Apollo 13 (útsprutsen as Apollo Thirteen) is in Amerikaanske histoaryske dramafilm út 1995 ûnder rezjy fan Ron Howard, mei yn 'e haadrollen Tom Hanks, Bill Paxton, Kevin Bacon en Gary Sinise. De film giet oer Apollo 13, in mislearre romtemisje fan 'e NASA nei de moanne yn 1970, en is basearre op Lost Moon, de memoire fan astronaut Jim Lovell, dy't de lieding oer dy misje hie. De plot folget de tariedings foar de misje, de gâns ûnthjittende start, folge troch in meganysk defekt dat alles op losse skroeven set, en úteinlik it koartseftich skreppen, sawol yn 'e romte as by de flechtlieding yn Houston, om 'e astronauten libben en wol werom op 'e Ierde te krijen. Apollo 13 waard troch de filmkritisy rûnom mei lof ûnthelle en wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film waard nominearre foar njoggen Oscars (wêrûnder de Oscar foar Bêste Film) en fjouwer Golden Globes (wêrûnder de Golden Globe foar Bêste Film – Drama), en wûn twa Oscars, twa BAFTA's en 2 Screen Actors Guild Awards.
Apollo 13 | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Ron Howard | |
produsint | Brian Grazer | |
senario | William Broyles jr. Al Reinert John Sayles | |
basearre op | Lost Moon fan Jim Lovell | |
kamerarezjy | Dean Cundey | |
muzyk | James Horner | |
filmstudio | Universal Pictures Imagine Entertainment | |
distribúsje | Universal Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Tom Hanks Bill Paxton Kevin Bacon Gary Sinise | |
byrollen | Ed Harris Kathleen Quinlan Joe Spano Chris Ellis Ray McKinnon | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 30 juny 1995 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | histoaryske dramafilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 140 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $52 miljoen | |
opbringst | $355,2 miljoen | |
prizen | 2 × Oscar 2 × BAFTA 2 × SAG Award |
Plot
Op 20 july 1969 hâldt de Amerikaanske astronaut Jim Lovell by him thús in feestje ta gelegenheid fan 'e moannelâning, wêrby't de gasten fia de tillefyzje folgje kinne hoe't Neil Armstrong fan 'e romtemisje Apollo 11 as earste minske in stap op 'e moanne set. Lovell, dy't mei de romtemisje Apollo 8 in skoft lang yn in baan om 'e moanne rûntsjedraaide, sil mei in jier mei de romtemisje Apollo 14 sels ek op 'e moanne lânje. Nei't de gasten ôfset binne en hy en syn frou Marilyn yn oansketten tastân op túnstuollen nei de moanne lizze te stoarjen, fertelt er har hoe't er dêr nei útsjocht.
In fearnsjier letter fersoarget Lovell yn Houston in rûnlieding foar VIP's troch it Vehicle Assembly Building fan 'e Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA, wannear't er ynienen troch syn baas Deke Slayton fuortroppen wurdt. It docht bliken dat in bemanningslid foar de Apollo 13-misje in earûntstekking opdien hat. Om 'e bemanningsleden, dy't opinoar ynspile binne, net útinoar te heljen, is dêrom besletten dat Lovell en syn bemanning Apollo 13 dwaan sille, en dat Alan Shepard-en-dy, de oarspronklike Apollo 13-bemanning, ynstee Apollo 14 taskood krije. Lovell en syn maten, Ken Mattingly en Fred Haise, begjinne fuortendaliks te trainen foar harren nije misje.
