De Stormruiter
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Stormruiter wie in muzykteäterfoarstelling dy't yn 2018 yn it ramt fan 'e status fan Ljouwert as Kulturele Haadstêd fan Jeropa organisearre waard.[1][2][3] It wie in hynsteteäter[1][2] mei 103 hynders[3][4][5] en ferskate oare bisten[1][6] op basis fan 'e roman Der Schimmelreiter, fan 'e Dútske skriuwer Theodor Storm.[1][2][7] It ferhaal oer de oermoedige dykgraaf Hauke Haien en de striid tsjin it wetter[1][2] waard yn opdracht fan it Keninklik Frysk Hynstestamboek en de Stichting Faderpaard[1][2] bewurke en regissearre troch Jos Thie.[1][2][3][8][9] De foarstelling wie fan 8 septimber[4][5] oant en mei 7 oktober 2018[2][6][10] 22 kear[9][11] yn it WTC Expo yn Ljouwert te sjen.[1][2][12] It wie de grutste Nederlânske teäterfoarstelling fan it jier,[3][9] en groeide mei 105.000 besikers[9][11] út ta ien fan 'e abslute hichtepunten fan it projekt LF2018.[12]
De Stormruiter | ||
plak en tiid | ||
lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
gemeente | ![]() | |
plak | ![]() | |
holden yn | WTC Expo | |
datum | 8 sept. – 7 okt. 2018 | |
bysûnderheden | ||
oanlieding | LF2018 | |
soarte evenemint | teäterfoarstelling | |
sjenre | hynsteteäter | |
org. troch | Stichting Faderpaard Ken. Frysk Hynstestamboek | |
regisseur | Jos Thie | |
offisjele webside | ||
www.destormruiter.nl |