From Wikipedia, the free encyclopedia
Destroyer is it sânde diel fan 'e Foreigner-searje fan 'e Amerikaanske skriuwster C.J. Cherryh. De titel betsjut: "Ferneatiger". It is in science fiction-roman dy't skreaun is yn it personele perspektyf. Destroyer ferhellet oer de tolk Bren Cameron, dy't belêstge is mei it ûnderhâlden fan 'e kontakten tusken de bûtenierdske atevi en de minsklike koloanje dy't him om histoaryske redens op 'e wrâld fan 'e atevi fêstige hat. It boek waard foar it earst publisearre yn 2005, troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books, mei in omslach makke troch Michael Whelan. Krekt as de oare dielen fan 'e Foreigner-rige wie Destroyer tige súksesfol en krige it loovjende kritiken fan 'e resinsinten.
Destroyer | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | C.J. Cherryh | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | science fiction | |
1e publikaasje | 2005, New York | |
oarspr. útjwr. | DAW Books | |
rige | ||
rige | Foreigner-searje | |
● foarich diel | Explorer | |
● folgjend diel | Pretender | |
kodearring | ||
ISBN | 0 75 64 03 332 |
Destroyer spilet likernôch tolve jier nei de ûnferwachtse weromkear fan it minsklike romteskip de Phoenix by de Ierde fan 'e atevi. Dêr hie tsjin dy tiid de minsklike koloanje op it eilân Mospheira, dy't dêr twahûndert jier earder troch it skip plante wie, in stabyl lykwicht ûntjûn mei de wrâldseigen atevi-befolking. Dat lykwicht wie lykwols berikt nei't eardere frije kontakten troch kulturele en biologyske misferstannen tusken harren ta in oarloch laat hiene dy't op in hier nei einige mei de útrûging fan alle minsken op 'e planeet. Neitiid rint alle kontakt fia ien persoan, de paidhi (tolk), in funksje dy't no beklaaid wurdt troch Bren Cameron.
Sûnt de weromkear fan 'e Phoenix hawwe de minsken fan Mospheira op in nea earder fertoande wize gearwurke mei de atevi om in romtefeartprogramma te ûntwikkeljen, en dêrnei om it yn ferfal rekke, want al twahûndert jier ûnbemanne romtestasjon op te kallefaterjen en de Phoenix fan nije brânstof te foarsjen. De driuwende krêft efter al dat wurk wie it nijs dat de Phoenix it ûnder syn ôfwêzichheid oan 'e stôk krigen hie mei in oar ras fan bûtenierdske wêzens, dy't Reunion, it twadde romtestasjon dat it skip omfierrens boud hie, by in oanfal ferwuostge hawwe soene.
Nei it ferstjerren fan Stani Ramirez, de heechste fan 'e fjouwer kapteins fan 'e Phoenix, kaam lykwols oan it ljocht dat der by de ôfreis fan 'e Phoenix by Reunion wei noch minsken yn libben oan board fan it stasjon wiene (sjoch: Defender). It âlde Gilde fan Piloaten, dat it op it stasjon foar it sizzen hie, kearde lykwols tsjin dat de stasjonsbefolking troch de Phoenix evakuëarre wurde koe. Ramirez hie dy feiten mear as tsien jier lang geheim holden foar syn eigen bemanning, mar doe't dizze ynformaasje útlekte, ûndernaam de Phoenix ûnder lieding fan 'e trêde en fjirde kapteins Josefa Sabin en Jase Graham in twajierrige ekspedysje nei Reunion mei as doel om 'e oerlibjende stasjonsbefolking sa nedich ûnder twang te evakuëarjen út harren ûnhâldbere foarpost.