Inkele dagen foar de lansearring fan 'e Apollo 13-misje, yn april 1970, reitsje de bern fan ien fan 'e astronauten oanhelle mei reade hûn. Piloat Ken Mattingly is de iennichste astronaut dy't as bern dy sykte net hân hat en der dus gjin ymmuniteit foar opboud hat. Om't de astronauten suver oan ien wei troch deun opinoar sitte, moat derfan útgien wurde dat Mattingly ûnderwilens mei reade hûn besmet is en dat er no yn 'e ynkubaasjeperioade sit. Dat soe betsjutte dat er krekt ûnder de moannemisje slim siik rekket. De liedingjaanden fan 'e NASA beslute dat se sa'n risiko net nimme kinne. Dêrom wurdt Mattingly út it team helle en ferfongen troch reservepiloat Jack Swigert. As dat Lovell ferteld wurdt, kantet er him der bot tsjin oan. Dêrop wurdt er foar de kar steld: sûnder Mattingly de Apollo 13-misje dwaan, of oars wurdt it hiele team ferfongen en kin er letter mei Mattingly in oare misje krije. Lovell jout dan ta en akseptearret Swigert as trêde man.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Sa bot oft Lovell nei de Apollo 13-misje útsjocht, sa bot sjocht syn frou Marilyn der tsjin op. As de lansearring hieltyd tichterby komt, hat se op in nacht in nachtmerje wêryn't Lovell omkomt yn 'e romte. De oare deis fertelt se him dat se net nei it Kennedy Space Center yn Floarida komme sil om 'e lansearring by te wenjen, mei't se dat al fjouwer kear dien hat. Lovell is teloarsteld, mar akseptearret har beslissing. As it derop oankomt, betinkt Marilyn har lykwols en ferrast se har man troch dochs del te kommen om ôfskie te nimmen. De deis fan 'e lansearring glidet Marilyn har trouring fan har finger as se in dûs nimt en spielt troch it goatsgat foar't se him pakke kin. Se fettet dat op as in faai teken.
Op 'e krekte dei jout haad romteflecht Gene Kranz, dy't de lieding hat yn it Mission Control Center yn Houston, it griene ljocht foar de lansearring. Wylst de Saturn V-draachraket út 'e Ierdske atmosfear klimt, falt ien fan 'e fiif motors fan it twadde stadium foartidich út, mar it probleem wurdt opfongen troch de oare fjouwer justjes langer oan te hâlden, sadat de raket feilich in baan om 'e Ierde berikt. Nei't de motors fan it trêde stadium opstart wurde om út 'e baan te brekken en Apollo 13 nei de moanne te stjoeren, fiert Swigert súksesfol in meneuver út om 'e kommandomodule Odyssey om te kearen en oan 'e moannelâningsmodule Aquarius te keppeljen, sadat de beide ûnderdielen tegearre by de raket wei gean kinne, dy't syn doel folbrocht hat.
Op 'e trêde deis fan 'e misje, as Apollo 13 likernôch fjouwerfyfde part fan 'e ôfstân nei de moanne ôflein hat, aktivearret Swigert yn opdracht fan Mission Control de rierfentilator yn 'e tanks mei floeibere soerstof. In elektryske koartsluting makket dat ien fan 'e tanks eksplodearret, mei as gefolch dat it oangrinzgjende diel fan 'e sydkant fan 'e tsjinstmodule fuortslein wurdt. De dielen fan it romtefartúch dêr't de astronauten yn sitte, de Odyssey en de Aquarius, bliuwe aldergeloks wol yntakt, mar in twadde soerstoftank blykt lek en de soerstof dêrút brûst de romte yn as wie it in strielmotor, sadat it romtefartúch alle kanten út rôlet en tommelet. Lovell ropt it Mission Control Center yn Houston op mei de legindaryske wurden: "Houston, wy hawwe in probleem."
Yn Houston wurdt Kranz troch haad brânstof Sy Liebergot fan 'e needsaak oertsjûge om twa fan 'e trije brânstofsellen fan 'e Odyssey ôf te sluten, mei't dat de bêste kâns jout om it lek te tichtsjen. It wurket lykwols net en de twadde soerstoftank rint hielendal leech. Mei mar ien brânstofsel ta har foldwaan is in moannelâning foar Apollo 13 net mear mooglik. It nije doel fan 'e misje is om te sjen dat Lovell, Haise en Swigert libben en wol thúskomme. Lovell en Haise starte de Aquarius op om as in soarte fan rêdingssloep te tsjinjen, wylst Swigert de Odyssey ôfslút om safolle mooglik enerzjy yn 'e akku's te behâlden foar de weromkear nei de Ierde. Underwilens rekrutearret yn Houston manager brânstof John Aaron de efterbleaune astronaut Ken Mattingly (dy't dochs gjin reade hûn krigen hat) om in proseduere te ymprovisearjen om 'e Oddysey mei minimale enerzjy wer op te starten foar de lâning op 'e Ierde.
