From Wikipedia, the free encyclopedia
Basilikata (ek wol Lûkaanje neamd) is in regio yn it suden fan Itaalje. De regio waard yn 1948 oprjochte. De regio grinzget oan Kampaanje yn it westen, Apûlje yn it easten en Kalaabrje yn it suden. It hat in koarte kuststripe mei de Tyrreenske See en mei de Golf fan Tarente (part fan de Ioanyske See) oan de súdeastkant.
Basilikata Basilicata | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Lokaasje yn Itaalje | |
Algemien | |
Haadstêd | Potenza |
Oerflakte | 10.073 km² |
Befolking | 532.088 (30.06.2024) |
Befolkingstichtens | 52,82 ynw./km² |
Oare ynformaasje | |
Heechste punt | Monte Pollino: 2.197 m |
Oantal gemeenten | 131 |
Provinsjes | Matera, Potenza |
Oer it algemien is de regio bercheftich, mei as heechste punt op de súdlike Apeninen, de Monte Pollino (2.197 m). Monte Fulture, yn de noardwestlike hoeke, is in útdôve fulkaan (1.310 m). Basilikata is nei de regio Aostadelling yn it noarden fan it lân de tinst befolke regio fan Itaalje.
Basilikata is in regio dy't noch net echt ûntdekt is troch it toerisme. De meast nijsgjirrichste stêd om te besjen yn de regio is Matera mei har Sassi di Matera, de prehistoaryske grotwenten. Fierders beskikt it gebiet oer in protte karakteristike lytse plakjes krektas Pistissi, Melfi, Verrandina en it ferlitten Craco. Tichtby de Ioanyske kust, mei syn sânstrânen, leit it archeologyske park fan Metaponto mei ruïnes fan in Grykske timpel út de 7e iuw f.Kr.
De regio bestiet út de twa provinsjes Matera en Potenza:
Kaart | Wapen | Provinsje | Ofk. | Haadstêd | oantal gemeenten |
---|---|---|---|---|---|
Matera | MT | Matera | 31 | ||
Potenza | PZ | Potenza | 100 |
De grutste plakken neffens ynwennertal (sifers ISTAT desimber 2021) binne:
# | Plak | Ynwennertal |
Provinsje | Hichte (m boppe seenivo) |
Oerflak (km²) |
---|---|---|---|---|---|
1 | Potenza | 64.786 | PZ | 819 | 175,43 |
2 | Matera | 59.869 | MT | 401 | 392,09 |
3 | Policoro | 17.779 | MT | 25 | 67,66 |
4 | Melfi | 17.108 | PZ | 530 | 206,23 |
5 | Pisticci | 16.832 | MT | 364 | 233,67 |
6 | Lavello | 12.996 | PZ | 313 | 134,67 |
7 | Rionero in Vulture | 12.620 | PZ | 643 | 53,52 |
8 | Bernalda | 12.005 | MT | 127 | 126,19 |
9 | Lauria | 11.993 | PZ | 430 | 176,63 |
10 | Venosa | 10.998 | PZ | 415 | 170,39 |
11 | Avigliano | 10.708 | PZ | 867 | 85,48 |
12 | Montescaglioso | 9.194 | MT | 365 | 175,79 |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Basilikata fan Wikimedia Commons. |
Regio's fan Itaalje | ||
---|---|---|
Abruzzen - Aostadelling - Apûlje - Basilikata - Feneto - Emylje-Romanje - Friûly-Julysk Feneesje - Kalaabrje - Kampaanje - Latium - Liguerje - Lombardije - Marke - Molise - Piëmont - Sardynje - Sisylje - Trentino-Súd-Tiroal - Toskane - Umbrje | ||
· · |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.