Op dy reis (sjoch: Explorer) giene ek fertsjintwurdigers fan 'e atevi en Mospheira mei, wêrûnder de paidhi Bren Cameron, de aiji-dûairiêre Ilisidi, de krebintige mar net stikken te krijen âlde beppe fan Tabini, de aiji (hearsker) fan 'e Westlike Assosjaasje (de atevi-steat dy't njoggen-tsiende fan 'e wrâld beslacht), en de seisjierrige Cajeiri, de soan en erfgenamt fan Tabini. De sitewaasje by Reunion wie net sa ienfâldich as men hope hie, mar benammen troch tadwaan fan Bren en Ilisidi koe it stasjon ûntromme wurde en koene der diplomatike relaasjes oanknope wurde mei de kyo, it ras fan bûtenierdske wêzens dêr't de Phoenix en Reunion hast in oarloch mei feroarsake hiene. De kyo, dy't oanjoegen dat se oan harren fierste grins al yn oarloch wiene mei noch wer in oar ras fan bûtenierdske wêzens, hiene lykwols de noasje dat eat dat ienris ferbûn is, yn kontakt bliuwe moat. Sadwaande gie de Phoenix op hûs oan mei it ûntrêstigjende ûnthjit fan 'e kyo dat se yn 'e takomst in besyk bringe soene oan 'e Ierde fan 'e atevi. It is fan it heechste belang dat se dêr dan in stabyl regear oantreffe sille.
Destroyer begjint as de Phoenix nei in reis twa jier op it punt stiet om werom te kearen yn it sinnestelsel fan 'e Ierde fan 'e atevi. De jonge Cajeiri hat ûnderweis, tsjin 'e wil fan syn fâden yn, freonen makke mank de bern fan 'e evakuëarre Reunioner stasjonsbewenners. De jonge stiet op it punt om syn achtste jierdei te fieren (of eins de ein fan syn sânde jier, om't atevi it getal acht ûngelokkich ornearje), mar dat giet oer as de Phoenix krekt foartiid it atevi-sinnestelsel berikt en dêr in aaklike ferrassing kriget.
It docht bliken dat der acht moannen lyn, koart nei't de Phoenix by Reunion wei ôfset wie werom nei hûs, op 'e planeet in bloedige steatsgreep plakfûn hat, wêrby't Tabini-aiji ôfset is. It fêstelân wurdt no behearske troch in koälysje fan 'e Kadigidi út 'e Padi-delling en suderlingen út 'e Marid. Yn Shejidan, de haadstêd fan 'e Westlike Assosjaasje, dy't fêst yn 'e hannen fan rebellen is, regearret Murini, it haad fan 'e Kadigidi-clan, as aiji. It Slûpmoardnersgilde, dat mank de atevi wet en iepenbiere oarder hanthavenet, is oant op it bien ferdield en kin net ta in beslút komme oer stipe oan Tabini of Murini, wylst de gildemaster fermist en mooglik dea is. Op ferskate plakken op it fêstelân is in guerrilja-oarloch geande tusken Murini syn troepen en oanhingers fan Tabini, en op it eilân Mospheira makket de minsklike koloanje him op foar in iepen oarloch tsjin Murini. Oer Tabini giet it geroft dat er fermoarde is, mar nimmen kin sizze oft dat wier is. It romtestasjon, dat ûnder lieding fan Jules Ogun, de twadde kaptein fan 'e Phoenix, en hear Geigi, in fertrouling fan 'e aiji-dûairiêre, ûnwifkjend op 'e hân fan Tabini bleaun is, is ôfsnien fan 'e ierde, mei't de romtefearen net mear fleane en de bemannings ûnderdûkt binne. De sitewaasje op it stasjon is ien fan krapte, mei't it op it stuit fan 'e steatsgreep eins noch net selsfoarsjend wie. Yn dy sitewaasje arrivearret de Phoenix mei oan board 4.100 flechtlingen fan Reunion.