Kranz-en-dy komme ta de konklúzje dat der net genôch enerzjy is om Apollo 13 rjochtsomkeart meitsje te litten, dat se beslute dat de misje de hjoeddeistige koers oanhâlde moat. Troch in heale baan om 'e moanne te meitsjen kin de swiertekrêft fan dat himellichem brûkt wurde om it romtefartúch werom nei de Ierde te slingerjen sûnder dat der noch mear enerzjy ferbrûkt hoecht te wurden. Wylst de bemanningsleden it oerflak fan 'e moanne ûnder harren foarbyglydzjen sjogge, nimme se eefkes de tiid om te betreurjen dat se dêr no net lânje kinne. Dêrnei konsintrearje se har op 'e drege put om wer thús te kommen.
Om enerzjy te besparjen wurdt de Aquarius mei minimale krêft geande holden, wat betsjut dat de bemanning te lijen hat ûnder yntinse kjeld. Ta oermjitte fan ramp rekket Haise oanhelle mei in blaasûntstekking en kriget koarts. Under de barre omstannichheden helje de bemanningsleden ferbaal nei inoar út. Swigert fermoedet dat Mission Control harren bedonderet en dat al lang dúdlik is dat se net te rêden binne. Haise jout yn argewaasje Swigert de skuld fan alle swierrichheden, dy't ommers begûnen doe't hy de knop fan 'e rierfentilators yndrukte. Swigert reägearret poerrazen, krekt om't hy himsels ek al oan ien wei troch ôffrege hat oft er soms wat ferkeard dien hat. Lovell brûkt syn rang as gesachfierder om it near op alle ûnienichheid te lizzen.
In folgjend probleem kundiget him oan: om't de Aquarius inkeld brûkt wurde soe om del te gean nei de moanne en mar twa fan 'e trije astronauten nei de moanne gean soene, binne de koalstofdioksidefilters fan 'e Aquarius net berekkene op 'e útazemings fan trije persoanen. Fan gefolgen berikt de konsintraasje fan koalstofdiokside yn 'e lucht yn 'e Aquarius al rillegau in gefaarlik heech nivo. Om it simpel te sizzen: de astronauten binne harrensels oan it fergiftigjen troch har eigen sykheljen. Der binne genôch koalstofdioksidefilters foar de Odyssey oan board, mar dy binne fjouwerkant, wylst de Aquarius der rûne gatten foar hat. Mission Control jout in groep technisy opdracht om inkeld mei guod dat oan board fan it romtefartúch is in oplossing te betinken om in fjouwerkant ding yn in rûn gat te stopjen. De mannen komme op 'e lapen mei in Rube Goldberg-apparaat, ferneamd nei de lieder fan 'e groep, dat de astronauten neimeitsje moatte.
As Apollo 13 deunby de Ierde komt, driget it romtefartúch sa skean yn te fleanen, dat er as in sweltsjetippend stientsje fan 'e atmosfear ôf stuiterje soe om yn 'e romte te ferdwinen. Der moat dêrom in koerskorreksje trochfierd wurde, mar sûnder it kompjûtersysteem op te starten, want dat soe tefolle enerzjy fergje. It slagget Lovell en in ferswakte Haise mei muoite om 'e koerskorreksje hânmjittich te dwaan, wylst Swigert de sekonden ôftelt dat de motor oanbliuwe moat. Underwilens bodzje Mattingly en Aaron noch altyd om in manear te finen om 'e kompjûter fan 'e kommandomodule wer op te starten sûnder tefolle enerzjy te brûken. Dat liket net te slagjen, oant Mattingly in helder idee kriget en foarstelt om 'e restenerzjy út it systeem fan 'e Aquarius oer te 'pompen' nei it systeem fan 'e Odyssey.
