. In spiler mei yn in set op syn meast twa kear wiksele wurde. De frije ferdigener (libero) mei sûnder beheiningen wiksele wurde (hy mei lykwols net opslaan en gjin foarspiler wêze).
- 2 time-outs: elts team hat it rjocht om eltse set twa time-outs te nimmen.
- Skoft: tusken twa sets is der in skoft fan 3 minuten
Termen yn it follybal
Ynternasjonale kampioenskippen
Foar klubteams is it heechste Europeeske toernoai de Champions League.
Foar de lanneteams binne de folgjende kampioenskippen it wichtichst:
Sjoch ek
Tema:Follybal – Wikipedy hat ek in temaside oer follybal
Keppeling om utens
- Volleybal.nl De webside fan de NeVeBo
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.