Dit is in ramp dêr't Bren himsels de skuld fan jout. Hy wie it nammentlik dy't der by Tabini op oanstien hat om in romtefeartprogramma op te setten om 'e atevi fluch-fluch yn 'e romte te bringen. Syn bedoeling wie om der foar te soargjen dat de atevi baas waarden yn harren eigen sinnestelsel, om't oars de Phoenix en de minsken fan Mospheira de hearskippij ûnder harsels ferdield hawwe soene. Mar troch de flugge technologyske foarútgong en alle maatskiplike feroarings dy't dêrmei mank gien binne, is de atevi-kultuer yn it gedrang kommen, mei as gefolch dat de konservative anty-romtefeart-faksje ûnder it sljochtwei folk genôch stipe witten hat te krijen dat it bewâld fan Tabini wifke en Murini syn kâns seach om 'e macht te gripen.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun. As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Om't de oankomst fan 'e Phoenix fan it planeetoerflak ôf mei tilleskopen waarnommen wurde kin, moat der no fluch hannele wurde. Bren, Ilisidi en Cajeiri reizgje mei harren liifwachten mei it iene romtefear dat op it stuit fan 'e steatsgreep by it stasjon wie, nei it planeetoerflak ta. Se lânje op Mospheira, dêr't nea earder in romtefear lâne is en dat nea earder sokke hege atevi-gasten ûntfongen hat. De aiji-dûairiêre en de jonge erfgenamt wurdt persoanlik ôfhelle troch Shawn Tyers, de presidint fan Mospheira, dat in âlde freon fan Bren is. As hja neitiid ûnder swiere bewekking in pear oeren útrêste yn in hotel deunby de lofthaven, dûkt Yolanda Mercheson dêr op, dy't ûnder Bren syn ôfwêzigens it amt fan paidhi beklaaide. Hja fertelt dat Tabini op it stuit fan 'e steatsgreep net yn it Bu-javid wie, it grutte regearingskompleks yn Shejidan, mar yn syn bûtenferbliuw te Taiben, dêr't er koart tefoaren halje-trawalje hinne reizge wie. Dat wiist derop dat Tabini in pear oeren foar de steatsgreep in warskôging krigen hie, en it makket it wierskynliker dat de aiji de kûp oerlibbe hat. Mercheson sels, dy't nei alle gedachten in raar gat yn draaid wêze soe as Murini syn oanhingers har te pakken krigen hiene, is it fêstelân ûntflechte troch mei help fan guon atevi en foar in part geandefoets nei de kust te flechtsjen, dêr't se nei Mospheira ta oerfearn is troch in oare Tabini-sympatisant.
Yn it hotel wurdt Bren ek weriene mei syn broer Toby, dy't yn 'e Mospheiryske media oer de lâning fan it romtefear fernommen hat. Toby hat net sok moai nijs foar Bren, want koart nei de ôfreis fan 'e Phoenix, krapoan twa jier lyn, is harren mem ferstoarn, dy't it oan it hert hie. Toby sels is nei ferskate houlikskrises einlings skieden fan syn frou Jill, ek hast al wer twa jier lyn. Se hawwe it hûs ferkocht en fan syn helte fan 'e opbringst hat Toby in grutter jacht kocht, dêr't er no toeristen mei de see op nimt om te angelfiskjen. Bren en Ilisidi sykje nei in manear om temûk fan Mospheira oer te stekken nei it fêstelân, en Toby biedt oan om harren op syn jacht oer te farren. Bren wol dêr earst neat fan witte, mar syn broer is like koppich as hysels, dat úteinlik moat er belies jaan. By tsjuster wurde sadwaande Bren, Ilisidi, Cajeiri en harren liifwachten nei de jachthaven ta riden, dêr't Toby syn boat, de Brighter Days, ôfmarre leit. Dêr stiet Bren noch in ferrassing te wachtsjen, want Toby hat in nije freondinne, mei wa't er op it jacht gearlibbet: nimmen oars as Bren syn eigen eks-ferloofde Barb Letterman. Dat jout al wat ûnderlinge spanning, mei't Bren en Barb net op 'e bêste foet útinoar gien binne, mar Bren hat no al tolve jier in relaasje mei syn atevi-liifwacht Jago, en úteinlik witte hy en Barb de striidbile te begraven.
Oankommen op 'e kust fan it fêstelân regelje Cenedi, it haad fan 'e liifwachten fan 'e aiji-dûairiêre, dy syn ûnderbefelhawwer Nawari en Bren syn eigen liifwachten Banichi, Jago, Tano en Algini dat der ferfier komt. It blykt om in nei fisk stjonkende âld frachtwein te gean dy't eigendom is fan it doarp Desigien, en dy't harren útliend is troch in Desari fan Desigien, in fiskerman oan wa't hear Geigi kunde hat. Underweis nei it spoarstasjon te Andaran wurde se oanholden troch in nije fjildwachter dy't op 'e hân fan Murini is, mar dy't troch Banichi en Jago handich oermastere en finzen nommen wurdt. Frachtwein en finzene wurde yn Andaran oerdroegen oan Desari syn dochter Ruso. Dy sil de nije fjildwachter nei de âlde, ôfsette fjildwachter fan it doarp bringe, dy't op oarder fan Ilisidi syn âlde amt wer opnimme moat. Mei dy die begjint de kontrarevolúsje en kinne Bren-en-dy net mear werom.