De bemanning ferhuzet wer fan 'e Aquarius nei de Odyssey, wêrnei't Mattingly in trochwurge Swigert troch de ûnbekende proseduere hinne praat. As se de tsjinstmodule loskeppelje en efterlitte, en se dy sadwaande foar it earst goed sjen kinne, is de bemanning ferbjustere oer hoe grut oft de skea is. De bemanning liket, faaks troch wurgens, noch net betocht te hawwen wat dat foar harren betsjutte kin, mar by Mission Control wurde besoarge blikken útwiksele om't soks op 'e mooglikheid wiist dat it ablative hjitteskyld fan 'e kommandomodule kompromittearre is. As dat sa is, sil de module by it yngean fan 'e atmosfear fan 'e Ierde opbaarne mei de dea fan 'e astronauten ta gefolch.
De Odyssey stjit ek de Aquarius ôf en komt de atmosfear binnen, wêrnei't in perioade fan radiostilte folget omreden fan 'e ionisearringsblack-out. As dy langer oanhâldt as normaal, frezet eltsenien it slimste, mar lang om let rapportearret Lovell dat alles goed ferrûn is en dat de kommandokapsule oan syn parasjutes delsakket boppe de westlike Stille Oseaan. De wrâld folget mei ferromming op 'e tillefyzje hoe't de Odyssey delkomt yn see, wêrnei't de trije astronauten oppikt wurde troch helikopters fan 'e Amerikaanske Marine, ôfkomstich fan it fleandekskip de USS Iwo Jima. De mannen wurde as helden ynhelle. Yn in voice-over fertelt Lovell dat hy neitiid net wer de romte yn gien is, en Haise en Swigert likemin. Haise soe mei Apollo 18 nei de moanne, mar dy misje waard fuortbesunige. Ken Mattingly, dy't nea fan syn libben reade hûn krije soe, gie letter noch wol nei de moanne, mei Apollo 16. Lovell einiget mei te sizzen dat er soms by nacht omheech stoarret nei de moanne, en him ôffreget wannear't de minskheid dêr weromkeare sil.
Rolferdieling
- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Jim Lovell, gesachfierend astronaut | Tom Hanks |
Fred Haise, astronaut, piloat moannelâner | Bill Paxton |
Jack Swigert, astronaut, piloat kommandomodule | Kevin Bacon |
Ken Mattingly, astronaut, oan 'e grûn bleaun | Gary Sinise |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Gene Kranz, haad Romteflecht-Wyt Team, Mission Control Center fan 'e NASA yn Houston | Ed Harris |
Marilyn Gerlach Lovell, frou fan Jim Lovell | Kathleen Quinlan |
Christopher C. Kraft jr., direkteur fan 'e NASA | Joe Spano |
Deke Slayton, direkteur Flechtbemanningsoperaasjes | Chris Ellis |
Jerry Bostick, haad FIDO | Ray McKinnon |
Sy Liebergot, haad brânstof | Clint Howard |
John Aaron, manager brânstof | Loren Dean |
Mary Haise, frou fan Fred Haise | Tracy Reiner |
Blanche Lovell, mem fan Jim Lovell | Jean Speegle Howard* |
Barbara Lovell, âldste dochter fan Jim Lovell | Mary Kate Schellhardt |
Jay Lovell, âldste soan fan Jim Lovell | Max Elliott Slade |
Susan Lovell, jongste dochter fan Jim Lovell | Susan Ann Lloyd |
Jeffrey Lovell, jongste soan fan Jim Lovell | Miko Hughes |
Glynn Lunney, haad Romteflecht-Swart Team | Marc McClure |
Charles A. Berry, flechtdokter | Christian Clemenson |
Henry Hurt, meiwurker p.r. | Xander Berkeley |
himsels (op argyfbylden) | nijskommentator Walter Cronkite |
haad Flechtaktiviteiten | Todd Louiso |
haad telemetry, elektrisiteit, evakuaasje (TELMU) | Jim Meskimen |
haad flechtsimulator 1 | Carl Gabriel Yorke |
Neil Armstrong, gesachfierend astronaut Apollo 11 | Mark Wheeler |
Buzz Aldrin, piloat moannelâner Apollo 11 | Larry Williams |
Pete Conrad, gesachfierend astronaut Apollo 12 | David Andrews |
John Young, reservegesachfierder Apollo 13 | Ben Marley |
kapsulekommunikator 1 (CAPCOM 1) | Brett Cullen |
kapsulekommunikater 2 (CAPCOM 2) | Ned Vaughn |
dûmny | Rance Howard** |
Jane Conrad, frou fan Pete Conrad | Michele Little |
kaptein fan 'e USS Iwo Jima | Jim Lovell cameo |
*) de mem fan regisseur Ron Howard
**) de heit fan regisseur Ron Howard
Produksje en distribúsje
Produksje
Apollo 13 waard regissearre troch Ron Howard nei in senario fan William Broyles jr., Al Reinert en John Sayles (hoewol't dy lêste gjin fermelding op 'e ôftiteling krige). It skript wie basearre op 'e memoires fan astronaut Jim Lovell oan 'e Apollo 13-misje, mei as titel Lost Moon (frij fertaald: "De Moanne Kwytrekke"). As produsint wie Brian Grazer by it projekt belutsen foar de filmstudio's Universal Pictures en Imagine Entertainment. Foar de film wie in budget beskikber fan $52 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Dean Cundey, en de filmmuzyk waard fersoarge troch James Horner.
