Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018
From Wikipedia, the free encyclopedia
Ljouwert wie Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018. Dit evenemint, dat in fol jier duorre, waard ek wol oantsjut as LF2018 (Ljouwert/Fryslân2018). De Fryske haadstêd dielde de titel fan Kulturele Haadstêd fan Jeropa mei Valletta, de haadstêd fan Malta. It tema fan Ljouwert as Kulturele Haadstêd wie 'iepen mienskip'.[1] Hoewol't der foarôf in protte krityk wie, ferstomde dy geandewei it jier foar in grut part.[2] Hichtpunten wiene û.m. de rige toanielfoarstellings Under de Toer, de Keatswike yn Frjentsjer, de Tall Ships' Races yn Harns, de Reuzen yn Ljouwert en it hynsteteäterspektakel De Stormruiter.[2] Besikers joegen LF 2018 oan 'e ein fan it jier it rapportsifer 7,2 op in skaal fan 1 oant 10.[2]
Fluch de feiten
Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018 | ||
It logo fan it projekt Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân Malta | |
plak | Ljouwert Valletta | |
holden yn | ferskate lokaasjes | |
datum | hiele jier 2018 | |
bysûnderheden | ||
soarte evenemint | kultureel | |
offisjele webside | ||
www.2018.nl |
Slute