Yn in wagon mei in lading fisk op iis reizget it selskip nei Sidonin, yn 'e Padi-delling, djip yn fijannich gebiet, dêr't se koart foar moarnsdage oankomme en in bestelbuske stelle om mei út te naaien. Se reitsje oer de grins fan it swier beboske Taiben en witte kontakt te meitsjen mei de houtfêsters dêre, dy't ûnder lieding fan Keimi, de hear fan 'e Taibeni-clan en in famyljelid fan Tabini, in guerrilja-oarloch fiere tsjin 'e Kadigidi en harren súdlike bûnsgenoaten. Yn Taiben hearre Bren en Ilisidi dat Tabini dêr west hat, mar der net mear is. Cajeiri foarmet der in man'chi-bân mei twa jonge Taibeni, de fyftjinjierrige jonge Jegari en syn ien jier âldere suster Antaro, dy't net brutsen wurde kin, sadat de trije jonge libbens no foargoed ferbûn binne. (Man'chi is ûnfertaalber atevi-konsept, dat sawol 'freonskip', 'leafde' as 'fertrouwen' omfiemet, allegear minsklike gefoelens dy't foar atevi like riedseleftich binne as man'chi foar minsken is.)
Ut Taiben reizgje Bren, Ilisidi en Cajeiri troch nei it oanbuorjende diel fan 'e Padi-delling, dat it domein is fan 'e Atageini-clan. De âlde Tatiseigi, de hear fan 'e Atageini, nimt yn 'e hjoeddeiske krisis in tige wichtich plak yn. Hy is in aartskonservative aristokraat, dy't sa tsjin is op fernijing dat er noch mar tsien jier earder foar it earst elektrisiteit oanlizze litten hat yn syn bûtenpleats Tirnamardi. Tatiseigi hat polityk sjoen mear op mei Murini en dy syn oanhingers as mei Tabini. Mar hy beskôget Murini as in omheechfallen parvenu, en boppedat is syn âldomkesizzer Damiri de mem fan Cajeiri. Dêrmei hat er der dus belang by om Tabini oan it regear te hâlden. Sûnt de steatsgreep hat Tatiseigi him yn Tirnamardi weromlutsen en is er net fan 't plak kommen, net om Murini te stypjen, mar ek net om Tabini te stypjen. It is ûndúdlik wat er krekt yn 't sin hat, en it is mooglik dat de oanwêzichheid fan Cajeiri him krekt oantrúnje sil om him tsjin Tabini te kearen, as er tinkt dat er sels regint foar de jonge aiji yn 't plak wurde kin.
It is dus foar Bren-en-dy in gok om har yn 'e macht fan Tatiseigi te jaan, mar Ilisidi hat der fertrouwen yn dat hja dizze man, dy't har âld-frijer is, oerhelje kin om him oan harren kant yn it konflikt te bejaan. As se by de homeiepeallen fan Tirnamardi oankomme en oankundige wurde, komt Tatiseigi sels fanwegen om Ilisidi yn in antyk automobyl op te heljen, dat dat liket goed. Oan 'e oare kant jout er blyk fan syn folsleine minachting foar de paidhi, mar iroanysk genôch ynterpretearret Bren dat ek as in posityf teken, want Tatitseigi hat him altyd minachte; hy soe it in stik ûntrêstigjender fine as de man him no ynienen mei fol earbetoan ûntfong. Oer Tabini krije Bren-en-dy yn Tirnamardi itselde berjocht as yn Taiben: hy hat dêr west, mar is der no net mear.
Om te besykjen en trochbrek de ympasse binnen it wichtige en ynfloedrike Slûpmoardnersgilde, stjoert Bren út Tirnamardi wei in boadskip nei it gildehaadkertier yn Shejidan dat er dêr komme wol om te tsjûgjen oer de needsaak fan it romtefeartprogramma en de reis nei Reunion. Underwilens oppenearret Cenedi, it haad fan 'e liifwachten fan 'e aiji-dûairiêre, it plan om fanút Tirnamardi in ynfal te dwaan yn it oangrinzgjende lân fan 'e Kadigidi. Op advys fan syn eigen liifwachten Banichi, Jago, Tano en Algini, dy't dat in misse set taliket, komt Bren dan op 'e lapen mei it foarstel om him mei Ilisidi en Cajeiri ynstee werom te lûken yn it heuvelige foarlân fan it Bergid-berchtme, dêr't Tabini in protte oanhing hat. As njonkenargumint foeget er dêroan ta dat sels de Taibeni sa'n aksje stypje soene.