Casting
Astronaut Jim Lovell, op waans memoires de film basearre waard, hie oarspronklik Kevin Costner yn gedachten om himsels te spyljen. Reden dêrfoar wie dat de beide mannen fan gesicht wol wat opinoar lieken (en dat Costner in tige goede akteur wie, fansels). By it skriuwen fan it skript hiene ek de senarioskriuwers sadwaande Costner as haadrolspiler yn gedachten. Tsjin 'e tiid dat Ron Howard as regisseur oansteld waard, hie lykwols in oare foaroansteande akteur, Tom Hanks, al blyk jûn fan belangstelling foar de rol fan Lovell. Howard wie de wrâld te ryk en caste him daliks yn dy rol, en oan 'e casting fan Costner waard sadwaande nea serieus omtinken jûn. John Travolta, dy't grutte belangstelling foar loft- en romtefeart hat, hie ek belangstelling foar de rol fan Lovell en ynformearre dêrnei, mar waard troch Howard beleefd wegere.
John Cusack waard de rol fan Fred Haise oanbean, mar hy sloech dat oanbod ôf. Brad Pitt waard de rol fan Jack Swigert oanbean, mar hy keas derfoar om ynstee de plysjefilm Seven te meitsjen. Howard nûge Gary Sinise út om audysje te dwaan foar in haadrol nei kar salang't it Lovell mar net wie, en Sinise keas doe de rol fan Ken Mattingly. Yn 'e oare beide haadrollen fan Haise en Swigert waarden úteinlik Bill Paxton en Kevin Bacon cast. Om har ta te rieden op harren rollen ûndergiene Hanks, Paxton en Bacon allegearre in echte astronautetraining yn it U.S. Space Camp yn Huntsville (Alabama), dêr't Jim Lovell en David Scott, de gesachfierder fan Apollo 15, de lieding oer hiene.
Opnamen
De opnamen foar Apollo 13 setten yn augustus 1994 útein. Regisseur Ron Howard foarseach swierrichheden mei it op reälistyske wize yn byld bringen fan in steat fan gewichtsleazens yn 'e romte. Hy gie te rie by Steven Spielberg, dy't him oanrikkemandearre om te filmjen oan board fan in KC-135-fleanmasine. Dy kin sa heech klimme en steil omleech gean dat der yn it fleantúch likernôch 23 sekonden lang in steat fan gewichtsleazens ûntstiet. Dat is in metoade dy't de NASA al lange tiid brûkt hat om takomstige astronauten mei sa'n sitewaasje bekend te meitsjen. Howard frege en krige de meiwurking fan 'e NASA om soks foar syn film te dwaan en filme op dy manear 3 oeren en 54 minuten oan byldmateriaal yn in steat fan gewichtsleazens by 612 meneuvers mei in KC-135. Dat sparre gâns tiid en jild út, mei't it folle tiidrôvjender en djoerder west hawwe soe om sokke bylden nei te bearen mei 'gewoane' opnamen oanfolle mei special effects.