Ilisidi, lykwols, ûntskuort ta Bren syn ûntsteltenis it njonkenargumint oan 'e kontekst en stiet der by Tatiseigi op oan dat er de Taibeni om help freget by de ferdigening fan Tirnamardi. Dat is in ûntinkbere ommekear yn 'e atevi-polityk, mei't de Taibeni en de Atageini in fete ûnderhâlde dy't iuwen yn 'e tiid tebek giet. Mar Ilisidi wit Tatiseigi troch de bocht te krijen, en Antaro, ien fan Cajeiri syn jonge liifwachten, dy't sels Taibeni is, wurdt derop útstjoerd om it fersyk om help oer te bringen. Grut is de opskuor as Cajeiri en syn oare liifwacht Jegari in pear oeren letter nearne te finen binne, en bliken docht dat dy temûk mei Antaro gien binne. Berjochten datoangeande fleane oer en wer oer de folslein ferâldere kommunikaasje-apparatuer fan 'e stêf fan Tatiseigi, ta frustraasje fan Banichi en Cenedi en de oare liifwachten fan Bren en Ilisidi, dy't úthâlde dat de Atageini likegoed harren Kadigidi-fijannen opskilje kinnen hiene mei it boadskip dat de erfgenamt fan 'e aiji frijwol ûnbeskerme ûnderweis is fan Tirnamardi nei Taiben.
Yn tûzen hasten sette Bren en syn fjouwer liifwachten op mecheiti, de noartske ryddieren fan 'e atevi, ôf yn efterfolging fan 'e dryste jonge en syn ûnbelearde liifwachten. Deunby de grins mei Taiben helje se harren einlings yn, frijwol tagelyk mei ferskate slûpmoardners yn 'e tsjinst fan 'e Kadigidi. Bren syn liifwachten binne lykwols better treend as de measten en troch harren twa jier lange reis op 'e Phoenix beskikke se oer avansearre apparatuer dy't op 'e planeet hielendal net iens bestiet. Sadwaande kinne se fluch mei de Kadigidi ôfweve, wêrnei't se fierder ride nei Taiben en it boadskip fan Ilisidi en Tatiseigi oerbringe. Cajeiri en syn liifwachten ûnder de beskerming fan 'e Taibeni efterlittend, ride se dan mei in lyts tropke Taibeni-houtfêsters dy't de grins mei it lân fan 'e Atageini bewekken, werom nei Tirnamardi. Underwilens is it nacht en wer dei wurden en by nacht hawwe se yn 'e rjochting fan Tirnamardi in grutte brân waarnommen.
As Bren-en-dy Tirnamardi berikke, is it wer nacht. It docht bliken dat de bûtenpleats, dy't datearret út in tiid dat oanfallen mei kanonnen de noarm wiene, ien nacht fan gefjochten mei de Kadigidi trochstien hat. It waarnommen fjoer wie de mecheiti-stâl, dy't ôfbrând is. Underwilens leit de bûtenpleats fannijs ûnder oanfal, en Bren en syn liifwachten, stipe troch de Taibeni dy't mei harren kommen binne, smite harsels daliks yn 'e striid. Der ûntbrânt in guerrilja-eftich gefjocht tusken de kreas snoeide hagen en op 'e koart meande gazons fan Tirnamardi, dat de hiele fierdere nacht duorret, oant tsjin 'e moarn de hoefslach fan in grutte groep mecheiti de oankomst fan Keimi fan Taiben en syn mannen oankundiget en de Kadigidi har ferstannigernôch weromlûke. Destroyer einiget as by it ljocht fan 'e moarnsdage ien fan 'e Taibeni ôfstiget en by neier ynsjen dochs gjin Taibeni blykt te wêzen: Tabini-aiji is weromkeard út ballingskip.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.