Distribúsje
De distribúsje fan Apollo 13 waard fersoarge troch Universal Pictures. De film gie op 30 juny 1995 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 27 juny by platemaatskippij MCA Records. Apollo 13 waard op 21 novimber 1995 útbrocht as VHS-keapfideo. De film kaam yn 2005 beskikber op dvd en op 13 april 2010 ek op blu-ray.
Untfangst
Fan 'e filmkritisy krige Apollo 13 oer it algemien tige positive resinsjes. Sa skreau Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times: "Dit is in yndrukwekkend ferhaal, ien fan 'e bêste films fan it jier, ferteld mei grutte helderheid en yn opmerklik technysk detail, en aktearre sûnder oerdreaune dramatyk." Yn it tydskrift Time skreau Richard Corliss: "Fan lansearring oant lâning jout Apollo 13 in geweldige rit wei." Peter Travers fan Rolling Stone skreau: "[Regisseur] Howard ûnthâldt him fan manipulaasje om yn pynlik en libben detail it wiere ferhaal te fertellen fan 'e hast fatale Apollo 13-romtemisje. It is fierwei Howard syn bêste film."
Yn The New York Times kwalisifisearre Janet Maslin Apollo 13 as "absolút geweldich", in film dy't "him ûntjout mei perfekte direktheid en sa de sjoggers belûkt yn 'e neiltsjebitende spanning fan in betsjoenend wierbard ferhaal." Edward Guthmann fan 'e San Francisco Chronicle wie minder wei fan 'e film. Hy fûn it gjin min ferhaal, mar hy skreau: "Ik woe wol dat Apollo 13 as film wat better wurke". Syn foarnaamste beswier wie dat de dielen fan 'e film oer de romtemisje en de eftergrûnferhalen oer de astronauten wêryn't benamme fokust waard op 'e húshâlding fan Jim Lovell, neffens him as los sân oaninoar hongen.
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Apollo 13 in tige heech goedkarringspersintaazje fan 96%, basearre op 96 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "By it werskeppen fan 'e problematyske romtemisje hâldt Apollo 13 him net yn: it is in masterlik ferteld drama fan regisseur Ron Howard, ûnderstipe troch in kloft solide aktearprestaasjes." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Apollo 13 in goedkarringspersintaazje fan 77%, basearre op 22 resinsjes.
Resultaat
Opbringst
Apollo 13 brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $173,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $181,4 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $355,2 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $52 miljoen betsjut dat in winst fan $303,2 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Apollo 13 de op twa nei meast opbringende film fan 1995, nei de aksjefilm Die Hard with a Vengeance en de tekenfilm Toy Story.
Prizen
Yn 1996 waard Apollo 13 by de Oscars nominearre foar prizen yn 9 kategoryen, wêrûnder bêste film, bêste byrol fan in akteur (Ed Harris), bêste byrol fan in aktrise (Kathleen Quinlan), bêste adaptearre senario, bêste orizjinele filmmuzyk, bêste artdirection en bêste fisuele effekten. De film wûn 2 Oscars, foar bêste filmmontaazje (Mike Hill en Daniel P. Hanley) en bêste lûdsmixing (Rick Dior, Steve Pederson, Scott Millan en David MacMillan).
By de Golden Globes waard Apollo 13 nominearre foar prizen yn 4 kategoryen: bêste film (drama), bêste regisseur, bêste byrol fan in akteur (Harris) en bêste byrol fan in aktrise (Quinlan). Alle prizen giene lykwols nei oare gadingmakkers. By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard Apollo 13 nominearre foar 5 prizen, wêrûnder bêste kamerarezjy, bêste filmmontaazje en bêste lûd. De film wûn de BAFTA's foar bêste produksje-ûntwerp en bêste special effects. Apollo 13 wûn ek twa Screen Actors Guild Awards, foar bêste akteur (Ed Harris as Gene Kranz) en bêste cast.
De film sleepte fierders nominaasjes yn 'e wacht foar de Hugo Award foar bêste dramatyske presintaasje, de Saturn Award foar bêste aksje-/aventoere-/skrillerfilm, de Young Artist Award foar bêste famyljefilm (drama), de Writers Guild of America Award foar bêste adaptearre senario en de MTV Movie Awards foar bêste film en bêste manlike haadrol (Tom Hanks as Jim Lovell).
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.